De ‘fergetten wurden’ fan tongersdei 13 juny binne ‘Louloene’ & ‘Liberdela’

Over het Fries
13 juni 2024
Iedere maand bespreekt Mirjam Vellinga een bijzonder of vergeten Fries woord op Omrop Fryslân Radio in het programma 'Goeiemiddei' met Johan Terpstra en Diana de Groot. Vandaag ging het over twee woorden die mooi bij elkaar passen: 'louloene' & 'liberdela'.

Vertaling en betekenis

Louloene
Ned: ammehoela
Eng: my ass, no way, yeah right
Betsjutting: útrop om ûnleauwen, ôfkarring, in ferbod, in winsk te fersterkjen
Synonimen: lounoppes, wie ‘t mar wier.

Liberdela
Ned: vrij, ongedwongen, voor de aardigheid, voor de lol
Eng: for fun
Betsjutting: foar de liberdela: foar de aardichheid, de wille.

Waar komen de woorden vandaan?
Mirjam: “Dizze twa wurden kamen ûnder myn oandacht troch myn kollega Nynke de Vries. Se hat se oan my trochjûn om’t it wurden binne dy’t yn har famylje brûkt wurde, mar eins wie se net wis oft de famylje se no sels betocht hie of dat se faker brûkt waarden. Ik fûn se yn alle gefallen kwa klank ek moai byinoar passen.

Louloene wie my wol bekend. Louloene (of soms ek los faninoar skreaun lou loene) is yn de Fryske en ek Nederlânske betsjutting in iroanyske ûntkenning en it bêste oer te setten mei: wie ‘t mar wier, it soe wat. Yn it Nederlânsk wurdt yn dyselde kontekst ek wol ‘ammehoela’ brûkt. En ammehoela yn it Frysk is dan wer: ja, de groetnis!, waai yn ‘e knoop, gean hinne, skyt omheech, waai of sakje yn ‘e stront. It wurd is oernommen út it Jiddysk. It is in relatyf nij wurd, want it is yn it begjin fan de 20e ieu yn gebrûk kaam. Dit jiddyske wurd komt fan oarsprong wer út Hebrieusk wei en giet werom op ‘lo lanu’ wat ‘net oan ús’ betsjut. It is bekend fan de earste psalmregel út psalm 115: “Net ús, o heare, net ús, mar jins namme jou eare, om jins goedgeunstichheid, om jins trou.” In foarbyld fan hoe’t in fan oarsprong frij hillich, formeel wurd of útdrukking ôfsakket nei it gewoane, folkse taalgebrûk, sûnder dat minsken der erch yn hawwe wêr’t it weikomt.

No ‘liberdela’, dat wurd koe ik hielendal net. En… it stiet ek net op Frysker of yn it gewoane wurdboek. Dat ik tocht: dit moat wol in famyljewurd wêze. Mar it stie ta myn ferrassing wol yn de online Historische Woordenboeken Nederlands Fries fan it Instituut van de Nederlandse taal. It is ien kear optekene út in boek De swarte ruter fan J. van der Meulen út 1974: In moardsaek yn ûndersyk, fan ‘e dieder noch gjin spoar en hupsa, foar de liberdela mei it wiif it iis op! Liberdela betsjut ‘foar de aardichheid’, ‘foar de lol’, ‘samar’. It is net hielendal dúdlik wêr’t it weikomt. Der kin in link wêze mei ‘liber’ en ‘libre’ wat ‘frij’ betsjut. Tink ek oan ‘liberaal’, mar hielendal wis is it net. It kin ek gewoan in klank-ekspresje wêze.. Tink oan ladida, falderaldela, dat soart dingen. It die my hiel bot tinken oan

ien fan de ‘afko’s’ dy’t no hiel populêr binne ûnder studinten: kladiladi (klap die laptop dicht). En dat past dan wol wer hiel moai byinoar: want ast dy laptop ticht klapst, bist frij en kinst in hiel soad foar de liberdela dwaan!”

Mear fergetten wurden?
Yn de simmerfakânsje binne der gjin ‘Taalpraatsjes’ fan de Afûk by de Omrop. Op tongersdei 12 septimber is it wer tiid foar in nij ‘fergetten wurd’. Stim om plm. 15.10 oere ôf op Omrop Fryslân Radio en harkje nei it programma ‘Goeiemiddei‘. Sjoch hjir foar mear ‘fergetten wurden’.