Gratis introductieles Skriuwersfakskoalle bij Tresoar

13 september

Wolst graach mear en bettere ferhalen skriuwe yn it Frysk? Dan bist wolkom by de Skriuwersfakskoalle, in gearwurking fan Ljouwert UNESCO City of Literature, Tresoar en Schrijversvakschool Groningen. Op woansdei 4 oktober set it lesblok Skriuwtechniken wer útein. Op woansdei 13 septimber fan 18:45 oant 21:45 oere is der in fergees tagonklike yntroduksjeles Skriuwtechniken by Tresoar yn Ljouwert. Oanmelde foar de yntroduksjeles en it lesblok kin op www.skriuwersfakskoalle.frl.