Nijs oersjoch
By útjouwerij Afûk binne fannewike wer twa moaie nije boeken ferskynd: ien foar lytskes en ien foar grutten. Stikelbarchje Prikkeprik is in moai, stevich kartonboekje mei gedichtsjes oer bisten foar pjutten fan 1 jier ôf. Om is de nije roman fan Geart Tigchelaar wêryn’t hy inkelde ûnderfinings dy’t hy yn syn fytsreizen opdien hat, ferwurke […]
By de Afûk sykje wy in projektmeiwurker foarskoalsk (m/f) foar 20-24 oeren wyks. In ôfwikseljende baan yn in dynamyske organisaasje en – al sizze we ‘t sels – yn in super leuk team! Wat foar dy?
It Frysk moat mear en dúdliker te sjen wêze yn it deistich libben. Dêrom komt de provinsje Fryslân mei in plan om de sichtberens fan de Fryske taal te fergrutsjen. De provinsje wol yn oparbeidzjen mei it Ryk soargje dat der mear Frysk brûkt wurdt. Bygelyks as it giet om paadwiisbuorden yn de iepenbiere romte, kommunikaasje […]
Juster gie de tredde poëzijfideo fan de Dichter fan Fryslân yn premjêre op Omrop Fryslân TV. De nijste poëzijfideo is in muzikale ferfilming fan it gedicht ‘Asman’ en is ta stân kommen yn gearwurking mei Omrin.
Fan 6 oant en mei 14 maart is it Fryske Boekewike. Spesjaal foar dy gelegenheid skreau Hilda Talsma it Frysk Kadoboek 2021: Lockdownleafde, in spannend en humoristysk ferhaal mei in gastrol fan Connie (Onnie) Kamstra. Krigest it de hiele wike fergees by oankeap fan in boek yn dyn (online) boekwinkel.
Bisto op syk nei in boek, in (Frysk) kadootsje of wat oars en kinst it yn de websjop net fine of wolst graach persoanlik advys? Fan woansdei 3 maart o.s. ôf ferwolkomje wy dy graach, hielendal koroana-proof, wer yn ús moaie Boek- en Kadowinkel oan de Bûterhoeke yn Ljouwert! Meitsje gau in ôfspraak!
In nije Frysktalige podcast yn de foarm fan in fjouwerdielich harkspul makket de lockdown ynkoarten wat draachliker. Fan 3 maart ôf is yn in ûnsinnich ferhaal de kantoarthriller Gaazte Sjoerd te hearren fia de webside fan de Moanne, tydskrift en poadium foar kultuer en de keunsten.
De band It Dockumer Lokaeltsje is de winner fan de Bernlefpriis 2020. De priis waard op sneon 20 febrewaris útrikt op in spesjale digitale edysje fan de Frysk Popawards. Gitarist Sytse van Essen en sjonger/bassist Peter Sijbenga krigen in sjek fan € 1500 en in byldsje. De Bernlefpriis is in jierlikse priis wêrmei’t de provinsje […]
Fan 21 oant 26 febrewaris fiere wy Ynternasjonale Memmetaaldei mei #FryskSichtber. Yn dy wike wolle wy de Fryske taal safolle mooglik sichtber meitsje. Om’t wy tsjinwurdich in soad tiid efter it skerm sitte yn Teams of Zoom of oare wurk-/oerlisomjouwingen, hawwe wy fjouwer digitale eftergrûnskermen makke dy’tst brûke kinst by dyn oerlis- en bypraatmominten.
Alle skoallen yn Fryslân kinne fan 22 febrewaris ôf in subsydzje oanfreegje foar it ferbetterjen fan it fak Frysk. De kommende fjouwer jier is der alle jierren € 800.000 beskikber foar bygelyks neiskoalling fan dosinten Frysk, ekstra lesmateriaal en it ferfangen fan dosinten dy’t in oplieding Frysk folgje.
Nynke Heeg, Hein Jaap Hilarides en Jannes van der Velde binne troch Deputearre Steaten beneamd as leden fan de advyskommisje foar de Gysbert Japicxpriis 2021. Dy priis foar Frysk literêr wurk wurdt op sneon 6 novimber útrikt. Provinsje Fryslân, Tresoar, gemeente Súdwest Fryslân en de Gysbert Japicx Holckema Stichting organisearje yn dy moanne in literêr […]
Op 21 febrewaris is it Ynternasjonale Memmetaaldei. Dy dei is op inisjatyf fan Unesco yn it libben roppen en bestiet dit jier 20 jier. Om dat te fieren hat Praat mar Frysk in spesjale aksje betocht dy’t ekstra omtinken jout oan de sichtberheid fan ús memmetaal, it Frysk. En elkenien kin fansels meidwaan.
Mei in folslein nije en ynnovative kampanje moatte learlingen fan it fuortset ûnderwiis ynspirearre wurde om it Frysk as eksamenfak te kiezen. Dy kar sil ynkoarten wer makke wurde moatte en de Afûk, SJB Media en Omrop Fryslân wolle learlingen dêrby helpe troch sjen te litten hoe leuk, mar ek hoe oft wichtich it Frysk […]
Suf en âlderwetsk? Wolnee, de Fryske taal en kultuer binne krekt potinsjele trekpleisters. Studinten fan it Friesland College wurkje oan ideeën foar it Frysk as toeristyske erfaring. Okkderdeis presentearren studintes Adri Marloes, Fleur, Amber, Charlotte en Inge (online) harren konsept om mear mei de Fryske taal en kultuer te dwaan om it figuerke Tomke hinne […]
Us kollega’s fan de winkel binne hjoed, moandei 8 febrewaris, net op lokaasje oanwêzich. Dat betsjut dat bestellings – partikulier en saaklik – dy’t sneon, snein of hjoed dien binne/wurde, net earder as moarn ôfhannele wurde.
Lêzen sit yn ‘e lift, mar skriuwers ha tidens de lockdown grutte muoite om harren lêzers te moetsjen fia de fysike boekhannels, bibleteken of skoallen. Dêrom komt it Nederlands Letterenfonds yn gearwurking mei De Schrijverscentrale en de Koninklijke Boekverkopersbond mei in nije steunmaatregel om optredens fan skriuwers en yllustrators te stimulearjen. Sa wurde fan ‘t […]
De kommende twa jier rint Geart Tigchelaar yn syn nije funksje as Streekdichter Noardeast-Fryslân alle lêste woansdeis yn ‘e moanne mei in sandwichboerd op ‘e merk fan Dokkum. Op it boerd in gedicht. Fan himsels, fan foargongers en fan oare dichters (dy’t bygelyks yn ‘e omkriten fan Dokkum berne binne).
Elke earste sneon fan de moanne stiet er yn de Ljouwerter Krante: de Afûkside. In side fol ynformaasje en nijs oer ús projekten en produkten én mei nijsgjirrige boeketips foar lyts en grut. Sneon 6 febrewaris binne we der wer!
Alle moannen kieze wy 10 titels út foar ús boeketip 10. In boek of tydskrift fertsjinnet in plakje op de list omdat it bygelyks krekt ferskynd is. Of omdat it goed by de tiid fan it jier past. Of gewoan omdat it de muoite wurdich is om der in ljochtsje op te setten. Nûmer 1 […]
De Rely Jorritsmapriisfraach foar Fryske ferhalen en gedichten 2021 is iepensteld. It is de 67ste kear dat de priisfraach útskreaun wurdt. Wa’t gading meitsje wol, kin in ferhaal en/of fers ynstjoere. In ûnôfhinklike sjuery hifket de ynstjoeringen anonym en kin maksimaal kinne fiif ferhalen en fiif fersen bekroane. Elk bekroand ferhaal of gedicht wurdt honorearre […]
Op 28 jannewaris, nasjonale gedichtedei, hawwe Merk Fryslân en Ljouwert UNESCO City of Literature yn Ljouwert it mienskiplik projekt ‘Wjerspegelje’ lansearre. Yn Post-Plaza waard it nijste gedicht fan Dichter fan Fryslân Nyk de Vries ûntbleate, dat dêr diel fan útmakket. ‘Wjerspegelje’ brûkt it ferplichte 20-sekonden-hannewaskmomint om Fryske dichters in nij poadium te jaan.
De ôftraap fan de Fryske Boekewike 2021 sil op sneontejûn 6 maart om 20.00 oere semi-live útstjoerd wurde op Omrop Fryslân telefyzje fanút de Westertsjerke yn Ljouwert. Spesjale gast is de skriuwster fan it Fryske kadoboek Hilda Talsma. De útstjoering, mei nijsgjirrige ynterviews, muzyk en foarpriuwkes, foarmet de feestlike ôftraap fan de Fryske Boekewike dy’t […]
Wat hat in kleanwinkel mei it Frysk? Wat smyt dat op en hoe wurdt it brûkt yn de ferkeap? De froulju fan Klean & sa yn Twizelerheide fertelle dy persys wat it Frysk harren opsmyt!
By útjouwerij Afûk binne okkerdeis wer twa prachtige nije berneboeken ferskynd. ‘Ik bliuw by dy’ is in leaf boek oer freonskip bedoeld foar bern fan 0-4 jier mar ek super leuk as kadootsje foar Falentyn. Mei ‘It Bijeboek’ (8-12 jier) dûke bern yn de wûndere wrâld fan de bij. Wêrom binne se sa belangryk foar […]
Op 21 febrewaris is it Ynternasjonale Memmetaaldei. Dizze dei is op inisjatyf fan Unesco yn it libben roppen en bestiet dit jier 20 jier. Om dat te fieren hawwe wy in spesjale aksje betocht dy’t ekstra omtinken jout oan de sichtberheid fan ús memmetaal, it Frysk. En do kinst fansels meidwaan.
Fynsto it nijsgjirrich om mear te witten oer de psychology achter taal, oer dyn taalgedrach en dyn taalgewoantes? Dan is de workshop ‘Psychology fan dyn taal’ wat foar dy. Yn febrewaris organisearje wy dizze workshop 4 kear online. Hielendal fergees.
Fan de Fryske skriuwster Tialda Hoogeveen, op dit stuit súksesfol mei ‘De geur van hooi’, is by útjouwerij Afûk har earste fiksjeboek ‘Wurden fan Timo’ ferskynd. ‘Wurden fan Timo’ is boppedat har debút yn it Frysk én har earste boek yn de kategory ‘young adult’. Har idee foar in boek oer in famyljedrama dêr’t de […]
Yn de nije edysje fan de Foarlêsgids fynst in moai oersjoch fan aktuele Fryske berneboeken. Leuk om te besjen en ynspiraasje op te dwaan. En wistest dat foarlêzen net allinne leuk is mar dat it ek de bân mei dyn bern fersterket en goed is foar de opbou fan de wurdskat en fierdere taalûntwikkeling? Lekker […]
Mozilla Common Voice organisearret mei Campus Fryslân en Hogeschool van Amsterdam fan 15 oant en mei 22 jannewaris 2021 in Voice Challenge tusken it Nederlânsk en it Frysk. De taal dy’t yn ien wike de measte minuten ynsprutsen en falidearre wurdt, wint. Dochsto ek mei? Ynsprekke kin ienfâldich thús fia dyn telefoan, tablet of kompjûter. […]
De boekhannels binne troch koroana tydlik ticht. Mar, wy steane klear om dy thús fantastyske boeken te besoargjen. Boeken dêr’tst dysels of in oar, jong en âld, in soad plezier mei dwaan silst. Dus keapje nó in boek. En soargje derfoar dat dyn meast favorite boekwinkel ek nei de lockdown noch bestiet. Sjoch gau op […]
Do hâldst fan dyn eigen taal. It is de taal dy’tst brûkst om tsjin dyn mem te sizzen dat sy it alderbêste iten siede kin. Of om yn te skellen, ast lilk bist. Wêryn’st tsjin dyn famylje goenacht seist. Sprekst thús in oare taal as it Nederlânsk en wolst mei dyn memmetaal meidwaan om in […]
Studintes Emma, Iris, Marta en Nova fan Universiteit Leiden / Leiden University ûndersykje foar harren stúdzje kulturele antropology hoe sterk de taal ferbûn is mei de Fryske mienskip en hoe’t dit yn ferbining stiet mei it gefoel fan identiteit. Dêr ha se in fragelist foar makke dy’t eltsenien dy’t yn Fryslân wennet of wenne hat, […]
Op 30 oktober 2020 wie Berneboeke-ambassadeur Lida Dykstra op besite op de Master Frankeskoalle yn Earnewâld om te fertellen en foar te lêzen. Marije (8) út groep 4 hold al fan lêzen, ferhaaltsjes betinken en skriuwen, mar doe’t se allegear nije ynspiraasje krige troch de BBA wie se der wis fan: sy wol letter ek […]
Yn 2021 wurdt Tomke25 jier! Njonken feestlike (ekstra) aktiviteiten en it ferskinen fan nije materialen en boekjes, is dat ek in moaie oanlieding om in skriuwwedstriid te organisearjen. Foar de kommende jierren sykje wy ien of mear skriuwers om de skriuwgroep oan te foljen. Soesto ek ferhalen skriuwe wolle oer it libben fan Tomke? Doch […]
Elke earste sneon fan de moanne stiet er yn de Ljouwerter Krante: de Afûkside. In side fol ynformaasje en nijs oer ús projekten en produkten én mei nijsgjirrige boeketips foar lyts en grut. Sneon 9 jannewaris binne we der wer!
Alle moannen kieze wy 10 titels út foar ús boeketip 10. In boek of tydskrift fertsjinnet in plakje op de list omdat it bygelyks krekt ferskynd is. Of omdat it goed by de tiid fan it jier past. Of gewoan omdat it de muoite wurdich is om der in ljochtsje op te setten. Nûmer 1 […]
Juster gie yn it programma Fryslân Dok op Omrop Fryslân T, de twadde fan in searje koarte poëzijfilms fan de Dichter fan Fryslân Nyk de Vries yn premjêre . De twadde poëzijfilm is basearre op it krystgedicht ‘Hoe komt it moarn’. Yn it projekt mei filmmakker Herman Zeilstra sille sân gedichten fan de Dichter fan […]
De 1e printinge fan de Fryske edysje fan Pippi Langkous wie samar útferkocht. Gelokkich leit no de 2e printinge yn de (web)winkel. Alle Pippi-fans dy’t ‘útferkocht’ te hearren krigen, kinne no har slach slaan. Super leuk om kado te dwaan mar ek hearlik om sels te lêzen!
It team fan Praat mar Frysk gie op besite by Birhanu Rispens fan Rispens Totaalservice út Metslawier. Wat hat hy mei it Frysk en wat smyt it him op?
Juster is oan de Skrâns yn Ljouwert in nije poëzijstien lein mei in gedicht fan Nyk de Vries as Dichter fan Fryslân. It gedicht ‘Asman’, oersetten troch Anne Feddema, is yn opdracht fan Historisch Centrum Leeuwarden spesjaal skreaun foar it 150-jierrige jubileum fan de Ljouwerter stedsreiniging.
Fan ’e wike ferskine tagelyk by de Fryske útjouwerij Afûk en by de Faeröerske útjouwerij Bókadeild Føroya Lærarafelags twa bysûndere nije boeken. ‘De Beam’ is de Fryske titel fan it oarspronklik Faeröerske printeboek TRÆIÐ, skreaun en tekene troch Bárður Oskarsson. ‘Tije – drongurin og rottumaðurin’ is de Faeröerske titel foar it oarspronklik Fryske (foar)lêsboek ‘Tije’, […]
It is tiid foar in nije koers by de Moanne. Ynhâldlik, organisatoarysk en yn foarm. Tialda Hoogeveen nimt mei yngong fan 1 jannewaris 2021 de einredaksje oer fan Sito Wijngaarden, dy’t 10 jier lang dy funksje útfierd hat. Dêrneist ferhuzet it blêd fanút de Afûk nei in nij ûnderdak yn de Blokhúspoarte yn Ljouwert. It […]
Elke earste sneon fan de moanne stiet er yn de Ljouwerter Krante: de Afûkside. In side fol ynformaasje en nijs oer ús projekten en produkten én mei nijsgjirrige boeketips foar lyts en grut. Moarn binne we der wer!
De Fryske edysje fan Pippi Langkous is populêr, it boek is yn in pear wike tiid oan de twadde printinge ta. De earste oplage fan 1000 stiks dy’t mids novimber ferskynde by útjouwerij Afûk is hast útferkocht. Oer twa wiken leit de twadde printinge yn de boekhannel.
Frysk literêr tydskrift Ensafh organisearret wer syn jierlikse Grutte Gedichtejûn. It is lykwols ditkear gjin poëzymaraton yn in smûk kafee, it barren sil folslein digitaal wêze op freedtejûn 5 febrewaris 2021 om 19:30 oere. De jûn wurdt nammentlik op it YouTube-kanaal fan Ensafh útstjoerd. Om dy reden wurde alle dichters en foarlêzers, ryp en grien, […]
Takom jier sil der in nij Tomke-spul oanbean wurde oan pjutteboartersplakken en bernesintra. It spul is betocht troch studinten fan ROC Friesland College. De ofrûne perioade binne sa’n 50 studinten fan de oplieding ‘pedagogisch werk en onderwijsassistent’ hurd oan it wurk west om dit nije Tomke-spultsje te ûntwikkeljen. De sjuery hat ien groepke ta winner […]
Mei yngong fan tongersdei 3 desimber is de Afûk Fryske boek- en kadowinkel ek te finen yn OBE, it poadium foar literatuer, keunst en taal oan it Heer Ivostraatje yn Ljouwert. De winsk foar in ‘pop-up’ winkel, wat tichter by it winkeljend publyk yn de Ljouwerter binnenstêd, bestie al langer. No is it safier.
Alle kado’s al yn hûs of op de falreep noch wat skoare? Pakjesjûn komt hieltyd tichterby en ast noch net alles yn hûs hast kin dat dizze wike noch. Afûk-meiwurkers helpe dy in hantsje want sy jouwe tips foar de moaiste kadootsjes foar pakjesjûn.
Nij ferskynd by de Afûk: ‘Myn grutte syk- en ûntdekboek – Fan alles wat rydt, fart of fljocht’. In prachtich, ryk yllustrearre kartonboek foar in hiel soad syk- en sjochwille. Witsto wat der allegear yn de stêd omrydt? En witsto de nammen fan de grutte masines op de buorkerij en it bouplak? Op de grutte […]
It LISTEN-projekt hat in eigen meartalige website. It projekt hat as doel om minderheidstalesprekkers hanfetten te jaan om harren taal mear en faker te praten, ek yn sitewaasjes wêrby’t it net altyd wis is oft de oar him of har wol ferstiet. Yn it ramt fan it projekt wurde yn ferskate taleregio’s treningen ûntwikkele om […]
Praat mar Frysk gie op besite by Daniël van der Meulen fan Orthodontiepraktijk Leeuwarden. Wat hat hy mei it Frysk en wêrom is it sa fijn dat je Frysk prate kinne by him yn ‘e praktyk? En wêrom wie Berneboekeambassadeur Lida Dijkstra by him op besite?
It earste eksimplaar fan it nije berneboek Jou my de romte! is freed 20 novimber oanbean oan learlingen fan mienskipsskoalle ‘Bloei’ yn Terherne. Earder waard dêr ek it bybehearrende escape(class)room-spul lansearre. Jou my de romte! is skreaun troch Bart Kingma en giet oer Anno N., dy’t as learling fan groep 7 slim pest waard.
Neist de gewoane heit&mem – nûmer 2 is krekt ‘vers van de pers’ – ha wy dit jier in ekstra online kadootsje foar jim: in heit&mem feestdagen-edysje! In waarm e-magazine mei prachtige wintergedichten en -ferhalen, fijne boeketips, grappige bernepraatsjes, leave foto’s fan bern mei harren bear, desimbertips foar bern dy’t gefoelich binne foar al dy […]
Hawwe jim de nije heit&mem al sjoen? It tydskrift foar âlders foar bern fan 0-12 jier, yn it Frysk en it Nederlânsk, is ynkoarten wer rûnom yn de provinsje te krijen. Hielendal fergees! Yn it blêd lêst dit kear oer ûnder oaren de biologyske toskedokter, famylje-opstellingen, bern dy’t blyn binne, heit Syb en mem Adriana, […]
Evelyn Bosma en Naomi Nota hawwe de Klokhuis Wetenschapsprijs 2020 wûn mei harren ûndersyk nei hoe’t twatalige bern yn Fryslân lêze. De winner waard ôfrûne snein fia in livestream bekendmakke. Der wiene rom 60 ynstjoerings foar de priis wêrfan’t úteinliks noch tsien kâns makken om te winnen. Rom 4.000 bern brochten harren stim út.
By útjouwerij Afûk is de Fryske edysje fan Pippi Langkous ferskynd. It boek is útjûn ta eare fan de 75ste jierdei fan it sterkste famke fan de wrâld en befettet de dielen Pippi Langkous, Pippi Langkous giet oan board en Pippi Langkous yn Taka-Tuka-lân. De Fryske oersetting, út it Sweedsk wei, is fan Martsje de […]
Hasto de nije Praat mar Frysk-app al? Hy wachtet op dy yn dyn appstore! In handich Frysk wurdboek mei audio, Fryske GIFkes en de Blinder of Blunder-taalkwis. Hielendal fergees!
Yn Fryslân groeie de measte bern op mei mear as ien taal. Hoe sjocht sa’n twa- of meartalige ûntwikkeling derút? Wat binne de foardielen? En hoe kinst as âlder of fersoarger dy ûntwikkeling sa goed mooglik begeliede? De animaasje ‘Meartalich opfiede: hoe dochst dat?’ jout dêr yn ‘t koart en op heldere wize antwurd op.
Einliks is it safier: de ferhalen fan Pippi Langkous fan Astrid Lindgren binne der fan hjoed ôf ek yn it Frysk! Yn de Fryske edysje fan Pippi Langkous stean de dielen ‘Pippi Langkous’, ‘Pippi Langkous giet oan board’ en ‘Pippi Langkous yn Taka-Tukalân’. Geweldich foar alle bern en elk dy’t bern bliuwe wol.
Snein 8 novimber gie de earste fan in seary koarte poëzijfilms fan Nyk de Vries as Dichter fan Fryslân yn premjêre by it sneinsprogramma Fryslân Dok fan Omrop Fryslân. Yn it projekt mei filmmakker Herman Zeilstra sille yn totaal sân gedichten fan de Dichter fan Fryslân ferfilme wurde. De earste poëzijfilm is basearre op it […]
De moaiste Fryske ferhalen yn de donkerste dagen fan it jier, de podcast Boekekast fan Boeken fan Fryslân en Omrop Fryslân kriget in ferfolch. Fryske skriuwers skreaunen spesjaal foar dit twadde seizoen in ferhaal. Diskear binne it dus gjin passaazjes út besteande boeken, mar spesjaal skreaune ferhalen. De earste podcast mei in ferhaal fan Hilda […]
Elke earste sneon fan de moanne stiet er yn de Ljouwerter Krante: de Afûkside. In side fol ynformaasje en nijs oer ús projekten en produkten én mei nijsgjirrige boeketips foar lyts en grut. Moarn binne we der wer!
Omke Ûle past op is de titel fan it nije printeboek skreaun én yllustrearre troch Paul van Dijk. De haadpersoan yn it boek, Omke Ûle, is oeral benaud foar en dêrom bliuwt er it leafst feilich thús. Op in dei moat er op syn neefke passe, dat wól wat fan de wrâld sjen wol. En […]
Nij by de Afûk: de toanielboekjes fan Praat mar Toaniel! Dêrmei dochst op in fleurige en ynspirearjende wize mear mei Fryske toanielteksten. It lêzen en spyljen fan dy teksten set oan ta mear Frysk lêzen, praten en skriuwen. De toanielboekjes mei titels as Jungleboek, Oz en Peter Pan binne geskikt foar de boppebou fan it […]
Op snein 1 novimber is skriuwer Josse de Haan yn Bayonne (Frankryk) ferstoarn. Hy groeide op yn Peins, in doarp noardeast fan Frjentsjer. De Haan folge de ûnderwizersoplieding oan de Rykskweekskoalle te Ljouwert. Hy publisearre fan 1962 ôf yn Quatrebras en letter yn Trotwaer en Hjir. Hy joech mei Meindert Bylsma, Reinder Rienk van der […]
“In bytsje bryk is in minskelyk”, sa stiet op de stoepe by Orthodontiepraktijk Leeuwarden. Mar it Frysk is net allinne op de stoepe te finen, fan no ôf kinst ek yn de wachtkeamer dyn tosken deryn sette. Berneboeke-ambassadeur Lida Dykstra hat ôfrûne wike yn de wachtkeamer foarlêzen út ferskate Fryske boeken. Fan eigner Daniël van […]
Fan sneon 31 oktober ôf is it nije kultuermagazine BUHNE te krijen op sa’n 800 lokaasjes yn Noard-Nederlân, lykas de winkel fan de Afûk. Dêrneist wurdt it blêd hûs-oan-hûs ferspraat yn Ljouwert, Drachten, Grins, Assen, Roden en Hoogezand. Yn in oplaach fan 20.000 eksimplaren bringt BUHNE kultuer nei it publyk, mei ûnder mear ynterviews en omtinken foar […]
Alle moannen kieze wy 10 titels út foar ús boeketip 10. In boek of tydskrift fertsjinnet in plakje op de list omdat it bygelyks krekt ferskynd is. Of omdat it goed by de tiid fan it jier past. Of gewoan omdat it de muoite wurdich is om der in ljochtsje op te setten. Nûmer 1 […]
Sels binne wy der hiel wiis mei: ús nije winkelyngong. Nei de klapperjende flapdoarren is ús Fryske boek- en kadowinkel oan de Bûterhoeke 3 yn Ljouwert no foarsjoen fan in pear prachtige automatyske skodoarren. Bist yn ‘e buert? Kom even lâns. Njonken moaie nije skodoarren hawwe we nammentlik ek in hiel soad moaie boeken en […]
Dizze wike start op it Friesland College in training ‘meartaligens’. Hoe meartalich is Fryslân? Hoe sit dat no presys mei de meartalige ûntwikkeling? Hoe kin dêr op de pjutte-opfang en op de basisskoalle op ynspile wurde? Watfoar Frysk materiaal is der beskikber en hoe kin dat materiaal op in ynteraktive wize ynset wurde?
It kurrikulum foar de Fryske taal en kultuer wurdt fernijd. In wichtich part dêrfan is de oanpassing fan de saneamde kearndoelen. Dy jouwe rjochtlinen oan foar it ûnderwiisoanbod yn it basisûnderwiis en de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. De basis foar it nije kurrikulum is no klear en bestiet út in fisy op het leargebiet, […]
Wa ken Pippi Langkous net? It sterkste famke fan ’e hiele wrâld! Se wennet hielendal allinnich yn Filla Keakelbûnt. No ja, net hielendal allinnich, want se hat in aapke en in hynder. En gelokkich komt har heit sa no en dan lâns mei in koffer fol goudstikken. Mei Tommy en Annika, dy’t neist har wenje, […]
Yn 2021 ferskynt in spesjale útjefte fan it tydskrift heit&mem: de pake&beppe! Do (oant 12 jier) kinst meidwaan troch sels in ferhaal te skriuwen, it favorite resept mei ferhaal te dielen of in filmke te meitsjen oer bygelyks skoalle, boartersguod of it iten en drinken út de tiid dat dyn pake en beppe sa jong […]
Begjin novimber ferskynt it nije printeboek Omke Ûle past op fan skriuwer Paul van Dijk by de Afûk. De haadpersoan yn it boek, de ûle, is benaud foar alles. Op in dei moat er op syn neefke passe dy’t wól wat fan de wrâld sjen wol. Mar doart omke Ûle dat wol? In prachtich printeboek […]
Skriuwer Josse de Haan ferrast syn trouwe lêzers mei in nije grutte roman: Passys. Hy wurke fiif jier oan dit boek oer in libben yn leafde en literatuer. In boek dat út syn aard wei ‘auto-fiksjoneel’ wêze moast. Mar tagelyk hat Josse de Haan dy autobiografyske ynvestearring finaal ûnderút helle, troch in rûts oan perspektiven […]
Yn Fryslân is it in goed gebrûk en belje net oan by de foardoar mar gean efterom. Dat jildt de kommende dagen ek foar ús boek- en kadowinkel yn Ljouwert. Yn ferbân mei wurksumheden oan de winkeldoar freegje wy ús klanten en besikers om even in oare rûte te nimmen. Tongersdei 22 oktober o.s. is […]
Ald-promovendus fan de Fryske Akademy Evelyn Bosma en har kollega binne nominearre foar de Klokhuis Wetenschapsprijs. Sy hat ûndersyk dien nei hoe’t twatalige bern yn Fryslân lêze. Der wiene mear as 60 ynstjoeringen, dêr binne 10 ûndersiken út nominearre en op 15 novimber wurdt de winner bekend.
De dr. Obe Postmapriis 2020 is takend oan Jan Popkema foar syn Frysktalige oersetting fan Das Parfum fan de Dútske auteur Patrick Süskind. De priis wurdt op 19 novimber útrikt yn gearwurking mei it festival Explore the North. De útrikking sil dien wurde mei it yn acht nimmen fan de dan jildende koroanamaatregels.
De Ljouwerter bedriuwen 8D Games en Bureau Maalstroom hawwe mei trije kulturele organisaasjes – Tresoar, Afûk en Fers – 100.000 euro subsydzje takent krigen foar de ûntwikkeling fan Fryske digiTales. De oanfraach foar de ûntwikkeling fan de ynnovative bibleteek dêr’t folksferhalen en digitaal erfguod boartsjendewei yn ûntdutsen wurde, is yntsjinne by it Stimuleringsfonds voor de […]
Ynwenners fan Fryslân en Friezen om utens hawwe mei-inoar al 29 oeren oan Fryske sinnen ynsprutsen foar it projekt Mozilla Common Voice. Apps op de telefoan binne hieltyd faker oan te stjoeren mei spraak. Dat kin faak yn it Ingelsk of Nederlânsk mar net yn it Frysk. It projekt Mozilla Common Voice moat dêr feroaring […]
It troch de Afûk útjûne boek fan Janny van der Molen is ien fan de White Ravens op de jierlikse list fan de Internationale Jugendbibliothek München. De White Ravens binne oanbefellingen foar bysûndere boeken út de wrâld fan de ynternasjonale berne- en jeugdliteratuer. Yn totaal hawwe njoggen Nederlânsktalige boeken en ien Frysktalich boek in White […]
Yn 2020 is it 20 jier lyn dat de earste printinge fan it printeboek Koning & Koning útkaam. It wie ek it earste printeboek fan Stern Nijland & Linda de Haan. Tagelyk mei de Nederlânske edysje ferskynde it mearke oer de twa keningen ek yn it Frysk, Dútsk en Deensk. De keningen út it printeboek […]
Dit wykein by alle abonnees op de matte: ‘de Moanne’ nûmer 4. Mei lykas wenst in nijsgjirige en ynteressante miks oan kollums, ynterviews, (eftergrûn)ferhalen en oare bydragen yn it Frysk en it Nederlânsk. Losse nûmers te keap yn de boekhannel.
Elke earste sneon fan de moanne stiet er yn de Ljouwerter Krante: de Afûkside. In side fol ynformaasje en nijs oer ús projekten en produkten én mei nijsgjirrige boeketips foar lyts en grut. Moarn binne we der wer!
Fannemiddei waard bekend makke dat skriuwster én Berneboeke-ambassadeur Lida Dijkstra mei har boek ‘Het beest met de kracht van tien paarden’ nominearre is foar de Boekenleeuw. De Boekenleeuw is Flaamske priis foar it bêste berne- en jeugdboek fan Flaanderen en Nederlân. Op 2 novimber o.s. wurdt de winner fan de Boekenleeuw bekend makke.
Nei in lang siikbêd is skriuwer en ferhaleferteller Mindert Wijnstra op 74 jierige leeftyd ferstoarn. Noch mar koart lyn joech hy sels yn petearen mei de Ljouwerter Krante en Omrop Fryslân al oan dat er fielde dat syn krachten oan it ôfnimmen wienen. By Mindert tinke wy by de útjouwerij fan de Afûk yn it […]
Thys Wadman naam juster op bysûndere wize ôfskie nei in lange karriêre fan 42 jier yn it ûnderwiis. Tagelyk mei syn ôfskie ferskynde syn nijste boek Jorrit & Philo begjinne in klup. Hjiryn binne al twa besteande titels, De fûgelklup en De hûneklup opnommen en dêr is in no in gloednij diel oan tafoege: De autoklup.
Alle moannen kieze wy 10 titels út foar ús boeketip 10. In boek of tydskrift fertsjinnet in plakje op de list omdat it bygelyks krekt ferskynd is. Of omdat it goed by de tiid fan it jier past. Of gewoan omdat it de muoite wurdich is om der in ljochtsje op te setten. Nûmer 1 […]
‘Het Fries moet verweven zijn met andere schoolvakken’, dat is de kop fan it artikel yn it Friesch Dagblad fan hjoed nei oanlieding fan in digitaal sympoasium fan dosinten en oare saakkundigen op it mêd fan ûnderwiiskunde en belied dat juster plakfûn. It moat normaal wurde op skoalle om ek by oare fakken de Fryske […]
Hjoed publisearre Dichter fan Fryslân Nyk de Vries syn sânde gedicht, diskear oer it tanimmend messebesit op strjitte.
Woansdei 30 septimber 2020 – op de earste dei fan de berneboekewike – waarden op It Hearrenfean trije skoallen yn it sintsje set. Dat barde op inisjatyf fan Boargeraksjegroep Sis Tsiis yn boekhannel Binnert Overdiep. Sis Tsiis stekt de basisskoallen de Buitenkans en de Hoeksteen en VMBO Nordwin College in fear yn ’e broek foar […]
Skriuwer, muzikant en skilder Anne Feddema fan Ljouwert docht mei oan ien fan de projekten fan kulturele haadstêd Galway, dêr’t de Afûk as partnerorganisaasje by belutsen is. Hy makke mei oare keunstners in multydissiplinêre foarstelling. Óró hjitte it stik. De Irish Times skreau in moaie resinsje.
Yn de simmer fan 2020 wie it startskot fan in grutte ynternasjonale operaasje. Soargje dat de Fryske Flagge in emoji kriget, sadat dy aanst brûkt wurde kin op sosjale media lykas WhatsApp en Facebook. De online redaksje fan Omrop Fryslân die in oprop oan Friezen om utens om in foto mei in Fryske flagge yn […]
Foarige wike makke útjouwerij Walker Books bekend dat op 77-jierrige leeftiid de geastlike heit fan Lytse en Grutte Ljochtbrune Hazze ferstoarn is. Syn wrâldferneamde printeboek ‘Guess how much I love you’, mei yllustraasjes fan Anita Jeram, ferskynde yn mar leafst 57 talen, wêrûnder it Frysk. ‘Sa fier as de moanne, sa mâl bin ik mei […]
Gewoanwei is de Fryske Foarlêswike yn de earste folle wike fan juny. Hûnderten frijwilligers binne dan op ’en paad om troch de hiele provinsje foar te lêzen oan pjutten op pjutteboartersplakken, bernedeiferbliuwen en by gastâlders. Yn 2020 is it allegear oars as oars. Dit jier is de foarlêswike fan 26 o/m 30 oktober. Ek komme […]
De Dichter fan Fryslân, Nyk de Vries, is úteinset mei syn toernee by skoallen yn de provinsje del. As earste wie tiisdei it Terra Wolvegea oan bar, in gebiet dêr’t fan âldher gjin Frysk, mar Nedersaksysk praat wurdt. De Vries lies ûnder oaren koarte Frysktalige fragminten foar op muzyk. De learlingen fûnen it “leuk en […]
Mei-inoar yn stee fan tsjininoar, dat is de iennige manier wêrop’t learlingen mei dit ynteraktive spul út de greep fan hacker Anno N. komme kinne. Anno N. fersus skoalbern is in nij ûntwikkele edukatyf escape(class)room-spul foar it basisûnderwiis. Mei dit fernijende projekt pakke de Afûk, Omrop Fryslân en it Friesland College it pesten op skoalle […]
Op de Europeeske Taledei, sneon 26 septimber 2020, sille de streektalen fan Nederlân te hearren wêze by de meartalige fiering mei Dichter des Vaderlands Tsead Bruinja, Grinslanner dichteresse Fieke Gosselaar, Biltker muzikant Jan de Vries en Liesbeth Terpstra, mei in presentaasje fan Nijntje yn it Frjentsjerters.
Hjoed waard it startsein jûn foar de kampanje ‘Taal yn it sosjaal domein’ troch it oanbieden fan in spesjaal magazine oan de teamleden fan it gebietsteam Snits Noard. Yn ’e mande mei de Fryske gemeenten set de Afûk mei it projekt ‘Frysk yn ’e soarch’ yn op it fergrutsjen fan it taalbewustwêzen fan de soarchprofessionals […]
Professionals bepale faak de taal dy’t sprutsen wurdt yn it ûnderlinge kontakt mei soarchfregers. Troch omtinken te jaan oan de memmetaal fan de soarchfreger kinst de tsjinstferliening ferbetterje. Minsken fiele harren better op har gemak en jouwe mear en bettere ynformaasje wannear’t se dat yn har eigen taal dwaan kinne. Tegearre mei de Fryske gemeenten […]
Begjin dit jier hat Frysk literêr tydskrift Ensafh in oprop dien ta it ynstjoeren fan tige koarte ferhalen fan op syn heechst 250 wurden. Dat hat de redaksje fan it tydskrift dien, mei’t hja fûn dat der yn ’e Fryske literatuer mear omtinken foar proaza komme kin. Dat hat fertuten dien, want mei 39 ynstjoerde ferhalen […]
Dûnsje, springe, sjonge en skriuwe, fan moarns betiid oant jûns let. Skriuwer, muzikant en skilder Anne Feddema fan Ljouwert moat oan ’e bak yn Ierlân, dêr’t hy mei oare keunstners wurket oan in multydissiplinêre foarstelling. ‘Ik haw oan ’e ein fan ’e dei de ein yn ’e bek.’ Dochs soe Feddema dit foar gjin goud […]
De wurkgroep ‘schrijver in school’ fan de gemeente Opsterlân hat mei Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân Lida Dykstra ôfpraat dat sy yn de moannen septimber en oktober op alle 22 basisskoallen yn de gemeente op besite gean sil. Moandei 7 septimber set se útein mei har toernee by OBS De Treffer op De Gordyk.
It is fan ‘t jier 75 jier lyn dat de Sweedske skriuwer Astrid Lindgren (1907-2002) it famke Pippi Langkous yntrodusearre. Earst ferskynde it stoere famke mei de reade flechten yn boeken en letter kaam se ek op telefyzje. Fan har aventoeren ferskynt begjin novimber in Fryske oersetting by útjouwerij Afûk. De oersetting is makke troch […]
It tal Friezen dat Frysk lêze en skriuwe kin, is yn de lêste 12 jier in bytsje tanommen. Dat docht bliken út De Fryske Taalatlas 2020, de Fryske taal yn byld. Hast 6.500 ynwenners fan Fryslân follen in enkête yn oer it gebrûk en it eigen nivo fan de Fryske taal. It persintaazje ynwenners dat […]
Alle moannen kieze wy 10 titels út foar ús boeketip 10. In boek of tydskrift fertsjinnet in plakje op de list omdat it bygelyks krekt ferskynd is. Of omdat it goed by de tiid fan it jier past. Of gewoan omdat it de muoite wurdich is om der in ljochtsje op te setten. Nûmer 1 […]
Dichter fan Fryslân, Nyk de Vries, jout it antwurd op dy fraach yn in literêr lesprogramma dat hy spesjaal foar middelbere skoallen yn Fryslân makke hat. Hy makket dêrby tankber gebrûk fan syn eigen erfarings op de middelbere skoalle. De lesprogramma’s binne geskikt foar gruttere en lytsere groepen en bestean út in optreden en les […]
Lytse Ljochtbrune Hazze en Grutte Ljochtbrune Hazze hâlde in hiel soad fan elkoar. Mar hoefolle? Bern én âlden út de hiele wrâld binne mâl mei dit prachtige printeboek. Ek yn Fryslân, ek yn it Frysk. Fan de kartonnen edysje fan dizze all time favourite is dêrom dizze wike in sechsde printinge ferskynd. Mei de fiif […]
Der sil dit jier net sutele wurde mei Fryske boeken. De belutsen partijen binne ta dat beslút kaam yn ferbân mei it noch hieltyd oanwêzige koroanafirus. Neffens koördinator Ferdinand de Jong is by it suteljen de oardel meter regel net nei te kommen. Boppedat steane der ferskate sutelaksjes yn in perioade fan in pear wiken […]
Hjoed binne by útjouwerij Afûk twa nije titels ferskynd. ‘DC … en tichterby / DC … en dichterbij’ is de twatalige en tredde dichtbondel fan Simon Oosting. De ferhalebondel fan Sjoerd Bottema – okkerdeis noch winner fan in Rely Jorritsmapriis mei ien fan syn ferhalen – krige de driigjende titel ‘De grize oer de grouwe’.
It nije Fryske bûsboekje (2021), dé Fryske aginda, leit yn ‘e winkel! Dit jier is it tema: ‘it is mar in spultsje’. Njonken fansels romte foar al dyn ôfspraken en oantekenings, fynst yn dizze nije edysje temasiden mei en oer spultsjes, ferskes, sechjes en riedsels. Ek de skoalfakânsjes 2021-2022 en de Fryske gemeenten en plaknammen […]
Tomke giet wer nei skoalle en dat is best spannend! By it tema ‘Nei skoalle’ binne leuke boekjes, kleurplaten, rymkes, ferskes en praatplaten. Super leuk foar thús, op it pjutteboartersplak of yn de berne-opfang. Fynst se bygelyks op de webside fan Tomke, yn de Tomketeek of op de Pinterestside fan Tomke.
In nij skoaljier, in nije start. Foar it fak Frysk reizget it basisûnderwiis mei de metoade Spoar 8 en tsjekt it fuortset ûnderwiis yn by de metoade Searje 36. Nij en oantreklik digitaal materiaal foar alle nivo’s! Folgje it trije-stappe-plan om ek dit jier (wer) gebrûk te meitsjen fan de metoade of belje of mail […]
Mar leafst trije nije berneboeken binne de ôfrûne wiken by útjouwerij Afûk ferskynd. Om sels te lêzen of om lekker foar te lêzen! Foar pjutten is der it moaie printeboek ‘Tútsje derop!’ mei échte pleisters. Foar bern fan 8 jier ôf hawwe wy in werprintinge fan de klassiker ‘Dingeman krijt wjukken’ en foar justjes âldere […]
De gemeente Waadhoeke, Praat mar Frysk en Silence of the Bees hawwe yn de nacht fan 28 op 29 july twa boeketten Fryske en Bildtske krûdenammen pleatst yn Frjentsjer en yn Sint Anne. Mei de ferrassingsaksje wolle de trije organisaasjes sjen litte hokke krûden se hoopje dat der groeie sille mei it oanpaste meanbelied. Wethâlder […]
De Rely Jorritsmapriisfraach hat dit jier trije winnende bydragen opsmiten, twa ferhalen en ien gedicht. Elmar Kuiper út Jorwert wint in Rely mei it ferhaal ‘Ni Hao’ en Sjoerd Bottema út Weidum mei syn ferhaal ‘Total loss’. Syds Wiersma út Ljouwert kriget de priis foar syn gedicht ‘It famke’.
Fryske lânbougewaaksen, fruitsoarten en bisten stean sintraal yn de nije tentoanstelling ‘Frysk libben erfgoed, fan Wâldbean oant Wetterhoun’. Fan 14 augustus ôf o/m 18 oktober 2020 te sjen yn Obe. Krekt yn dizze tiid, dat der hieltyd mear omtinken is foar lokaal ferboud en produsearre iten, past de tentoanstelling goed. It hat noch noait sa […]
In pear wiken lyn joegen wy boeketips foar folwoeksenen, mar no is it de beurt oan de berneboeken. Foaral no yn de fakânsje is it hearlik om mei de bern in moai boek út te sykjen. Meiwurkers fan de Afûk hawwe dêrom harren favorite boek(en) foar dy op in rychje setten. Sawol foar de lytskes […]
De app fan It Grutte Foarlêsboek is fernijd. De app is spesjaal foar bern fan alle leeftiden en sit grôtfol mei moaie ferhaaltsjes, gedichtsjes, spultsjes én ferskes.
Anke fan kemping ‘De Wigwam’ yn Aldemardum bestelde Praat mar Frysk-materiaal om har Fryske gasten sjen te litten dat se har ek op harren fakânsjeadres gewoan yn harren memmetaal uterje kinne. Mar ék om gasten fan bûten Fryslân yn ‘e kunde komme te litten mei it Frysk.
Dit wykein by alle abonnees op de matte: ‘de Moanne’ nûmer 3. Mei lykas wenst in nijsgjirige en ynteressante miks oan kollums, ynterviews, (eftergrûn)ferhalen en oare bydragen yn it Frysk en it Nederlânsk. Losse nûmers te keap yn de boekhannel.
‘De psychology fan Taal’ is in nije trening/workshop fan Praat mar Frysk oer taalgedrach en -gewoantes. Bedoeld foar elk dy’t nijsgjirrich is nei de kant fan taal dêrst net by stil stietst, in ‘oars as oars’ trening dy’t bestiet út in kombinaasje fan teory en praktyk. De minsken dy’t de trening aanst jaan sille, hawwe […]
Yn it simmernûmer fan it literêre tydskift Sinn und Form binne fjouwer gedichten fan Eeltsje Hettinga yn Dútske oersetting publisearre. It is foar it earst dat dat kwaliteitstydskrift wurk út Fryslân opnimt.
Ut in ûndersyk fan studinten fan NHL-Stenden yn opdracht fan de gemeente Waadhoeke, docht bliken dat de ynwenners fan dy gemeente harren eigen memmetaal benammen yn de ynformele sfear brûke.
Neist de tradisjonele groepskursussen fan de Afûk op lokaasje, is it fan oktober 2020 ôf ek mooglik om in groepskursus online te folgjen. By dy kursusfoarm folgest thús, efter dyn kompjûter, live de lessen fan ien fan de lesjouwers fan de Afûk. De nije, online kursusfoarm is foarearst beskikber foar de kursussen Fries verstaan en lezen (basis […]
De simmerfakânsje stiet foar de doar en dát is in moaie tiid om it ris mei pake en beppe te hawwen oer de tiid dat sy jong wienen! Hawwe jim pake en beppe dy bygelyks wolris ferteld oer de spultsjes dy’t se dienen? En liket harren boartersguod noch op it boartersguod dêr’tsto no mei boartest? […]
Alle moannen kieze wy 10 titels út foar ús boeketip 10. In boek of tydskrift fertsjinnet in plakje op de list omdat it bygelyks krekt ferskynd is. Of omdat it goed by de tiid fan it jier past. Of gewoan omdat it de muoite wurdich is om der in ljochtsje op te setten. Nûmer 1 […]
De kleine walvis van Benji Davies is ûnderwilens in moderne klassiker mei mear as 100.000 ferkochte eksimplaren yn Nederlân en Flaanderen. Dit prachtige printeboek is der no ek yn it Frysk!
De jeugdroman ‘Het beest met de kracht van tien paarden’ fan de Fryske skriuwster én Berneboekeambassadeur Lida Dijkstra is nominearre foar de Kinder- en Jeugdjury Vlaanderen (KJV), yn de kategory fan 12- oant 14-jierrigen. Oant april 2021 kin der stimd wurde.
Boeken keapest al lang net mear allinne yn in boekwinkel. In soad supermerken bygelyks, hawwe – neist strips en tydskriften – ek in beheind oanbod oan boeken. Njonken it Nederlânsktalige oanbod stelt Boeken fan Fryslân supermerken, mar ek oare winkels, no yn de gelegenheid om ek Fryske boeken oan it assortimint ta te foegjen. Ferskate […]
Wêrom kinne literatuer en poëzy sa moai wêze? De Dichter fan Fryslân, Nyk de Vries, jout it antwurd yn in literêr lesprogramma dat hy spesjaal foar middelbere skoallen yn Fryslân makke hat. Fan hjoed ôf kinne alle middelbere skoallen yn Fryslân fia de webside fan Dichter fan Fryslân in fergees skoaloptreden boeke foar it kommende […]
De presintaasje fan de nije dichtbondel fan de Ljouwerter skriuwer en dichter Arjan Hut (Drachten 1976) fûn freed 12 juny ll. plak as ûnderdiel fan in sfearfolle, útferkochte en tige slagge ‘sneak peek Fryske poëzy’ yn de Westertsjerke yn Ljouwert. Hut dielde dêr it poadium mei Elmar Kuiper en Sigrid Kingma dy’t ek foardroegen út […]
De gemeente Opsterlân hat as earste Fryske gemeente foar al har 22 basisskoallen in besite fan de Berneboeke-ambassadeur regele. Ut namme fan de VCSO en Comprix skoallen Opsterlân hat de wurkgroep Schrijvers in school it inisjatyf hjirfoar naam. Neist de besiten krije alle 22 basisskoallen ek de Lêskoffer fan de gemeente. De koffers binne tongersdei […]
De maitiid is begûn; dat rûkst, de sinne skynt, de beammen binne grien, de blommen bloeie en de fûgels fluitsje. De ljippen binne werom yn Fryslân. Krekt as ferline jier. Krekt as is der neat oan de hân en is der gjin koroanafirus. Sûnt koart kinne de bern wer nei skoalle, mar kinne de normale […]
Dichter fan Fryslân, Nyk de Vries, skreau in oade oan de fakânsje yn eigen provinsje.
Yn it magazine Ondernemend Friesland fynst yn de edysje fan juny 2020 in moai artikel oer it belang fan de Fryske taal yn de bou. Mei it Frysk stiest tichter by de klant.
Alle jierren lûkt de learare-oplieding Frysk fan NHL Stenden, de iennige oplieding Frysk op hbû-nivo yn Nederlân, in klasse fol nije studinten. De measten binne minorstudinten, dy’t in healjier Frysk studearje yn it ramt fan in oare oplieding. Wat driuwt dy studinten en om watfoar studinten giet it?
De freonen Anne-Goaitske Breteler fan Ternaard en Sytze de Haan fan Holwert ha betocht om in podcast te meitsjen. Doel: it Frysk wat tichterby bringe. Beide ha se hiel wat ôfreizge en sjoen, mar by beide komt de leafde foar Fryslân en it Frysk altyd wer boppe driuwen. De podcast hyt: Frysk Bloed, Tsjoch!
De ôfrûne perioade waarden hiel wat boeken opfretten, dus wy kinne ús goed foarstelle dat elkenien wol wat nije boeketips brûke kin. Meiwurkers fan de Afûk hawwe dêrom harren favorite boek(en) foar dy op in rychje setten. Ynkoarten folget diel 2 mei in tal berneboeken, mar no earst tips foar folwoeksenen!
Fan juny oant en mei (foarearst) desimber 2020 ferskynt op alle earste sneonen fan de moanne in side fan de Afûk yn de Leeuwarder Courant. In side mei ynformaasje en nijs oer ús projekten en produkten én mei ûnder oaren nijsgjirrige boeketips en in ‘blinder of blunder’. De earste is der moarn, sneon 6 juny […]
En dat kin! Se binne te keap yn ús Fryske boek- en kadowinkel oan de Bûterhoeke yn Ljouwert of te bestellen fia ús websjop.
Sûnt it begjin fan de lockdown ferskynt der alle jûnen by it ynfallen fan it tsjuster earne yn Ljouwert in tekst op in gebou. Leeuwarden UNESCO City of Literature helpt de makkers sûnt koart op lytse skaal troch sitaten fan Fryske dichters oan te leverjen.
Skriuwster Hilda Talsma (1971) út Warten skriuwt it Fryske kadoboek 2021. Yn 2011 ferskynde har earste roman ‘De Twadde Hûd’. Meast resint ferskynde har njoggende roman ‘De Onnie’s en ‘It hynstebal’ (2019). Yn 2017 skreau se it jeugdboek ‘Slangen ûnder it bêd’ en it lêste diel fan de Wyn-trilogy ‘Wyn fan de winners’. Neist skriuwster […]
By de Afûk binne fjouwer moaie nije rigeboekjes fan Tomke ferskynd. Foar alle seizoenen hat Geartsje Douma in moai ferhaal op rym skreaun. Luuk Klazenga soarge foar de oansprekkende yllustraasjes.
Frysk literêr tydskrift Ensafh hat begjin fan it jier in oprop dien ta it skriuwen fan tige koarte ferhalen foar de Lange koartproazajûn dy’t op 27 novimber yn De Bogt fan Guné te Frjentsjer holden wurdt. De falbile wie 1 juny, mar dy is ferskood nei 1 july 2020. Wy meie fanwegen de koroanakrisis noch altiten […]
Praat mar Frysk gie op besite by soarchgroep Noorderbreedte. Oer it Frysk yn ‘e soarch en hoe fijn it wêze kin ast dy yn dyn memmetaal útdrukke kinst. NB dizze fideo is opnommen foar’t de RIVM-maatregels fan krêft wienen.
Moandei 1 juny, twadde pinksterdei, is de Afûkwinkel ticht. Tiisdei 2 juny bist wer fan herte wolkom! Sjoch hjir foar de aktuele iepeningstiden. De websjop fan de Afûk is fansels 24/7 iepen. Wol kin it wêze dat websjopbestellingen yn ferbân mei it lange pinksterwykein wat letter binne. Sjoch foar de websjop fan de Afûk hjir.
Farsk fan de printer: de Moanne nr. 2. It earste nûmer mei in ‘redaksjoneel’ fan ús nije haadredakteur Amarens Geveke en mei lykas wenst in nijsgjirige en ynteressante miks oan kollums, ynterviews, (eftergrûn)ferhalen en oare bydragen yn it Frysk en it Nederlânsk. Ein maaie by alle abonnees op de matte en foar oaren te keap […]
De winners fan de skriuwwedstriid fan StUFT, Stifting Utjouwerij Frysk Toaniel, binne moandei bekendmakke. De winners soene bekend makke wurde op it jubileumfeest, mar dat koe net trochgean fanwegen de koronamaatregels.
Tomke hat wat tefolle boeken en oar guod yn de kast stean en rommet op. Hy docht in hiele protte foar lytse pryskes fuort, dus wês der gau by, want op is op!
“Al wie ik, doe’t ik op 23 maaie op Facebook in optocht stikje oer in broer skreau, alhiel net fan doel om dêr in feuilleton fan te meitsjen, dat is wat it waard.” No, in jier letter, ferskynt it doe skreaune feuilleton fan Elske Schotanus as alderearste Fryske Facebookroman by de Afûk.
Ynwenners fan Fryslân kinne fan 11 maaie ôf foar alle fragen en meldingen oer it gebrûk fan de Fryske taal terjochte by it Meldpunt Fryske taal. Dat kin gean oer fragen oer Frysk yn it ûnderwiis of bygelyks it gebrûk fan de Fryske taal by de gemeente. Foar 450.000 ynwenners fan de provinsje is it […]
Fan freed 8 maaie ôf is de Afûkwinkel wer iepen neffens besteande iepeningstiden fan moandei o/m sneon. Fansels mei yn achtnimming fan de jildende lanlike koroanamaatregels. Dêrby freegje wy ek fan ús klanten rekken te hâlden mei krekt neamde maatregels.
‘Coronafirus, in boek foar bern’ is in fergees Frysktalich e-book oer it coronafirus, spesjaal makke foar bern en harren famyljes. Medyske eksperts, bernepsychologen en ûnderwizers hawwe mei-inoar soarge foar in ienfâldige útlis oer it coronafirus foar bern yn de leeftiid fan 5 oant 10 jier.
Omrop Fryslân komt mei in nije app spesjaal foar bern: Omrop Fryslân Tsjil. Bern kinne dêrmei yn in feilige omjouwing Fryske filmkes besjen dy’t foar harren leeftiid geskikt binne. Omrop Fryslân hat de app ûntwikkele omdat bern en jongeren hieltyd faker programma’s en filmkes besjogge fia apps en social media.
Fan dizze wike ôf krije âlden in nij fleurich Taalkado fan de provinsje Fryslân at sy berte-oanjefte dogge by in dielnimmende Fryske gemeente. Sûnt 2008 jout de provinsje Fryslân in bertegeskink út, dat earder ek wol it ‘Taaltaske’ hjitte. It Taalkado sit fol leuke en edukative produkten dy’t âlden en jonge bern op boartlike wize […]
Nyk de Vries skreau as Dichter fan Fryslân foar it projekt ‘Fryslân fan Boppen’ in gedicht dat oer de strannen fan de fjouwer Fryske Waadeilannen útskreaun waard. De bewenners fan de Waadeilannen skreaune op alle fjouwer eilannen in strofe út op it strân.
Op freed 24 april binne by 88 lyts- en grutskalige fersoargingstehuzen rûnom yn de provinsje Fryslân poëzykaarten besoarge foar de goed 5.000 bewenners. It is in aksje fan Leeuwarden UNESCO City of Literature yn gearwurking mei Dichterskollektyf RIXT.
As de muorren prate koene, de muorren fan Theresienstadt… Mar muorren hâlde har net ivich en altyd stil. Tanksij Ilse Weber (1903-1944) witte wy wat se sein hawwe, sy hat de muorren harren ferhaal dwaan litten. Op 24 april ferskynt by útjouwerij Afûk de twatalige bondel Wat in koffer seit, fersen út Theresienstadt, skreaun yn […]
Wa’t gading meitsje wol nei in Rely Jorritsmapriis, kin noch oant 10 maaie syn of har ferhaal en/of gedicht ynstjoere. De sjuery, dy’t de ynstjoeringen anonym hifket, kin op syn meast fiif ferhalen en fiif fersen bekroane. Elk bekroand ferhaal of gedicht wurdt honorearre mei 1000 euro.
Dit jier is it 500 jier lyn dat de Fryske frijheidsstrider Pier Gerlofs Donia, better bekend as Grutte Pier, stoar. It berteplak fan Pier is Kimswert en dêr ûntstie it inisjatyf om doarpsgenoat Pier te betinken mei in skriuwwedstryd.
Goed 600 foarlêzers geane alle jierren yn de earste folle wike fan juny op ’en paad om rûnom yn ’e provinsje foar te lêzen oan goed 12.000 pjutten. De foarlêzers nimme mei-inoar sa’n 18.500 nije Tomke-temaboekjes mei, dat de bern nei it foarlêzen op de pjutteboartersplakken, bernedeiferbliuwen en by de gastâlders mei nei hús krije. […]
We komme der allegear minder út, minder ûnder de minsken. Allerhanne inisjativen binne der om dochs yn kontakt mei elkoar te kommen en ferdivedaasje te bringen. Dat bart op in hiel soad ferskillende wizen online mar kin ek ‘gewoan’ mei de telefoan. En yn it Frysk. By UP! kinne âlderen elkoar bygelyks no moetsje yn […]
Eltse streek yn Nederlân hat syn eigen fûgelnammen. Sa hjit bygelyks in ‘winterkoninkje’ yn Noard-Hollân in ‘klein jantje’ en neame se de ‘fuut’ yn Grinslân in ‘doeker’. Yn it programma ‘Vroege Vogels’ op NPO radio 1 gie it snein 3 april 2020 oer Fryske fûgelnammen. De ljip en de skries kenne we allegear wol dochs? […]
De Fryske Akademy hat in wurdlist opsteld mei frekwinte wurden dy’t te meitsjen hawwe mei de koroanaútbraak. De list wol advys jaan oer de skriuwwize fan de nije wurden dy’t yn ferbân mei de koroanakrisis ûntstien binne. De wurden yn de list binne stavere neffens de regels dy’t de Provinsje Fryslân yn 2015 fêststeld hat.
De ‘Culturele Regeling Proeftuin Meertaligheid’ makket it mooglik subsydzje oan te freegjen foar provinsje-oerstiigjende produksjes wêryn’t (streektaal)meartaligens in rol spilet. De deadline foar de earste tender wie 1 maart 2020. Dy foar de twadde en lêste mooglikheid om subsydzje oan te freegjen is 1 juny 2020.
Fanwegen it koronafirus dat omgiet, kinne der oant 1 juny gjin eveneminten holden wurde yn Nederlân. Dêrom geane it Grut en Lyts Frysk Diktee op 21 april net troch.
Sjongeres Janneke Warringa en pianist Peter van der Zwaag kamen dizze krisistiid op it idee om in liet op te nimmen dêr’t minsken wat oan hawwe. No’t de wrâld op syn kop stiet, der gjin wissicheid mear is, in soad minsken bang binne en ûnwis, wolle sy troch dit liet besykje de minsken – dy, […]
It bestjoer fan DINGtiid nûget jo út om jo belangstelling kenber te meitsjen foar de fakatuere fan bestjoerslid fan DINGtiid. DINGtiid is it advysorgaan foar de Fryske taal en hat, sa’t yn de Wet gebrûk Fryske taal (2014) stiet, as taak om de gelikense posysje fan de Fryske en Nederlânske taal yn Fryslân te befoarderjen.
Amarins Geveke (1974) is mei yngong fan 1 april de nije haadredakteur fan kultureel tydskrift ‘de Moanne’. Geveke is direkteur fan Folkshegeskoalle Schylgeralân, presintator en gearstaller fan de talkshow IepenUP en wie earder redakteur en ferslachjouwer by Omrop Fryslân.
As Dichter fan Fryslân treedt Nyk de Vries op as poëtysk ambassadeur. Hy skriuwt syn gedichten ynspirearre troch opfallende en aktuele saken yn de provinsje. Hoe kin it dan oars dan dat syn nijste gedicht hannelet oer it korona-firus.
Learlingen leare Frysk op skoalle mei Spoar 8 of Searje 36. Dizze metoaden fan de Afûk wurde oanbean yn in digitale learomjouwing. Dat hat as grut foardiel dat learlingen net allinnich op skoalle, mar ek thús mei it Fryske lesmateriaal oan de slach kinne no’t de measte skoallen ticht binne.
Nij wurk fan Anne Feddema én in seleksje fan it bêste wurk út syn eardere dichtbondels. Boppedat presintearret de dichter him mei dizze bondel foar it earst folslein meartalich.
Der is in soad belangstelling foar it Grut Frysk Diktee dat op 21 april holden wurdt. Fan heal febrewaris ôf hawwe al 200 minsken it kwalifikaasjediktee makke. De foarsitter fan de organisaasje fan it Grut Frysk Diktee Hindrik Sijens is optein: “Noch net earder wiene der safolle minsken dy’t kâns meitsje woenen op in plakje yn […]
Silke & Miss Dee is in prachtich nij lêsboek fan skriuwster Baukje Wytsma (Reduzum) en yllustratrise Carla van der Heijde (Ljouwert). Utjouwer Ernst Bruinsma oer dizze nije útjefte: ‘It is fantastysk om te sjen hoe’t Baukje Wytsma nei jierren wer mei in berneboek komt dat oer in fertroud tema giet, freonskip en fertrouwen, mar tagelyk […]
Op de skriuwwedstriid fan Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum Tresoar ‘wat betsjut frijheid foar ús?’ binne 19 gedichten en 9 ferhalen ynstjoerd. Oanlieding om de wedstriid út te skriuwen, is it feit dat 75 jier lyn in ein oan de Twadde Wrâldoarloch kaam. De sjuery, besteande út Doeke Sijens, Eric Hoekstra en Nienke Jet de […]
Tresoar hat in nij portret tafoege oan de searje Gysbert Japicxpriiswinners. It is al hast in tradysje wurden dat de Gysbert Japicxpriiswinner in skildere portret kriget yn de Gysbert Japicxseal fan Tresoar. Yn 2019 wûn Aggie van der Meer (1927) fan Boalsert de Gysbert Japicxpriis foar har hiele oeuvre. Douwe Elias fan Frjentsjer hat har […]
Mei’t haadredakteur Ernst Bruinsma per 1 jannewaris 2020 saaklik lieder fan City of Literature Ljouwert wurden is, is er per dy datum stoppe mei syn wurk foar ‘de Moanne’. Dêrom siket ‘de Moanne’ op koarte termyn in nije haadredakteur (m/f) foar 8 oeren wyks.
Op Sirkwy is in begjin makke om ek boekprofilen oan te bieden fan berneboeken. De nominearren fan de Simke Kloostermanpriis 2019 binne as earste oan bar. De boeken fan 2016 steane der al yn, lykas Lytse Protter fan Baukje Wytsma en Siem en Sanne sjogge Sint Piter fan Hendrika Vis-de Ruiter. Ek It deiboek fan Janny van der Molen út 2019 stiet al beskreaun.
Fan 6 o/m 8 febrewaris binne oan ‘e Universiteit fan Valencia trainingen jûn oer taalassertiviteit troch prof. Ferran Suay yn it ramt fan it Erasmus+-projekt LISTEN. De Afûk is partner yn dit projekt en riedt op dit stuit treningen en byienkomsten ta oer dit ûnderwerp.
Op inisjatyf fan it Ministearje fan OC&W en de trije noardlike provinsjes is yn 2016 it programma We the North útein setten. Doel is om it saneamde kulturele ekosysteem yn it noarden te fersterkjen troch programmatyske gearwurking. De ‘Proeftuin Meertaligheid’ is dêr in ûnderdiel fan.
Der binne al in skoft lûden te hearren yn literêr Fryslân dat Frysk proaza oan ’e krapperein komt mei al dy poadia, kollektiven en projeksjes foar poëzije. Proaza lient him likegoed om foardroegen te wurden, proaza is net allinnich foar ûnder de skimerlampe. Frysk literêr tydskrift Ensafh hat dy útgjalpen heard en organisearret dêrom de […]
De kwalifikaasje foar it Grut Frysk Diktee 2020 is los. Minsken dy’t meidwaan wolle moatte harren kwalifisearje. Dat kin fan no ôf oant 16 maart online fia de website www.fryskdiktee.nl.
Alle literêre programma’s binne foarearst ANNULEARRE. Nije data wurde letter fia dizze webside en social media kanalen bekend makke. Oer de maatregels dy’t de Afûk fierder nimt yn ferbân mei de korona-krisis kinst hjir mear lêze.
Ta eare fan it 20-jierrich jubileum fan it printeboek Kening & Kening komt it boek op Falentynsdei foar de twadde kear yn it Frysk út. De makkers fan it boek, Linda de Haan en Stern Nijland, gean by de skoallen del om foar te lêzen, in workshop te jaan en te praten oer diversiteit. Sy […]
Bestsellerauteur en skriuwer fan it nasjonale Boekewikegeskink Annejet van der Zijl is dit jier de spesjale gast op de literêre jûn yn Ljouwert op sneon 7 maart. Oanlieding foar har komst is de start fan de Boekewike én it ferskinen fan de Fryske oersetting fan ‘har’ Boekewikegeskink Leon & Juliette. Njonken Van der Zijl is […]
De âlde Miss Dee dy’t yn Ingelân berne is, wennet mei hûn en kat in eintsje bûten it doarp, ticht by de bushalte. De minsken fine har mar raar, want se sammelt fan alles en noch wat. Har hiele hûs leit fol. Bomfol. Sa is Miss Dee gek op kranten. Der lizze steapels troch it […]
Nei it sukses fan de kleuterfoarstelling In dei út it knisterjende libben fan in pûdsje makket Karlijn Kistemaker diskear foar Tryater de 8+ foarstelling Dit wie it waar wer. In muzikale waarsensaasje wêrby’t de temperatuer heech oprinne kin en CO2 oeral op de loer leit.
De lanlike maatregels om it koroanafirus hinne hawwe fansels ek konsekwinsjes foar it wurk fan de Afûk. Lês hjir wat dat mooglik foar jo betsjut.
Smûk! Noflik! Joppech! In geweldige jûn! Man, o man, wat ha ik lake! En mear fan soks en dat alles mei tank oan Boeken fan Fryslân, mar benammen oan Martsje de Jong en Hilda Talsma.
Nei it geweldige sukses fan it Grut Frysk Diktee fan 2018, op it Aldehoustertsjerkhôf, mei mear as 600 dielnimmers, wurdt der dit jier op tiisdeitejûn 21 april wer in ‘gewoan’ Grut Frysk Diktee hâlden yn de Steateseal fan it Provinsjehûs yn Ljouwert. It diktee wurdt diskear skreaun troch de Dichter fan Fryslân Nyk de Vries. […]
Hjoed giet de poëzijwike los mei de Nasjonale Gedichtedei. Nyk de Vries, Dichter fan Fryslân, skreau spesjaal foar dizze dei it gedicht ‘Unwis’.
Fan no ôf kinst in hiel soad Fryske berneferskes ek beharkje fia Spotify. In hiel soad ‘old time favorites’ mar ek nije ferskes. Wat in feest!
De Rely Jorritsmapriisfraach foar Fryske ferhalen en gedichten 2020 is iepensteld. It is de 66ste kear dat de priisfraach útskreaun wurdt. Wa’t gading meitsje wol, kin in ferhaal en/of fers ynstjoere. In ûnôfhinklike sjuery hifket de ynstjoeringen anonym en kin maksimaal fiif ferhalen en fiif fersen bekroane. Elk bekroand ferhaal of gedicht wurdt honorearre mei […]
Yn neifolging fan it BoekSimmerBoekfeest organisearret Boeken fan Fryslân no it BoekWinterBoekfeest. In feest foar skriuwers, lêzers en elk dy’t ynteressearre is yn moaie ferhalen. Foar dizze earste edysje fan it BoekWinterBoekfeest is in Ferhalewedstriid útskreaun. De winner fan de wedstriid wurdt op it feest sels bekend makke en mei syn of har ferhaal foardrage oan […]
Lida Dykstra is woansdeitemoarn ynstallearre as Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân. De kommende twa jier sil Lida de promoasje fan Fryske berneboeken en de Fryske taal in gesicht jaan. Op School Loevestein op ’e Gordyk mocht wethâlder Libbe de Vries de amtsketting by Lida om ’e nekke hingje, it teken dat sy offisjeel yn tsjinst is as […]
Mar leafst trije nije titels binne ferskynd by útjouwerij Afûk. Ntrije55 is de titel fan de nije dichtbondel fan Elske Kampen. Foar de allerjongste bern is der in prachtich boek mei flapkes: Wekker wurde! En foar kleuters in boek oer famylje: It grutte famyljeboek.
“Bear Boeloe, Bear Boeloe, Boeloe de bear, wat oh wat belibbet er dizze kear.” Ferskate generaasjes binne opgroeid mei dat ferske en de aventoeren fan Bear Boeloe. 25 jier nei de start fan it programma yn jannewaris 1995 komt der in ein oan de ferhalenrige en wurde der gjin nije ôfleveringen mear makke. Dat waard […]
‘Vak Fries laat nog steeds te wensen over’ kopte de Ljouwerter Krante ein 2019. De ûndúdlikens is wol begryplik, want hoe moatst no oan dy kearndoelen foldwaan? Mei it Sjongfestival wurkest oan meardere kearndoelen Frysk. It projekt is boppedat fakoerstiigjend, want do wurkest oan Frysk, muzyk én beweging.
By Tresoar wurde regelmjittich kursussen organisearre op it gebiet fan Fryske literatuer en skiednis. Ek de kommende moannen sette wer in tal nijsgjirrige kursussen útein.
Yn oktober die de Afûk in oprop oan supermerkûndernimmers yn Fryslân om it Frysk yn harren winkels mear sichtber te meitsjen. Meardere ûndernimmers hawwe dêrop reagearre en nei oanlieding dêrfan wurde dizze wike de earste twa Frysktalige supermerken offisjeel iepene. ‘Alles ûnder ien dak’ yn Eastermar en de Albert Heijn yn Damwâld binne fan freed […]
Stichting Boeken fan Fryslân (BFF) skriuwt in ferhalewedstriid út foar lêzers, yn it ramt fan it BoekWinterBoekfeest, dat op freed 31 jannewaris 2020 yn Café de Bakkersdochter yn Snits holden wurdt. Elkenien wurdt fan herten útnûge om in koart ferhaal fan 500 à 600 wurden te skriuwen yn it Frysk of yn ien fan de […]
Dit jier is it 50 jier lyn dat de earste Trotwaer útkaam. Yn dit nûmer sjogge wy in bytsje werom, fierders binne wy gewoan by de tiid. Alles ûnder de titel ‘Wat wit ik fan dizze wrâld?’. Send in the literature dus. Rûn 21 desimber by alle abonnees op ‘e matte en yn de losse […]
It poëtysk útwikselingsprojekt ‘Poetic Potatoes’ wûn justerjûn yn de Oranjeseal fan it Ljouwerter stedhûs de Piter Jellespriis foar de Letteren 2019. De literêre priis is moandei troch wethâlder Sjoerd Feitsma oan de stichting De Bildtse Aardappelweken oanbean. De sjuery bestie út Goffe Jensma, Kirsten van Santen en Coen Peppelenbos.
By Utjouwerij Afûk is by gelegenheid fan de hûndertste bertedei fan Anne Wadman ferskynd ‘Anne Wadman ‘It tipelsinnich bousel, ik’. Soan Thys Wadman, skriuwer en gearstaller, waard by de presintaasje op 30 novimber ferrast mei in oare útjefte fan de Afûk dy’t dyselde dei ferskynde, nammentlik ‘It sjaaltsje en njoggen oare ferhalen’ fan Hylkje Goïnga, […]
Takom jier is it 75 jier lyn dat der in ein kaam oan de Twadde Wrâldoarloch. Wy libje 75 jier yn frijheid, mar wat betsjut dat foar ús? Wat is frijheid presys? Wurdearje wy de frijheid noch genôch? Wat is it effekt fan it frij wêzen foar ús? Frysk histoarysk en letterkundich sintrum Tresoar ropt skriuwers en dichters […]
In bloeiend kultureel libben dat soarget foar beweging yn de Fryske mienskip. Dat is wêr’t de provinsje Fryslân har op rjochtet mei de nije beliedsnota Nij Poadium foar de perioade 2021 oant en mei 2024. Yn dat plan steane ambysjes foar keunst, kultuer, taal, ûnderwiis en erfgoed. Dy freegje foar de hiele perioade om in […]
Dichteres Elske Kampen, it poëzyprojekt Poetic Potatoes en skriuwster Jannie Regnerus meitsje noch kâns op de literêre Piter Jelles Priis voor de Letteren. De Moanne, it tiidskrift dat útjûn wurdt troch de Afûk, wie belutsen by Project Poetic Potatoes. De literêre priis wurdt ien kear yn de fjouwer jier útrikt oan in persoan of projekt […]
Wiebren Hendrik Kuipers (1918-1988) wie yn de jierren fyftich fan de foarige iuw de earst betelle foarljochtingsamtner fan de gemeente Ljouwert. Syn funksje brocht mei dat W. H. Kuipers foto’s makke fan de stêd Ljouwert. Yn de rin fan de jierren hat hy de stêd fêstlein op tûzenen foto’s.
Nyk de Vries is hjoed op it Explore the North-festival yn Ljouwert troch deputearre Poepjes beneamd ta nije Dichter fan Fryslân. De beneaming is foar twa jier. Nyk de Vries folget Eeltsje Hettinga op dy’t hjoed ôfskied naam fan syn funksje as earste Dichter fan Fryslân.
De “European Charter Classroom Activities” (ECCA) is in projekt dat troch it NPLD honorearre is mei in finansjele bydrage. Comun General de Fascia (Province of Trento) is de leadpartner. It doel fan it projekt is om kennis te fersprieden oer de European Charter of Regional or Minority Languages (ECRML) troch it meitsjen fan ferskate lesmaterialen […]
De earste gearkomste fan it Listen-projekt is hâlden yn Valencia op 22-23 oktober. De partners: Universitat de Valencia, ELEN, Conradh na Gaeilge, Consiglio Nazionale Delle Ricerche, IAITH: Welsh centre for language planning, Universitatae Sapientia Din Municipiul Clujnapoca troffen inoar dêr foar it earst. It Listen-projekt is in Erasmus+ projekt en draait hielendal om taalassertiviteit. It […]
De Afûk hat ôfrûne freed in ‘Bijenpact’ sletten. Dat hâldt yn dat der no in krúsbestowing fêstlein is tusken de bioferskaat en de Fryske taal. Mei noch 16 oare organisaasjes slacht de Afûk de hannen ynien om oplossingen te betinken foar de grutte stjerte ûnder bijen.
Eeltsje Hettinga hat as Dichter fan Fryslân syn lêste gedicht skreaun, tongersdei wurdt syn opfolger presintearre. It gedicht is spesjaal makke foar skriuwster Aggie van der Meer, dy’t yn septimber te hearren krige dat sy de Gysbert Japicxpriis wûn hat en sneon de priis yn ûntfangst nimt.
By de Afûk is ôfrûne sneon 9 novimber it twadde diel fan ‘It Grutte Foarlêsboek’ ferskynd. Yn it boek steane mear as sechstich ferhaaltsjes, ferskes en gedichtsjes foar bern fan 2 o/m 6 jier. It earste eksimplaar waard mids sa’n 175 belangstellende heiten en memmen yn ûntfangst naam troch bekend Sesamstraat-akteur Aart Staartjes. It boek […]
Op tongersdei 21 novimber wurdt de nije Dichter fan Fryslân beneamd. De beneaming fynt plak om 16.00 oere yn de Stadskas fan Explore the North op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert.
Alve kandidaten meitsje dit jier kâns op de ‘Piter Jellespriis voor de Letteren’. Under de kandidaten sitte trije produksjes fan de Afûk, Kapstôk fan Tsead Bruinja, Ynbyld fan Elske Kampen en De parallaks fan Janneke Spoelstra. Dêrneist wie de Moanne belutsen by it projekt Project Poetic Potatoes. De Piter Jellespriis wurdt ien kear yn de […]
Ljouwert is útroppen ta UNESCO City of Literature. UNESCO hat dat juster bekendmakke. Mei dy titel makket Ljouwert offisjeel diel út fan in wrâldwiid netwurk fan literatuerstêden. “De titel is in erkenning foar ús taal, literatuer en de meartalichheid fan Fryslân”, sa seit saaklik lieder Ernst Bruinsma.
By in soad supermerken yn Fryslân stiet no noch de tekst ‘Haal hier uw winkelwagen’. As it oan Praat mar Frysk fan de Afûk leit wurdt dat meikoarten ‘Pak hjir jo winkelwein’, want Praat mar Frysk wol wurk meitsje fan mear Frysk yn en om de supermerk en is dat ek al oan it tarieden. […]
Dichter fan Fryslân, Eeltsje Hettinga, hat in nij fers makke ta gelegenheid fan de iepening fan Campus Fryslân yn Ljouwert. De Nederlânske oersetting is fan Elske Schotanus.
It komt net sa faak foar dat der lytse, dikke mantsjes mei propellers op ‘e rêch en in startknopke op ‘e búk boppe op it dak wenje. Karlsson is sa’n mantsje. En Erik ken net ien dy’t sa goed streken úthelje kin as Karlsson fan it dak. Dat rint fansels net altyd goed ôf. Mar […]
Op sneon 26 oktober toert de band WIEBE lâns ferskate boekhannels om harren nije album ‘Y’ te promoatsjen. Op dy saneamde instore concerttour is de band op mar leafst fiif ferskillende lokaasjes te sjen en te hearren en fansels is der gelegenheid om it album sinjearje te litten. De dei begjint om 11.00 oere yn […]
De Lytse Gysbert Japicxprijs is de priis foar it bêste Fryske gedicht fan bern fan groep 7 en 8 fan de basisskoalle. Dy priis makket diel út fan it edukative oanbod fan it Gysbert Japicxhûs yn Boalsert om bern mear bewust te meitsjen fan de Fryske taal en it belang fan Gysbert Japicx foar it […]
Op tongersdei 17 oktober 2019 lêst boargemaster Buma yn it Frysk foar yn wensoarchsintrum Noorderbreedte Abbingahiem yn Ljouwert. De middei wurdt organisearre yn it ramt fan de Nationale Voorleeslunch. It ferhaal fan dit jier is op fersyk fan de Leescoalitie skreaun troch Maarten Spanjer. De Fryske oersetting dy’t Buma foarlêze sil, is makke troch Ytsje […]
‘Skrinende ferealens’ (Schrijnende verliefdheid) is de titel fan in Fryslân DOK oer skriuwster Aggie van der Meer (1927). Yn novimber ferskynt har boek ‘Tsjûgen fan de macht’ en kriget se de Gysbert Japicxpriis foar har hiele literêre oeuvre.
Under dizze titel wol de redaksje fan de Moanne oan it ein fan it jier in folslein literêr nûmer meitsje. Is dit de wrâld wêryn’t wy ús thús fiele? Meitsje wy ’m kapot of krekt noch wat moaier? Wat seit it eins oer ús dat wy fan de Stichting Ideële Reclame in kampanje oanbean krije mei as titel […]
De lytse wente dêr’t se mei har âlden yn Reduzum wenne, stiet der net mear. Har namme wie eins al fergetten. Mar sûnt it okkerdeis ferskinen fan it twatalige It Deiboek fan skriuwster Janny van der Molen komt Redúster Geertje Kleefstra wer ta libben.
Altyd al Frysk leare wollen, mar gjinien om mei te oefenjen? Foar hûnebesitters hat de Afûk no de oplossing: ‘Leer je hond Fries’. Mei dit boekje learst dysels en dyn hûn stap foar stap Fryske wurden en sinnen. It boekje wurdt op freed 4 oktober oanbean oan Yuki, de hûn fan reedrydpear Jorrit en Heather […]
Boeken fan Fryslân en Omrop Fryslân lansearje de nije podcastrige ‘Boekekast’. Spesjaal foar leafhawwers fan Fryske ferhalen. Alle wiken komt op snein in nij literêr ferhaal online. In boek lêze dochst meastentiids thús yn ‘e loaie stoel, mar mei in podcast hast Fryske ferhalen altyd en oeral by dy.
Grutte ynfrastruktuerele projekten, lykas it wurk fan konsortsium Levvel (fersterking fan de Ofslútdyk), freegje it uterste fan alle belutsen partijen. Kommunikaasje is dêrby hiel wichtich.
Troch in gearwurking tusken de CPNB en Boeken fan Fryslân ferskynt it Boekewikegeskink fan bestsellerauteur Annejet van der Zijl yn de Boekewike ek yn it Frysk. Yn 2018 barde dat foar it earst yn it kader fan Ljouwert Kulturele Haadstêd fan Europa. De ôfrûne twa jier soarge dizze spesjale edysje foar ekstra entûsjaste lêzers yn […]
De Gysbert Japicxpriis wurdt fan ‘t jier takend oan skriuwster Aggie van der Meer út Boalsert. Op sneon 16 novimber wurdt de Gysbert Japicxpriis 2019 yn de Martinitsjerke in Boalsert útrikt.
Fan ‘e wike hat Ineke van Petegem (links) tegearre mei har kollega’s fan CBS De Winde út Hurdegaryp de earste workshop folge oer it nije lesmateriaal yn Spoar 8. It lesmateriaal, dat spesjaal foar groep 3-4 makke is, is sûnt it begjin fan it nije skoaljier beskiber! Lykas Ineke en har kollega’s krije alle skoallen […]
De Taalunie hat ûndersyk dien nei de posysje fan it Nederlânsk yn de mienskip. De posysje fan it Frysk is ek ûndersocht. De útkomsten binne presintearre yn it rapport ‘Staat van het Nederlands‘. De wichtichste útkomst is dat der hieltyd minder minsken binne dy’t inkeld Nederlânsk prate en dat der mear Frysk brûkt wurdt yn […]
In doaske mei oantinkens, yn de foarm fan ferskes. Sa soest it nije album fan de band WIEBE omskriuwe kinne. Op 21 septimber presintearret WIEBE, mei frontman Wiebe Kaspers, yn gearwurking mei de Afûk har nije album ‘Y’. In album mei mear as allinnich muzyk. Sa sit der ek in oantekeningenboekje by oer it skriuwproses, […]
Yn de hjerst fan 2019 organisearret Tresoar yn oparbeidzjen mei Tryater in kursus foar proazaskriuwers, dêr’tst alles learst oer foardrachtskeunst, presintaasje en performance. It giet benammen oer de foardracht fan dyn ferhalen: de ferskate wizen fan stimgebrûk en it ynsetten fan stilte. In goede foardrachtskeunstner brûkt teatertechniken en fertelstilen om de tekst oer te bringen.
Taal is altyd yn beweging. Sa ek de Fryske taal. Mei de komst fan sosjale media feroaret ek de posysje fan it Frysk. Der wurdt mear Frysk skreaun as oait, jongerein dielt massaal Frysktalige memes en de Frysktalige band De Hûnekop is populêr by in breed publyk. Programmamakker Miranda Werkman ûndersiket wat it effekt dêrfan […]
Yn it kader fan it Domela-jier skreau Janny van der Molen (Burgum, 11 oktober 1968) in twatalich berneboek (10+) oer Niels dy’t sûnt koart yn Fryslân wennet. Troch in skilderij komt er op it spoar fan Geertje Kleefstra dy’t oan ʼe ein fan de njoggentjinde iuw yn Reduzum wenne. Har heit is in fanatyk oanhinger […]
Trauma’s kinne fan no ôf ek yn it Frysk behannele wurde. De Vereniging EMDR Nederland (VEN) hat it protokol foar saneamde EMDR-terapy sûnt tiisdei ek yn it Frysk beskikber steld.
De Afûk lit by Uit in Huis sjen wat sy yn ’e hûs hawwe. Snein 8 septimber dogge meardere kulturele organisaasjes yn Ljouwert mei oan Uit in Huis. De Afûk winkel is de hiele middei iepen foar it publyk. Dêrneist binne der spultsjes foar de bern, in scrabble yn it Frysk, boeken foar in lyts […]
Juster is yn Aldtsjerk op it hiem fan klokmakker Tjitte Talsma en ûnder muzikale begelieding fan it duo Paul & Gjalt, de Bûsboekje ‘poëzykriich’ begûn! De ‘poëzykriich’ is in ynisjatyf fan de redaksje fan it Bûsboekje om foaral begjinnende en jonge dichters oan te moedigjen om wat te dwaan mei it Frysk of in streektaal yn […]
Fan moandei 2 septimber ôf is de Fryske boek- en kadowinkel fan de Afûk net mear iepen op moandeitemoarns. De winkel is op moandeis tenei om 13.00 oere iepen ynstee fan moarns om 9.30 oere. Fierder bliuwe de winkeltiden sa’t se wienen.
Nei de suksesfolle toernee yn de Moanne fan it Fryske Boek trede skriuwer Willem Schoorstra en muzikant Jack Bottleneck noch ien kear tegearre op mei harren programma Rosmos & The Blues. Op freed 6 septimber, de jûns fan 20.30 oere ôf, binne de mannen yn Café Markzicht yn Drachten te sjen en te hearren mei […]
Begjin augustus stapte Amearika út it INF-raketferdrach mei Ruslân. Dêrmei liket de doar iepenset foar in nije wapenwedrin. Net allinne de grutte weareldmachten boartsje mei fjoer, dat dogge ek lytsere lannen lykas Noard-Korea dy’t kearnwapens ta harren foldwaan hawwe. Dizze wike mislearre by de Wite See yn Ruslân in eksperimint mei in nukleêre raket, mei […]
Yn ferbân mei festival Into the Grave op it Aldehoustertsjerkhôf is de Afûk-winkel sneon 10 augustus ticht. Moandei is de winkel wer fan 9.30 oere ôf iepen. Fansels is de websjop fan de Afûk gewoan iepen, sjoch dêrfoar hjir.
Twa ferhalen en trije gedichten wurde dit jier bekroand mei in Rely Jorritsmapriis. It giet om de ferhalen ‘Ik doch it foar dy’ fan Elmar Kuiper út Jorwert en ‘Kimboeëwij’ fan Geert Nauta út Wergea. De winnende gedichten binne ‘Sleau mei lok’ fan Jetske Bilker (Achlum), ‘Wy kinne…’ fan Henk Nijp (Mantgum) en ‘Ik miende’ […]
Ljouwert-Fryslân stelt him kandidaat as UNESCO City of Literature. Ljouwert wol graach oanslute by de 28 stêden dy’t de titel no drage, sa kin Ljouwert bliuwend diel útmeitsje fan dat kreative netwurk.
De reklamespot ‘Grutsk op Greidefûgels’ is de bêste Fryske reklame fan 2018. De reklame is makke troch Merlin Producties yn opdracht fan in kollektyf fan boere- en natuerorganisaasjes om boeren der op te wizen goed op de greidefûgels te passen.
Ein desimber 2016 ferskynde by útjouwerij Afûk Jip en Janneke foar it earst yn it Frysk yn in oplage fan 1.000 stiks. Al nei in wike waard besletten om in werprintinge te meitsjen fan 2.000 stiks. Dy twadde printinge is ûnderwilens ek al wer skjin op en dêrom is der no in tredde.
Hasto ek altyd fan dy reade kringeltsjes ûnder dyn Fryske tekst by it typen op de kompjûter? No, dat kin oars! Mei de nije Fryske staveringshifker yn Microsoft Office (Office 2013 of heger). De nije staveringshifker wurket net allinne yn Word mar ek yn PowerPoint, Outlook en Excel. Super handich!
Nei it sukses fan it Gouden Boekje Sipke’s Elfstedentocht / Sipke syn âlvestêdetocht giet Sipke wer op aventoer en sil hy te silen …
Fan hjoed ôf by de abonnees op de matte en foar alle ynteresearre lêzers te keap yn de boekhannel: de Moanne nûmer 4. Mei dizze kear nijsgjirrige ynterviews mei û.o. Frank den Oudsten, Valentina Tóth en Emiel Stoffers, wurk fan Machiel Braaksma mar ek kollums, poëzy, proaza en mear ynteressante artikels.
It Frysk Dichterskollektyf RIXT hat har Ingelske webside online pleatst. In grut part fan de 45 dichters dy’t by RIXT oansletten binne, hat oersettings fan eigen gedichten foar de webside ynstjoerd. Boppedat hawwe de RIXT-dichters no njonken in Frysktalich ek in Ingelsktalich dichtersprofyl.
Oant en mei 7 july kinne jo stimme foar de 18e Fryske Telefyzjereklame Publykspriis. Dy wurdt alle jierren organisearre troch de Kommisje Fryske Reklamepriis fan de Ried fan de Fryske Beweging.
In nij gedicht fan de Dichter fan Fryslân, Eeltsje Hettinga, by it ôfskie fan boargemaster Ferd Crone. Ek werom te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.
In moai nij simmernûmer is fan de parse rôle. Yn it blêd fynst dit kear û.o. artikelen oer de doula, Hindrik van der Meer, de bernefysioterapeut, grutte gesinnen, de Simke Kloostermanpriis en de skoaltún.
Skriuwer Lida Dykstra wurdt as Berneboekeambassadeur (BBA) oansteld, sa is hjoed op it WOW Meartalich kongres fan Cedin bekendmakke. Fan jannewaris 2020 ôf sil Dykstra twa jier lang promoasje fan Fryske berneboeken en de Fryske taal in gesicht jaan.
25 jier lyn ferskynde it earste berneboek fan Lida Dykstra (De Knipe). Om dat te fieren, binne 25 fan har moaiste ferhalen, troch de jierren hinne al earder ferskynd yn tydskriften lykas Holder, Switsj, Tsjek en LinKk, bondele yn in jubileumboek: It Spûkskip. De ferhalen geane oer fan alles en noch wat: in famke fan tsien […]
Op ús oprop heal april foar modellen foar ien dei dy’t de Afûk in gesicht jaan wolle, krigen wy in hiel soad reaksjes. Prachtich dat safolle minsken it Frysk, Fryslân en de Afûk in waarm hert tadrage. Op de foto de groep dy’t op freed 17 maaie foar de kamera fan Jacob van Essen (Fotobureau […]
Sneon 8 juny hienen wy fan heit&mem wer in foarlêsmoarn organisearre yn ús moaie Afûkwinkel. Gerda lies foar út it boek Fan de lytse mol dy’t witte wol wa’t him op de kop skiten hat, Rieneke song in pear ferskes en spile op har gitaar en de bern hawwe droltsjes fan klaai makke foar op […]
Tresoar hat 52 fotoportretten fan Fryske skriuwers en oaren út de Fryske literatuer publisearre. De foto’s binne begjin fan dit jier makke troch Haye Bijlstra en foarmje in oanfolling op de Frysk literêre byldkolleksje fan Tresoar. Under oaren Janny van der Molen, Jan Minno Rozendal, Janneke de Boer en Skelte Braaksma binne foar it earst […]
Utjouwerij Afûk is mei trije fan de fiif nomimearre titels foar de Gysbert Japicxpriis 2019 sterk fertsjintwurdige om kâns te meitsjen op de belangrykste literêre priis fan Fryslân. Fan ’t jier wurdt de priis útrikt foar de kategory proaza. De Gysbert Japicxpriis wurdt op 16 novimber 2019 yn Boalsert útrikt.
Skriuwster Baukje Zijlstra fan Frjentsjer krijt de D.A. Tammingapriis foar har romandebút De Koma-Korrektor (Utjouwerij Afûk). Sy ûntfangt de priis, in jildbedrach fan 3.000 euro en in oarkonde, op 21 juny yn Tresoar yn Ljouwert.
Oan de hân fan in spannende wedstriid tusken learlingen fan CSG Liudger Burgum en Dockinga College Dokkum is juster de nije taalgame Twastriid lansearre. De game, dy’t ûnderdiel is fan de digitale metoade Searje 36 foar it fuortset ûnderwiis, sit grôtfol oefeningen op it mêd fan de Fryske stavering. Learlingen dy’t de game spylje mei […]
Moarn bestiet it StUFT – de Stifting Utjouwerij Frysk toaniel – 50 jier. It útfierende wurk foar de útjouwerij waard yn 1989 oerdien oan de Afûk en wurdt oan hjoed ta útfierd troch Afûkmeiwurkster Gerda van der Wijk. Alle reden om kollega Gerda fannemoarn te ferrassen mei in Sarah en in feestlik bosk blommen.
Praat mar Frysk gie op besite by Mark Esinger, húsdokter yn Tsjummearum! In pear jier lyn kaam hy fanút Heemstede nei Fryslân om te wurkjen. Wy woenen wolris mei him yn petear oer wêrom’t hy in kursus Frysk docht.
It berneboek Tomkes foarlêsfeest fan de skriuwsters Auck Peanstra (1954-2016) en Riemkje Pitstra en fan yllustrator Luuk Klazenga, is de winner fan de Simke Kloostermanpriis 2019. It winnende boek ferskynde yn 2016 by Utjouwerij Afûk ta neitins oan Auck Peanstra. Op freed 17 maaie namen Riemkje Pitstra, Luuk Klazenga en Frâns Hoogland, de widner fan Auck Peanstra, de priis […]
Stifting Boeken fan Fryslân (BFF) organisearret op freed 21 juny om 20.00 oere in feest foar skriuwers, útjouwers en lêzers yn kafee Marktzicht yn Drachten. It tema fan it feest is “Sinnekear” (Zonnewende).
Stifting Boeken fan Fryslân (BFF) skriuwt in ferhalewedstriid út foar lêzers yn it ramt fan it BoekSimmerBoekfeest dat op 21 juny yn Drachten holden wurdt. Elkenien wurdt fan herte útnûge in koart ferhaal, fan 500-600 wurden te skriuwen yn it Frysk of ien fan de Fryske streektalen. It tema foar it feest en dus ek […]
Fan 3 o/m 7 juny 2019 is it wer de Fryske Foarlêswike. Dan geane rom 600 foarlêzers mei mar leafst 18.500 Tomke-boekjes op ‘en paad om rûnom yn de provinsje foar te lêzen oan goed 12.000 pjutten. It tema is dit jier ‘Belibje it mei Tomke’ oer de sintugen. De Fryske Foarlêswike wurdt organisearre troch […]
Hans Van de Velde (1969), sosjolinguistysk ûndersiker oan de Fryske Akademy, is mei yngong fan 1 maaie 2019 beneamd ta heechlearaar sosjolinguistyk oan de Universiteit Utrecht. It giet om in reguliere learstoel sosjolinguistyk, mei bysûnder omtinken foar de taalfariëteiten yn Fryslân.
Heal april ferstoar Hessel Miedema, skriuwer, dichter, keunsthistoarikus en âld-konservator fan Keramiekmuseum Princessehof. Miedema is de fader fan de moderne neioarlochske poëzy yn Fryslân. Syn wurk wie baanbrekkend en grinsferlizzend. Gedichten as ‘stadich brekke de foarmen út ’e skyl’ binne hichtepunten yn de Fryske literatuer. Eeltsje Hettinga, Dichter fan Fryslân, skreau it I.M.-gedicht ‘It fertrek’.
Wa’t gading meitsje wol nei in Rely Jorritsmapriis, kin noch oant 12 maaie syn of har ferhaal en/of gedicht ynstjoere. De sjuery, dy’t de ynstjoeringen anonym hifket, kin op syn meast fiif ferhalen en fiif fersen bekroane. Elk bekroand ferhaal of gedicht wurdt honorearre mei 1000 euro.
Do hast it sels grif ek ris meimakke: dejinge dy’t tsjinoer dy sit hat al in pear kear oanjûn dat er wol Frysk ferstiet, mar it net praat en dochs skeakelest hieltyd wer oer nei it Nederlânsk sûnder datst dêr suver erch yn hast. Om’t wy tinke dat dat oars kin, en wy fansels fine […]
Provinsje Fryslân wol de kommende tiid ûndersyk dwaan litte nei de ynfloed fan it Frysk op de ekonomy. Leannet it brûken fan it Frysk op de wurkflier?
By de Afûk binne mar leafst twa nije titels ferskynd fan Janneke Spoelstra: har debútroman De Parallaks en in nije dichtbondel Wij yn ‘e draaimûne.
De Afûk is dizze wike akseptearre as lid fan it NPLD. Troch dat lidmaatskip is de Afûk ferbûn mei 41 oare organisaasje dy’t aktyf binne op it mêd fan taalpromoasje, taalbelied en taallearen. De oare leden komme ûnder oare út Wales, Ierlân, Skotlân, Baskelân, Friulië, Finlân, Kataloanje, Sardinië, Masedoanje en Bretanje. Op it stuit is […]
Liket it dy moai om foar ien dei model te wêzen? Draachsto de Fryske taal in waarm hert ta en wolst yn ’e mande mei oaren it gesicht wêze fan de Afûk? Dan is dit wat foar dy.
Grieteke Schrama fan basisskoalle Mooitaki yn Bitgummole kin it bêste Frysk skriuwe fan alle basisskoallebern yn Fryslân. Mei 16 flaters waard sy hjoed de winner fan it Lyts Frysk Diktee yn it provinsjehûs. Twadde waard Baukje Anna Klimstra fan De Griffel yn Ljussens mei 20,5 flaters. Emma Koree fan De Eker yn Eanjum einige op […]
It berneboek Tomkes foarlêsfeest fan de skriuwsters Auck Peanstra (1954-2016) en Riemkje Pitstra en fan yllustrator Luuk Klazenga, is de winner fan de Simke Kloostermanpriis 2019, sa makket it Simke Kloostermanlien bekend. It winnende boek is yn 2016 útkaam by Utjouwerij Afûk ta neitins oan Auck Peanstra. Sy hat earder de Simke Kloostermanpriis yn 1998 wûn foar har […]
Om de soarch yn Fryslân goed ôf te stimmen op de Fryske soarchfreger stimulearret de Afûk mei it projekt Frysk yn ’e soarch de soarchprofessional om de Fryske taal te brûken. Foar soarchprofessionals dy’t de taal noch net fersteane is der no in fergeze digitale yntroduksjekursus Fries in de zorg beskikber. Yn 6 lessen kin […]
Ut hast 70 ynstjoeringen keas de sjuery de oersetting fan Marko van der Wal as bêste Nederlânsktalige oersetting fan it gedicht ‘De redens fan it wurd’, skreaun troch de Dichter fan Fryslân, Eeltsje Hettinga. Neffens de sjuery is it foar in goede literêre oersetting fan belang dat it orizjinele gedicht mei respekt en begryp fan […]
Goed 400 minsken binne yn it earste fearnsjier fan 2019 úteinset mei in kursus Frysk. Dat binne 150 kursisten mear as yn deselde perioade yn 2018. Yn totaal binne der op dit stuit in goede 30 kursusgroepen op ferskate lokaasjes troch de hiele provinsje aktyf mei in kursus Frysk ferstean, praten of skriuwen.
It kadoboek Rosmos, in spesjale útjefte foar de Moanne fan it Fryske Boek, is útferkocht. ‘Utferkocht is miskien wat in nuvere oantsjutting yn dit gefal omdat it om in kadootsje giet’, sa leit Ernst Bruinsma fan Boeken fan Fryslân út. ‘It bestjut feitlik dat wy net mear nije foarried oan de boekhannels leverje kinne, se […]
Yn it ramt fan de Moanne fan it Fryske Boek organisearret Boeken fan Fryslân op sneon 30 maart in literêre jûn yn de eardere synagoge fan Ljouwert. Te gast binne Dichter des Vaderlands Tsead Bruinja, Dichter fan Fryslân Eeltsje Hettinga, auteur fan it nasjonale boekewikegeskink Jan Siebelink en oersetter fan it boekewikegeskink Jetske Bilker. De […]
In nij gedicht fan de Dichter fan Fryslân, Eeltsje Hettinga. Skrean mei it each op de oanslach yn Utert en de útslach fan de provinsjale ferkiezings ôfrûne woansdei. Ek werom te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.
‘Lieve 17’, ‘ik was betijd van bed’ of ‘waar kom je weg’ binne in pear frisismen dy’t faak wolris sein of heard wurde. Miskien as grapke of wannear’t in stânfries dapper Nederlânsk besiket te praten. Fryske útdrukkingen of siswizen wurde bewust of ûnbewust ferhollânske en dat smyt gauris hilaryske teksten op, dy’t op sosjale media […]
Dichter fan Fryslân, Eeltsje Hettinga, hat in nij gedicht makke: ‘Skip fûgel lân’. It giet oer de ramp mei de MSC Zoe en de gefolgen dêrfan foar it Waadgebiet.
PARSEBERJOCHT – Mei yngong fan 1 maart hat de Afûk twa nije bestjoersleden beneamd. Jeroen Gebben, yn it deistich libben boargemaster fan de gemeente Tytsjerksteradiel, is beneamd ta foarsitter. Anje Wester-Koopmans, ûndernimmer yn Eastermar, beset de funksje fan skriuwster yn it bestjoer. Beide binne se ynearsten beneamd foar in perioade fan fjouwer jier. It bestjoer […]
Foar de sjuery fan de 13e edysje fan de Simke Kloosterman Priis is de earste kûgel troch de tsjerke. De sjueryleden Geart Tigchelaar, Sytske Eringa en Gerbrich van der Meer hawwe alle Frysktalige jeugd/berneboeken út de trije foargeande jierren lêzen en beoardiele. Ut dy list mei hast fyftich titels hawwe hja 5 boeken nominearre.
It farmaseutyske bedriuw Boehringer Ingelheim út Alkmaar sil tenei ynformaasje oer medisinen ek beskikber meitsje yn it Frysk. Dat dogge se om’t se tinke dat benammen âldere pasjinten dêr ferlet fan hawwe. Bysluters by medisinen binne faak dreech te begripen en dizze ekstra ynformaasje moat it makliker meitsje.
Friezen fiele harren it meast ferbûn mei harren provinsje fan alle Nederlanners. Ek binne se fan alle Nederlanners it meast grutsk op harren eigen provinsje. Dat docht bliken út in enkête, útfierd troch I&O Research yn opdracht fan de NOS en de regionale omroppen, nei oanlieding fan de Provinsjale Steateferkiezings.
Dat foarlêzen goed is foar de taalûntwikkeling fan bern, dat wisten we al. It is dan ek de minst ynteressante útkomst fan in ûndersyk dat Evelyn Bosma en Elma Blom dizze moanne publisearren yn it Journal of Child Language.
In foarwerp, in gefoel of in lûdsje kin dy wat yn it sin bringe út in lang ferfleine tiid. By dy oantinkens hearre faak moaie ferhalen. Spesjaal foar de âldereinsoarch en -deibesteging binne troch de Afûk temakoffers makke om dy ferhalen foar it ljocht te bringen. De koffers mei de namme Belibje it wer biede […]
Yn de Moanne fan it Fryske Boek giet skriuwer Willem Schoorstra tegearre mei muzikant Jack Bottleneck op toernee troch Fryslân. Op ferskillende lokaasjes troch de hiele provinsje bringe sy in programma oer de ‘blues’ yn ’e breedste sin fan it wurd.
Skriuwer Willem Schoorstra oerhandiget earste eksimplaar oan deputearre Sietske Poepjes.
Feest yn Droegeham! Nei Terherne ferline jier, wie it no de beurt oan Droegeham! By ‘nacht en ontij’ hong it kampanjeteam fan Praat mar Frysk hiel Droegeham fol mei Fryske ferkearsbuorden.
De hiele moanne maart stiet yn it teken fan it Fryske boek. Willem Schoorstra skreau spesjaal foar dy gelegenheid it kadoboek Rosmos. Dat wurdt de hiele moanne fergees oanbean by in besteging fan € 12,50 oan boeken. Alhiel yn de styl fan it kadoboek set de Moanne fan it Fryske Boek sneon 2 maart útein […]
Dat is de konklúzje fan it ûndersyk nei it brûken fan de foarkarswurdlist dat Renske van der Meer-Pasma dien hat. Sy die dat ûndersyk foar it fak taalkunde oan de learare-oplieding Frysk by de NHL.
Skriuwer/histoarikus Jan Minno Rozendal is útnûge foar in ferbliuw yn it skriuwershûs Hugoenea yn Pasai Donibane, in doarpke tichtby San Sebastian, yn it noarden fan Spanje. It hûs is eigendom fan de Feriening fan Skriuwers yn it Baskelân. It pân, ferneamd nei Victor Hugo dy’t yn itselde doarpke de simmer fan 1843 trochbrocht hat, is […]
De Dichter fan Fryslân, Eeltsje Hettinga, freget, yn gearwurking mei It Skriuwersboun om de bêste Nederlânske oersetting fan syn gedicht ‘De redens fan it wurd’.
Arjan Hut is de kommende twa jier Wâlddichter fan Achtkarspelen. Arjan Hut (1976) is opgroeid yn Surhústerfean en wennet yn Ljouwert. Yn 2005 waard er keazen as earste stedsdichter fan Ljouwert.
Hjoed giet de poëzijwike los mei de ‘Nationale Gedichtendag’. Eeltsje Hettinga, Dichter fan Fryslân, skreau it gedicht ‘Winter’. Foar de leafhawwers fan poëzy yn Nederlân en Flaanderen binne dizze wike tal fan aktiviteiten op priemmen set. It gedicht is ek werom te lêzen yn it Friesch Dagblad en de Leeuwarder Courant fan hjoed en op […]
Op 1 febrewaris 2019 wurdt yn Museum Dokkum it nijste stripboek fan Skelte Braaksma presintearre: ‘Fete’, it nea earder fertelde ferhaal oer de striid tusken de Skieringers en de Fetkeapers.
Hoe giet it Wetterskip om mei it Frysk op kantoar? En wêrom is in kursus Frysk foar harren meiwurkers sa handich? Tsjek it filmke! Praat mar Frysk, ek by it Wetterskip!
Mei it each op it ferdwinen fan hieltyd mear lytse talen, hawwe de Feriene Naasjes 2019 útroppen ta The International Year of Indiginous Languages, it ynternasjonale jier fan de memmetalen (#IYIL2019). Hjoed, 28 jannewaris, fynt yn Parys de offisjele start plak fan de #IYIL2019 kampanje. It hiele jier troch sil omtinken frege wurde foar lytse […]
‘Praat mar Frysk! Mear as 50 meiwurkers fan @Heerenveen binne dwaande mei in kursus Frysk. Ferstean, prate of skriuwe, mar krekt wêr’t se it measte oan hawwe. Jo kinne tenei noch faker yn de memmetaal by ús terjochte!’ Sa twitteret gemeente It Hearrenfean. Leuk! Sjoch ek it parseberjocht op www.heerenveen.nl. Praatsto en skriuwsto ek de […]
Trije kear jiers organisearret heit&mem in foarlêsmoarn foar pjutten yn de Afûk boek- en kadowinkel yn Ljouwert. Hjoed, mei it begjin fan de Nasjonale Foarlêsdagen, wie de earste fan 2019. Rudy en Jacobien songen leuke pjutteferskes en doe hearden wy samar gesnurk út de grutte doaze wei kommen!
Nei jierren fan yntinsyf wurkjen ferskynt op 29 maart o.s. it ‘Graet Hylper Wordebook’. Mear as 1000 siden telt dit omfangrike Frysk dialektewurdboek. De wichtichste ûnderdielen fan it wurdboek binne it wurdboekdiel sels, dat mear as 700 siden omfettet, in wiidweidige yndeks Nederlânsk-Hylpersk, in yndeks Frysk-Hylpers en in brede omskriuwing fan de útspraak en de […]
LJOUWERT – De Rely Jorritsmapriisfraach foar Fryske ferhalen en gedichten is wer iepensteld. It is de 65ste kear dat de priisfraach útskreaun wurdt. Wa’t gading meitsje wol, kin in ferhaal en/of fers ynstjoere. In ûnôfhinklike sjuery hifket de ynstjoeringen anonym en kin maksimaal fiif ferhalen en fiif fersen bekroane. Elk bekroand ferhaal of gedicht wurdt […]
It hie net folle skeelt en de dino’s wienen ek oanspield op it strân fan Skylge. Gelokkich sieten se goed ynpakt op in oar grut skip en leit It aldermoaiste Dinoboek no foar dy yn de boekwinkel! Yn dit moaie, stevige kartonboek steane net allinne moaie plaatsjes. It sit ek grôtfol mei spannende flapkes en […]
Afûk auteur Tsead Bruinja (1974), earder fan Rinsumageast en no wenjend yn Amsterdam, is de nije Dichter des Vaderlands. Hy sil de kommende twa jier gedichten skriuwe by aktuele saken en hy sil optrede as ambassadeur foar de poëzy. Bruinja folget Ester Naomi Perquin op as Dichter des Vaderlands. Hy hat krekt twa jier ‘Dongeradichter’ […]
De Fryske dichters Cornelis van der Wal, Elmar Kuiper, Syds Wiersma en Geart Tigchelaar sille yn de wike fan 11-17 maart nei it Deenske Aarhus. Hja sille dêr optrede en oersette, mar benammen mei nij wurk te set. It plan is om yn ’e mande mei Deenske dichters te kommen ta in twatalige dichtbondel dy’t […]
Tomke hat in nije webside! Alle ynformaasje oer Tomke en ferhaaltsjes, spultsjes, ferskes en filmkes foar pjutten binne no te finen op dizze frisse, nije side. Ek is der in hagelnije Tomke App, dêr’t bern op telefoan of tablet boartsje kinne mei Tomke en Romke. Derneist is der in ‘Tomketeek’, spesjaal foar professionals dy’t mei […]
‘Westminster Bridge’, troch Eeltsje Hettinga as Dichter fan Fryslân. Oanlieding foar it skriuwen fan it gedicht is de stimming oer de Brexit-deal moarn yn it Britske parlemint. It gedicht is ek werom te lêzen yn de Leeuwarder Courant, it Friesch Dagblad, Omrop Fryslân en op de webside fan Dichter fan Fryslân: http://dichterfanfryslan.nl.
Hulpmiddelencentrum Fryslân bestelde Praat mar Frysk-promoasjemateriaal. Reden genôch foar ús om ris op ‘e kofje. Want hoe dogge sy it dêr mei it Frysk? Tsjek it filmke! Wolst ek Praat mar Frysk-promoasjemateriaal bestelle of fynst it miskien ek leuk dat we by dy lâns komme foar in bakje? Foar mear ynformaasje oer de Praat mar […]
Der is wer in nije ‘Moanne’! Mei ynterviews, kollums, krystferhalen en tal fan oare prachige bydragen fan û.o.: Jacob van Essen, Tom van Huisstede, Karen Bies, Douwe de Bildt, Anne Feddema, Marlies Stoter, Theo van der Veer, Thomas Azier, Kester Freriks, Tjibbe Hooghiemstra, Arjan Hut, Bartle Laverman, Elske Schotanus, Claudia Woolgar, Bert de Jong, Ad Peek, Jaap Krol, Baukje Zijlstra, Lida Dijkstra, Josse de Haan, Edwin de Groot, Reitze Jonkman, […]
Wy sykje moaie foarlêsferhaaltsjes, gedichtsjes en ferskes foar de twadde ferzje fan It grutte foarlêsboek. Fansels hearre dêr ek moaie yllustraasjes by. Dus kinsto moai skriuwe of tekenje en wolsto meiwurkje oan dit boek? Stjoer dan dyn wurk yn! Foar 1 maaie nei h.vdmeer@afuk.nl. Mear ynformaasje fynst yn de oprop hjirûnder.
Freed 14 desimber fan 14.00 oere oant 16.00 oere is Bonne Speerstra op de Landbouwbeurs (WTC Expo Ljouwert) yn de stand fan de Afûk om syn nijste boek Underweis te sinjearen. Underweis komme jo de moaiste ferhalen tsjin, wit Bonne Speerstra nei in libben as feekeapman en fertsjintwurdiger. Yn dit boek beskriuwt er de meast bysûndere […]
‘Net te beteljen’, troch Eeltsje Hettinga as Dichter fan Fryslân, by de útrikking fan de Fryske Anjer, oanbean oan de frijwilligers fan Leeuwarden-Fryslân 2018. It gedicht is ek werom te lêzen yn de Leeuwarder Courant, it Friesch Dagblad en op de webside fan Dichter fan Fryslân: www.dichterfanfryslan.nl.
Skriuwster en byldzjend keunstner Elske Schotanus publisearre earder dit jier by de Afûk de roman Wurk. Dêryn nimt se ûnder oaren de keunstwrâld yn Fryslân op it harspit. Ek skreau se in biografy oer keunstner Pier Feddema. Yn de moanne desimber lit Elske Schotanus no ek eigen wurk as keunstneres sjen. Foar dizze eksposysje is […]
Wat in feestje wie it ôfrûne sneon yn de winkel fan de Afûk! Yn ôfwachting fan de komst fan Sinteklaas song Raymond Sinteklazeferskes mei de bern en Binne lies foar út Tomke. Alle bern krigen fan Sinteklaas in Tomketrompke mei pipernútsjes. Lekkerrrrr! Mear foto’s fan it Sinteklazefeest yn de Afûk winkel fynst op de Facebook fan heit&mem. […]
Ofrûne freed yn in grôtfol doarpshûs ‘De Golle’ yn Wurdum waard alwer de lêste Praat mar Frysk Kroechkwis fan dit jier holden. Sa’n 20 teams hienen har opjûn foar in jûn fol fragen oer Fryslân, it Frysk en Wurdum en omstreken. En úteinlik wûn team ‘Swichum Aktyf’! Lokwinske!
Skriuwster Baukje Wytsma (72) út Reduzum is tongersdei beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau. By in byienkomst dy’t foar har organisearre wie yn har wenplak rikte kommissaris fan de Kening Arno Brok de fersiersels út. Wytsma krige de keninklike ûnderskieding foar har grutte fertsjinste foar de Fryske taal.
Parseberjocht provinsje Fryslân – Oanslute by de krêft en de ideeën út it fjild wei, fierder bouwe op de resultaten fan Ljouwert-Fryslân 2018 (LF2018) en mear romte foar ynnovaasje en nij talint. Sa wol de provinsje Fryslân fan 2021 ôf yn de nije beliedsperioade in sterk en fleksibel kultuerbelied yn Fryslân delsette.
Boek fan de Moanne novimber-desimber is Lindbergh – it grutte aventoer fan in fleanende mûs fan Torben Kuhlmann. Yn bysûnder printeboek mei prachtige yllustraasjes oer in lytse mûs mei grutte plannen. No foar mar € 9,95 te keap yn de boekhannel!
De e-boekjes oer Rinze de Kikkert binne boartlik, leuk en learsum en sitte fol mei ynteraktive eleminten. Se binne leuk foar op dyn tablet thús mar ek beskikber as digiboerd-ferzje en kinne dus ek yn de klasse brûkt wurde! Download se fergees fia de App Store of Google Play.
Op freedtemiddei 2 novimber wurdt presintearre: It leafst bin ik in fûgel, poëzy foar elkenien fan 9 – 99 jier. Mei gedichten fan: Meintsje Brouwer, Eppie Dam, Ytsje Hettinga, Arjen en Iwan Hut, Elske Kampen, Sigrid Kingma, Eline Kuiper, Remco Kuiper, Jurjen van der Meer, Marije Roorda, Sipke de Schiffart, Kate Schlingemann, Berber Spliethoff, Janneke Spoelstra […]
Do kenst grif de suksesfolle boekesearje wol: Het leven van een loser. Skriuwer Jeff Kinney wûn der yn 2015 én dit jier wer de Prijs van de Nederlandse Kinderjury mei. Wrâldwiid binne der al mear as 200 miljoen eksimplaren fan ferkocht.
Fan 1 april ôf hat Talepaviljoen MeM alle wiken in oare taal, taalmienskip of – tema ûnder har rokken wolkom hjitten. Muzyk, poëzij, foardracht, diskusje, teater, dûns, byld, petearen … op allerhanne wizen hawwe hûnderten gasten harren (memme)taal en kultuer sjen, hearre en fiele littten. Tûzenen besikers hat MeM sûnt begjin april koestere en se hat fan harren in […]
It sonken Waad is it nijste gedicht fan Dichter fan Fryslân Eeltsje Hettinga. It is ûnder mear skreaun nei oanlieding fan it rapport De toekomst va de Waddenzee. Een stijgende zeespiegel over een dalende bodem. It gedicht is opdroegen oan Theunis Piersma, dy’t yn de top 100 fan meast duorsume Nederlanners stiet. Lês it gedicht […]
Nei de súksesfolle útjeften fan dizze oersichtlike taalskiednis fan Fryslân yn it Frysk en yn it Nederlânsk, Fryslân lân fan talen, in skiednis is no ek in Ingelske oersetting ferskynd. The story of Frisian in multilingual Friesland is in tige lêsber en ryk yllustrearre útjefte oer de skiednis fan it Frysk: wêr’t it weikomt, hoe […]
It is in drokke tiid foar berneboekeskriuwers Hanneke de Jong en Linda de Haan. Hast alle dagen fan de Kinderboekenweek binne se op paad mei harren aksjeboek: De Bonsterkes op ̓e terp. Wistest dat se om it aksjeboek hinne in spesjale foarstelling makke ha? Dy foarstelling is al op tal fan skoallen mei sukses opfierd en […]
By MeM stiet alle wiken in oare taal, tema of (taal)mienskip sintraal! Fan 14 oant en mei 21 oktober is it tema by MeM: de multykulturele mienskip, in programma yn gearwurking mei Multicultureel Gospelkoor All for One.
Yn nûmer 5 fan dit jier û.o. ynterviews mei byldzjend keunstner B.C. Epker, deputearre Sietske Poepjes en creative director Joris Hoebe en fansels poëzy, kollums, resinsjes, ferhalen en moaie foto’s.
By MeM stiet alle wiken in oare taal, tema of (taal)mienskip sintraal! Fan 7 oant en mei 14 oktober is it tema by MeM: elkenien docht mei, in programma yn gearwurking mei Talant.
Der is wer in nij nûmer fan heit&mem! Net samar in nûmer mar de 25ste! De redaksje is dêr ek mei rjocht en reden tige grutsk op. Fansels yn de nije heit&mem wer omtinken foar ferskillende ûnderwerpen, nijtsjes, kollums ensfh. Helje ‘m fergees by ferskillende plakken troch hiel Fryslân of bestel ‘m online. Sjoch foar […]
30 septimber-7 oktober by MeM: Minggu Hindi-Beland/Maluku (Yndysk-Molukske wike) By MeM stiet alle wiken in oare taal of (taal)mienskip sintraal! Fan 30 septimber oant en mei 7 oktober is it by MeM ‘Minggu Hindi-Beland/Maluku’
Yn it ramt fan de Berneboekewike (3 o/m 14 oktober) ferskynt op sneon 29 septimber it Aksjeboek foar bern 2018: De Bonsterkes op ̓e terp
LEEUWARDEN – Op de conferentie Frysk yn it ûnderwiis in Heerenveen is donderdagmiddag 20 september het rapport ‘It is mei sizzen net te dwaan’ gepresenteerd.
23-30 septimber by MeM: wike fan de gebeartetaal. By MeM stiet alle wiken in oare taal sintraal! Fan 16 oant en mei 23 septimber is dat de gebeartetaal
LJOUWERT – It bertegeskink fan de provinsje Fryslân, it Taalkado, wurdt troch âlden tige posityf ûntfongen. Dat docht bliken út in stekproef
16-23 septimber by MeM: de wike fan de flechtelingetalen. By MeM stiet alle wiken in oare taal sintraal! Fan 16 oant en mei 23 septimber binne dat flechtlingetalen
LJOUWERT – Nettsjinsteande de grutte maatskiplike ûntjouwingen, is de posysje fan de Fryske taal stabyl bleaun. Dat docht bliken út it ûndersyk Taal yn Fryslân, útfierd troch de Fryske Akademy.
9-16 septimber by MeM: de Leewadder week By MeM stiet alle wiken in oare taal sintraal! Fan 9 oant en mei 16 septimber hâlde we it ticht by hûs en is dat it Leewadders
LJOUWERT – De Tomke-foarlêsferhaaltsjes dy’t earder ferskynden yn de Weekkrant Fryslân en lettere bondele binne yn it boek ‘100 x Tomke’ wurde oersetten nei it Biltsk.
2-9 septimber by MeM: Русская неделя – Russyske wike