Projekten

Literêre jûn mei Annejet van der Zijl

10 febrewaris 2020
Bestsellerauteur en skriuwer fan it nasjonale Boekewikegeskink Annejet van der Zijl is dit jier de spesjale gast op de literêre jûn yn Ljouwert op sneon 7 maart. Oanlieding foar har komst is de start fan de Boekewike én it ferskinen fan de Fryske oersetting fan ‘har’ Boekewikegeskink Leon & Juliette. Njonken Van der Zijl is dêrom ek oersetter Baukje Zijlstra ien fan de haadgasten.

Dansschool Saco Velt, Sacramentsstraat 19, Ljouwert
Oanfang 21.00 oere, doarren iepen fan 20.30 oere ôf
Yntree € 10,00 (ynkl. 3 drankjes)

Kaartferkeap yn it foar by Boekhandel Van der Velde yn Ljouwert, Afûk Fryske boek- en kadowinkel yn Ljouwert en fia de Afûk websjop óf op de jûn sels oan de doar. Fol = fol.

Foar mear ynformaasje oer dizze en de oare literêre jûnen yn maart sjochst hjir.