Foto: Afûk / Sito Wijngaarden

Baukje Wytsma viert haar 75ste verjaardag met nieuwe dichtbundel

Boeken fan Fryslan Vrije tijd
1 april 2021
Schrijfster en dichteres Baukje Wytsma (Reduzum, 1946) wordt vandaag 75 jaar. Ter ere van deze mijlpaal was al afgesproken dat in april haar tiende dichtbundel met de titel Wyt ljocht zou verschijnen. Een grote verrassing was het voor haar toen vanochtend uitgever Ernst Bruinsma van de Afûk voor de deur stond om haar het eerste exemplaar van haar nieuwe bundel aan te bieden.

In het interview met Abe de Vries in het Friesch Dagblad van 26 maart jl. zegt de schrijfster over haar nieuwe bundel:

‘Myn lêste bondel Sân wylgen is fan 2010. Doe tocht ik dat it wol genôch wie. Moatst der altyd ek wol de moed ta hawwe, it is allegear hiel tichtby dysels.’ … ‘Mar dochs kamen der sa no en dan wer gedichten foar it ljocht. Doe kaam de fraach fan de útjouwer om yn ferbân mei myn 75e jierdei in bondel út te jaan.’ … ‘Doe’t ik mei it gearstallen dwaande wie, seach ik dat der in oare diminsje yn it wurk kommen is, de dea is in belangriker tema wurden. Ik bin in mins fan lange freonskippen en ik ha in soad minsken dêr’t ik fan hold yn de lêste tsien jier ferlern. Dat gemis, dat fertriet docht wat mei dy. Dy minsken hearden by myn libben, fierôf of tichtby, sy wiene der, joegen kleur en fleur oan it bestean. Tink allinnich mar oan al dy Fryske skriuwsters út myn tiid dy’t der no net mear binne, mei guon wie ik o sa befreone. Fan ferlies wurdst ek bang. De nije bondel hat as titel Wyt ljocht. Yn dat wite jocht is alle kleur fan it libben ferienige, de ein en it begjin yn ien. Ik tink dat dat de kearn is fan dizze gedichten.’

 

Wyt ljocht, in suver en ynderlik ljocht.
Wyt op syn helderst, dêr wêr’t alles
begjint en einich is. Dêrtusken is libben,
is tiid. Yn dizze romte belibbet elk minske
syn eigen aventoer, ommers yn it wite
ljocht rinne alle kleuren fan it libben gear.
Soms falt alles teplak, alles wat is, alles
wat wie, in eagenblik alteast kriget alles in
djippere betsjutting.

 

 

Wyt ljocht is vanaf vandaag te koop in de boekhandel of bestel meteen in onze webshop.

Baukje Wytsma is al 45 jaar actief in de Friese literatuur, vooral als kinderboekenschrijfster en dichteres, maar ze schreef ook toneelstukken, musicals en liedteksten. In 2007 ontving Wytsma de Fryske Anjer en in 2018 een koninklijke onderscheiding vanwege haar grote verdienste voor de Friese taal.

Lees meer over leven en werk van Baukje Wytsma op www.sirkwy.frl.