Projekten

Ferhale wedstriid BoekWinter Boekfeest: doch mei!

13 desimber 2019
Yn it ramt fan it BoekWinterBoekfeest organisearret Boeken fan Fryslân in ferhalewedstriid. Elkenien wurdt fan herten útnûge om in koart ferhaal fan 500 à 600 wurden te skriuwen yn it Frysk of yn ien fan de Fryske streektalen. It tema foar it feest en dus ek it ferhaal is ‘Koek en Sophie’.

Ynstjoeringen moatte uterlik freed 24 jannewaris binnen wêze op it e-mailadres info@boekenfanfryslan.nl en foarsjoen wêze fan namme en kontaktgegevens.

De winner wurdt op it feest sels bekend makke en mei dan syn of har ferhaal foardrage oan it publyk. Dat betsjut fuortendaliks in live-optreden mei oare Fryske skriuwers, lykas Sipke de Schiffart, Willem Schoorstra, Klaas Jansma, Baukje Zijlstra en Henk van der Veer, en live-muzyk fan it duo Weima & vd Werf. Dêrneist kriget de winner in boekepakket en wurdt it ferhaal publisearre op www.ensafh.nl.

Elkenien is fan herte wolkom by it BoekWinterBoekfeest op freed 31 jannewaris 2020, fan 20.00 oere ôf yn Café de Bakkersdochter yn Snits (Scharnestraat 17).