Tialda Hoogeveen, foto: Balanina Photografy

BBA by it Praktykûnderwiis yn Drachten

6 februari

Hjoed is de Berneboeke-ambassadeur yn Drachten om mei learlingen fan it praktykûnderwiis oan de slach te gean mei it Frysk. Sân jongerein fan 15 oant mei 18 jier folgje it fak ‘Fryske taal en kultuer’ en wolle mear witte oer lêze en skriuwe yn it Frysk. Welke boeken kinst lêze ast lêzen dreech fynst? Hoe kinst yn it Frysk appe? En binne der ek printeboeken dy leuk binne foar jongerein?