Tialda Hoogeveen, foto: Balanina Photografy

BBA op BMS De Triangel yn Suwâld

12 februari

De Berneboeke-ambassadeur sil hjoed alle klassen fan BMS (Bernemienskip) De Triangel yn Suwâld by del. Dat kin op dy lytse smûke skoallen. Yn groep 1/2/3, 4/5 en 6/7/8 sil sy fertelle, foarlêze en de bern harren nijsgjirrige fragen stelle litte. Fansels sil sy mei de bern ek in ferhaal fersinne!
De BBA kin útnûge wurde op skoallen, yn biblioteken en boekhannels, by ferienings, foarlêswedstriden en noch folle mear. Sjoch foar mear ynformaasje op www.berneboekeambassadeur.frl.