Projekten

Folle seal by presintaasje kadoboek ‘Rosmos’ op Frysk Boekebal yn Neushoorn

4 maart 2019
Mei it Frysk Boekebal yn Neushoorn, en de presintaasje fan it kadoboek Rosmos dêre troch Willem Schoorstra en de oanbieding fan it earste eksimplaar oan deputearre Poepjes, is de Moanne fan it Fryske Boek fan start gien. Sa’n 250 gasten wienen oanwêzich yn de Ljouwerter poptimpel, dêr’t ek tattoo-artyst Rinto Bekkema en de band Junkyard Dogs op it poadium stienen.