Foto: www.sirkwy.frl
Projekten

Josse de Haan (1941-2020)

3 novimber 2020
Op snein 1 novimber is skriuwer Josse de Haan yn Bayonne (Frankryk) ferstoarn. Hy groeide op yn Peins, in doarp noardeast fan Frjentsjer. De Haan folge de ûnderwizersoplieding oan de Rykskweekskoalle te Ljouwert. Hy publisearre fan 1962 ôf yn Quatrebras en letter yn Trotwaer en Hjir. Hy joech mei Meindert Bylsma, Reinder Rienk van der Leest en oaren it bondeltsje Broadtsje heal-om / Broodje half-om (1968) út, mar syn debútbondel Spegelbyld ferskynde earst yn 1971. Syn lêste roman Passys ferskynde okkerdeis by útjouwerij Afûk.

De Haan hat altyd yn it Frysk en yn it Nederlânsk dichte; troch syn stúdzje en wurk as learaar Nederlânsk wiene beide talen him like nei. Yn syn proaza brûkte er foaral it Frysk as earste taal. Tema’s yn syn poëzy wiene leafde, erotyk en it net by steat wêzen fan minsken om elkoar fia taal te berikken. Hoewol’t De Haan ek yn syn proaza eksperimintearre mei de foarm, wie foar him de ynhâld it wichtichst.

It kredo dat literatuer in funksje hat om de wrâld te feroarjen, stie by him rjocht oerein: ‘In skriuwer giet dêrom ek nea akkoard mei hoe’t de wrâld is’ (yn: De Nije, 30-06-1982). Dy opfetting kaam al yn syn surrealistyske debútroman Forneukte stêd ta utering. In oar tema yn syn romans, dat al yn syn earste wurk prominint nei foaren kaam, wie de befrijing fan seksuele taboes en it besykjen fan de iensume, moderne minske om troch seksueel kontakt oansluting mei de oar te krijen.

Josse de Haan soe in hiele rige dichtbondels, romans, novellen en toanielstikken skriuwe. Syn grutste en meast posityf ûntfongen wurk, de mânske roman Piksjitten op Snyp, ferskynde yn 1999. Dêryn beskriuwt de haadfiguer syn bernejierren yn it doarp Snyp, de literêre wjergader fan Peins. Begjin jierren njoggentich sette De Haan ek út ein mei it skriuwen fan byldpoëzij, troch him ‘anarkys’ neamd. Se ferskynden yn de rin fan de jierren yn tydskriften en yn syn sammelbondels fan nei 2000. Hy skreau ek in pear boeken mei essays, kritiken en polemiken.

De Haan wie ien fan de oprjochters en earste redaksjeleden fan Operaesje Fers (1968). Fierders wie er in skoftke redakteur fan de literêre tydskriften Quatrebras en Trotwaer. It lêste blêd wie ein 1968 ûntstien út ûnfrede mei de besteande blêden en as protest tsjin de doetiidske ynstituten (sa as subsydzjeferstrekkers en útjouwers). Tweintich jier letter wie it blêd neffens De Haan sels in ynstitút wurden. Hy rjochte doe syn eigen ienmanstydskrift op: iP²r90-Rendez Vous. It blêd ferskynde yn juny 1994 foar it lêst. De literêre fernijing dy’t yn de jierren sechstich fan de tweintichste iuw ek yngong krige yn de Fryske literatuer, hie yn Josse de Haan in waarm pleitbesoarger.

Syn boeken waarden lange jierren almeast útjûn troch de Koperative Utjouwerij (KU) te Boalsert. Begjin jierren njoggentich woe it bestjoer de útjouwerij oerdwaan nei de Afûk. De inisjatyfnimmers fan it begjin wiene it dêr net mei iens en hâlden de útjouwerij in skoft draaiend. Doe’t it letter dochs op ’e non rûn mei de KU, rjochte De Haan yn ’e mande mei Trinus Riemersma en dy syn frou Dineke Bos in nije eigen útjouwerij op: útjouwerij Venus, dy’t yn oktober 2008 wer opdoekt waard.

Yn 2007 krige er de Gysbert Japicxpriis foar syn wichtige bydrage oan de fernijing fan de Fryske literatuer, benammen as romanskriuwer fan Piksjitten op Snyp en de trije dêrop folgjende romans, en foar al syn krewearjen foar de ‘oare literatuer’ as essayist en as útjouwer.

Krekt foar syn ferstjerren ferskynde syn lêste roman: Passys. In ‘autofiksjonele’ roman oer in libben yn leafde en literatuer. Middels in assosjative manier fan wurkjen beskreau De Haan it libben fan de haadpersoan, dy’t yn meardere identiteiten nei foaren stapt, wêrby’t it doe, no en de takomst trochinoar hinne rinne. Ferdield oer seis dielen krijt de lêzer sa in byld fan in skriuwerslibben yn tsjinst fan ‘e literatuer.

Mear ynformaasje
– Syn biografy op Sirkwy
– Berjocht op Omrop Fryslân 02-11-2020