Alex de Jager nije direkteur Afûk NL

Leren & onderwijs Op het werk Over het Fries Vrije tijd
5 januari 2018
Mei yngong fan 1 febrewaris 2018 is Alex de Jager de nije direkteur fan de Afûk. Hy folget dêrmei Koen Eekma op.

De nije direkteur sil fierder bouwe op de fûneminten dy’t de ôfrûne jierren lein binne foar grutte fernijende projekten yn it ûnderwiis en foar Lân fan taal as ûnderdiel fan Ljouwert-Fryslân 2018 Kulturele Haadstêd fan Europa.

Alex de Jager, berne yn 1965 yn Fryslân, is op dit stuit noch direkteur ‘externe betrekkingen’ en strategysk relaasjebehearder by Hogeschool Inholland yn Alkmaar. De Jager hat altyd, yn ferskillende funksjes, yn it heger ûnderwiis wurke. Reade tried dêryn wie it strategysk belied en management. Alex de Jager is doktorandus yn de Nederlânske taal- en letterkunde mei as spesjalisaasje taalkunde.