Ornaris
Yn ‘e stasjonshal fan Ljouwert is in tegeltablo te sjen dêr’t dizze tekst op stiet:
De minsken wolle ornaris wêze hwer’t se net binne.
Wat betsjut dat ‘ornaris’ no? It is wat in frjemd wurd en sjocht der net echt Frysk út ast it wat langer yn dy omgean litst.

Yn it wurdboek stiet: yn ‘e regel, meastentiids, gewoanwei. Dus de tekst op de tegel betsjut: Minsken wolle yn ‘e regel wêze wêr’t se net binne.

Wêr komt ‘ornaris’ wei? Ut in lytse syktocht docht bliken dat it út Frânsk en fan dêrút wer út it Latyn komt: ordinaris, ordinarius, ordinaire. Tink ek oan it Ingelsk: ordinary. Yn it Frysk is der dus in stikje fuortfallen.
Fan oarsprong betsjut dat ek: gewoan, geregeld, normaal. Ast nei it earste stikje fan it wurd sjochst: ord(i), dan realisearrest dy dat dat fan ‘orde’, ‘oarder’ komt. Oarder, rêst, regelmaat…

Letter is dêr de betsjutting ‘plat’, ‘ûnfatsoenlik’ bykaam. Sa’n ferskowing fan betsjutting bart wol faker. Tink mar oan it Ned. wurdt ‘gemeen’: wat ek ‘gewoan’, ‘normaal’, ‘mienskiplik’ betsjut, mar ek ‘naar’ en ‘ferfelend’.

Wannear’t it wurd yn it Frysk terjochte kaam is? Nei alle gedachten ûnder ynfloed fan it Frânsk, dat hiel lang as in wichtige taal sjoen waard en ek in soad sprutsen waard yn de hegere kringen ek hjir yn Fryslân. Al sûnt de Midsiuwen is der ynfloed fan it Frânsk op it Nederlânsk en it Frysk en troch de machtige posysje fan Frankryk sûnt de Renêssânse en yn de Bataafsk-Frânske tiid waard dy ynfloed noch grutter. Oant yn it begjin fan de 20ste iuw hat it Frânsk fiertaal west by de elite yn Nederlân en de rest fan Europa.

Doch mar gewoan, dan dochst ‘ordinair’ genôch ?

Skytskoarje
Earne tsjinoan skytskoarje: der tsjinoan sjen, ‘aarzelen iets te doen’.
Skytskoarje: aarzelen, schoorvoeten.
Synonimen: skoarearzje, skoarje.
Skoarje as in skytsek: earne bot tsjinoan sjen.

Skytskoarje komt sawat allinnich foar yn de gearstalling: der tsjinoan skytskoarje. Ik brûk it noch wolris, mar ik wit net hoe gongber it noch is yn it deistich gebrûk by minsken. As ik it wurd googelje kom ik it hjir en dêr tsjin yn spreuken op instagram en twitter. En no en dan ek op produkten lykas tegeltsjes of sûkeladewikkels: ‘Skytskoarje net oeral tsjinoan, dan is de dei moarns al bedoarn’ of ‘Net skytskoarje, gewoan dwaan!’

Wat ‘skyt’ is witte wy allegear wol. It wurdt in soad brûkt yn gearstallingen, ek yn it Nederlânsk om in bang, laf, ferfelend persoan oan te tsjutten of om dyn minachting út te sprekken oer in persoan, saak of kwestje. Skytfint, skytlús,  skytlears, skytregel, in skytbytsje, in bange skiter, doch net sa skiterich.

Skoarje betsjut stypje, leune, skraagje. (schoren, stutten), dy skrep sette om stean te bliuwen, en ek sûnder dat skyt, betsjut it wifeljend te wurk gean, der tsjinop sjen. Yn it Nederlânsk dus ferlykber mei schoorvoeten, aarzelen. “Ik moat eins wol, mar ik wol eins net”… dat gefoel. Do setst dy eins skrep tsjin watst dwaan moatst… (By ‘schoorvoeten’ setst dyn foet skrep of dwers… ). En dat ‘skyt’… dat fersterket dat gefoel fansels.

Kerbûstich of karbûstich
Kerbûstich waar: winerich, hjerstich waar
In kerbûstich persoan: fatterig, opsnijdend. In opskepper, immen dy’t himsels grutter makket/ op it boarst slacht. Hy/sy wurdt ek wol in kerbûst of kerbûsteling neamd.

Synonimen: wyld, rûch, bluisterich, oerstjoer, opskepperich, opsnijend.
It wurd kerbûstich wurdt net in soad brûkt. Ik bin it in pear kear tsjinkaam op twitter. De iennige dy’t it dêr brûkt, foar safier’t ik neigean koe, is de skriuwster Hanneke de Jong, yn relaasje ta it waar.

Wêr komt it wurd wei? Dat wie wol in syktocht. Nei wat neitinken en sykjen, tocht ik: soe der in link wêze mei it Ingelske boisterous? Dat betsjut ek ‘onstuimig, luidruchtig’.

Ek dêr wurdt it brûkt yn relaasje ta it waar: ‘boisterous wind’. Fan dêrút kaam ik wer op it Ingelske ‘to boast’, dat nei alle gedachten deselde oarsprong hat.

‘To boast’ betsjut: opskeppe. Dat komt fan it Middelingelsk: boosten, bosten. Yn it Skotsk hast ek bost en yn it Noarsk baus. It Dútsk hat: baustern en böse. It hat dus in Germaanske oarsprong.
En sa is der ek in ferbining te meitsjen mei it Fryske wurd ‘boas’, dat yn ferlykbere foarm yn in soad Germaanske talen werom te finen is. Yn it Noarsk bygelyks bausta en busta, dat fan oarsprong: in lûd meitsje betsjut, fluch foarút gean, opswelle, ‘pochen’. De oarspronklike stam fan it wurd, it Proto-Germaans is ‘bausia’ dat ek as grûnbetsjutting opblaze-opswelle hat. En ast dan sjochst nei kerbûstich dan komt dat hielendal oerien: in bluisterige wylde wyn, in persoan dy’t him sels grutter makket, opsweld.

In moaie syktocht hat dit wurd opsmiten fia ferskillende talen en ek wol wat dearinnende eintsjes dy’t ik hjir net beskreaun ha. Fansels is it hiel lestich om krekt te efterheljen wêr’t guon wurden weikomme. Wurden en talen feroarje, de kontekst feroaret geandewei en net alles is fansels fêstlein. Der binne in hiel soad wurden yn in hiel soad talen dy’t as basis b-klinker-s hawwe en dy’t op ien as oare wize ek wat betsjutting oanbelanget mei-inoar ferbûn wurde kinne. Sels it wurd bjusterbaarlik fan de foarige kear soest hjir mei ferbine kinne. Mar echt dúdlike konklúzjes kinne dêr net út lutsen wurde. Yn in bloch dat ik lêzen ha oer dizze kwestje stiet: se hawwe in relaasje mei-inoar lykas soldaten fan itselde rezjimint: se hawwe itselde unifoarm en hawwe miskien ek deselde taak, mar it binne gjin bruorren.

Bjusterbaarlik
Bjusterbaarlik betsjut: grutte ferwûndering, ferheardens oproppend (wonderbaarlijk).

It wurd bjusterbaarlik is bekend wurden troch Hans Wiegel, doe’t er it brûkte by de Alvestêdtocht fan 21 febrewaris 1985. It ‘bjusterbaarlike barren’ gie doe hiel Nederlân (en de wrâld oer) yn dy dagen. Oant ferfelens ta suver. In bytsje lykas elkenien in pear jier lyn de mûle fol hie fan ‘mienskip’…

Sjochst it wurd no ek noch geregeld werom yn ferslachjes fan reiskes en eveneminten. ‘It wie wer in bjusterbaarlik moai barren’…. Bjusterbaarlik en barren lykje in bytsje byinoar te hearren.

It wurd bjusterbaarlik is dan ek net echt fergetten, alteast net yn myn belibbing, mar miskien leit dat by de jongere generaasjes wol oars. Der is in muzykkapel út Akkrum mei de namme Bjusterbaarlik, der binne boaten en huzen – dat fan Wiegel bygelyks, dy’t sa hjitte en der is in produktline mei Fryske kadootsjes fan Talant dy’t sa hjit. Der binne ek in hiel soad kaartsje mei Bjusterbaarlik.

It wurd bjuster sit deryn, yn it Nederlânsk: bijster. Bjuster hat ferskillende betsjuttingen: wûnderlik, frjemd, ûngewoan. It kin ek bjuster waar wêze (onstuimig) en de bern kinne ek bjuster wêze (drok).
Bjuster betsjut ek: tige, hiel (bjuster dom – hiel dom). En wy kinne it fansels ek yn de betsjutting fan ‘kwyt’: Hy is it paad bjuster, of, ik bin de sliep bjuster.

De Nederlânske oersetting fan ‘bjuster’ is ‘bijster’ of ‘bister’ yn it Middelnederlânsk en it is ek besibbe oan it Fryske wurd ‘biizje’ (bisen yn it Middelned.). Dat betsjut ‘gek dwaan’, fluch foarby komme (rinne) en it wyld draven fan benammen fee, benammen kij. En dan binne wy suver wer werom by de Alvestêdetocht, dêr’t de reedriders as ienkear fuortmeie my ek in bytsje oan wylde kij tinken dogge.

Skruten
Ek wol skrutel, skrutelich of skrupel.

Betsjutting: ferlegen, beskromme, eangstich.
Ast skrutel of skruten bist, bist dus wat eangstich of ferlegen. Kinst ek skruten, skrutel of skrutelich sjen. It tiidwurd skrute betsjut ek bang wurde, skrikke, en in hynder hat in skrútlape op (in oogklep).

Skruten is in wurd dat tink ik net in hiel soad mear brûkt wurdt. It wurd ‘ferlegen’ is dêr sa stadichoan foar yn it plak kaam. As ik der op ynternet nei sykje kom ik in artikel fan de Omrop út 2019 tsjin mei as kop: Jongeren binne minder skruten om it Frysk te brûken. (Dat is moai fansels!)

Wêr kom it wurd wei? Dat is wol lestich te bepalen. Komt it fan ‘schuchter’ fia it Dútsk ‘schüchtern’ wat ‘skou meitsje’ benammen fan bisten betsjut en ‘schuwen’ bang wêze?

Of leit de oarsprong earder yn it Latyn? Benammen ast sjochst nei de fariant ‘skrupel’ soe dat logysk wêze. Skrupel docht tinken oan ‘scrupule’ of ‘scrupules’- gewetensbezwaren. Yn it Latyn betsjut it ek ûngemaklik, eangstich, soarchlik. Letterlik betsjut it in lyts, skerp stientsje. It wurd is troch Cicero foar it earst brûkt as de beskriuwing fan in ûngemaklik en eangstich gefoel, lykas in lyts, skerp stientsje yn dyn skoech…

Yn de (wer)útjefte fan it Friesch Woordenboek fan Waling Dykstra wurdt by ‘skrupel’  sein dat it fan scrupuleux komt (in basterdwurd) en wurdt der foar de betsjutting trochferwiisd nei ‘skrutel, skruten’.

Skelk
Ek wol skerldoek, skoart, strûper.

 

In skelk is in stik klean dat men foardocht om de oare klean te beskermjen, yn it Nederlânsk: schort. Synonimen: skerldoek, skoart, strûper.

De skelk referearret yn útdrukkingen wol gauris nei it lichem dat der ûnder sit. Sa betsjut: ‘Wat ûnder skelk hawwe’ – yn ferwachting wêze en ‘In winkeltsje ûnder de skelk hawwe’ – in prostituee wêze.

Skelk komt fan it wurd ‘skerteldoek’ dat gearlutsen is ta ‘skeldoek’ of ‘skelk’. Yn it earste part ‘skertel’ sjogge wy ek it Nederlânske ‘schort’ wer werom.

De Ingelske wurden ‘shirt’(Aldingelsk ‘scyrte’) en ‘skirt’ (rok) hawwe deselde oarsprong. It is oannimlik dat it fan oarsprong fan ‘squer’ – snijden/scheren komt en fan dêrút de betsjutting koart ôfsnien krigen hat. In skelk of skoart betsjut fan oarsprong in ‘koart ôfsnien stik klean’.  Ek de wurden ‘koart’, ‘kort’ en ‘short’ binne dêroan ferbûn.

In ferbining mei it wurd ‘skoat’ of ‘schoot’ leit ek foar de hân. De ‘skoat’ hat fan oarsprong de betsjutting ‘râne’ of ‘punt’ of ‘hoeke’. Fan dêrút is dêr ek de namme út ûnstien fan de hoeke tusken it liif en de boppeskonken en fan dêrút dan ek wer it stik fan de klean dy’t dat part bedekt. Wat no krekt earst of lêst wie: de namme fan it stik klean of de namme fan it lichemsdiel, dêr binne de gelearden noch net hielendal út. Al liket it lichemsdiel logysker te wêzen.

Ut de topografyske nammen ‘Aldskoat’ en ‘Nijskoat’ en oare topografyske nammen mei ‘skoat’ fine wy de betsjutting ‘hoeke’ of ‘punt’ ek wer werom. In skoat betsjut dan in útstekkend stik lân.

Halje-trawalje
Halje-trawalje: sûnder dat men it ferwachtet, sûnder ynlieding of oankundiging, samar ynienen, hastich, ûnferwachts, hommels, hookstrooks. Yn it Nederlânsk: plotseling, hals over kop. “Hy moast halje-trawalje nei it sikehûs.”

Trawalje, komt fan it Frânske wurdt travail dat arbeid, ynspanning of drokte betsjut. Mar it betsjut ek reis. “Juster moasten wy in boekekast ferpleatse. Dat wie in trawalje!”, of “Us mem hat sa’n trawalje hân.” – Us mem hat in swiere reis hân.

Yn it Nederlânsk is de útdrukking ek bekend en betsjut er itselde. Fanâlds wurdt in needstal foar hynders om harren te beslaan ek travalje neamd. In travalje is ek in martelwurktúch.

Wêr’t it ‘halje’ no krekt weikomt is my net hielendal dúdlik. It klinkt fansels moai en it rimet mei ‘trawalje’. Neffens Atte Jongstra komt it fan ‘allez’ en soe ‘halje-trawalje’ fan it Frânske ‘alléz travailler’ – oan it wurk gean –  komme en is it ûntstien yn de Frânske tiid.*

*Boarne: resinsje yn de NRC fan Atte Jongstra oer: Nicoline van der Sijs, red.: Taaltrots. Purisme in een veertigtal talen.  8 okt. 1999

Tsiere
Tsiere ek wol tsjiere.

Betsjutting: lûd rûzje meitsje, spul meitsje. Tsiere as hingers, as hoantsen, as hûnen en katten, as mosken, as murden, as wyn en wetter. In tsierbalke is ien dy’t graach bekfjochtet, spul makket. As tsiederich bist dan meist ek graach hakketakje. Tsiederij is ûnienichheid of rûzje mei in soad skellerij en rumoer.

Synonimen: bekfjochtsje, haffelje, hakketakje, heibelje, hoarnje, kreauwe, tsjanterje.

Wêr komt it wurd wei?
Is der in ferbining mei it Ingelske to cheer (lûd oanmoedigje)? Dat komt fan oarsprong fan it Latynske cara, dat gesicht betsjut en waard yn oarsprong brûkt foar de stimming dêrst yn wiest. Dy koe goed of min wêze. Letter is dat yn it Ingelsk stadichoan mear ferskood nei de positive kant. Wat klank oanbelanget lykje tsiere en cheer fansels bot opinoar, mar it liket my dochs wat te fier socht…

Is der dan in ferbân mei ‘kijven’, dêr’t ‘kibbelen’ ek fanôf komt (yn it Frysk ‘kibje’)? Yn it Frysk hast ek noch it folle ûnbekendere ‘tsifje’, dat ek ‘kijven’ betsjut. Der binne aardich wat wurden dy’t yn it Frysk mei tj of tsj begjinne en yn it Nederlânsk mei in ‘k’ (palatalisearring). Tink mar oan: tsiis-kaas, tsjettel-ketel, tsjerke-kerk, tsjeak-kaak.
Kijven is yn it âldfrysk zîvia, tzîvia. It ferbân mei kijven liket dus it meast logysk. It is fierder net bekend wêr’t it Aldfryske zîvia/tzîvia weikomt.

Krebintich
(troch âlderdom) stiif, de lidden stiif bewegend. Yn it Nederlânsk: stram, stijf.

Ald en krebintich: oud en stijf. Hy praat krebintich Frysk: hy praat stiif Frysk, net linich. Ik bin sa krebintich as in kroade. (ik bin hiel stram/stiif).

Yn it wurd ‘krebintich’ fine wy ‘bint’ werom. ‘Bint’ of ‘bynt’ is de dakbalkekonstruksje yn benammen pleatsen en gebouwen. In stevige, stive konstruksje dus. Nei alle gedachten komt dêr it wurdt ‘krebintich’ ek wei. Sa stiif wêze as it bynt fan in hûs of gebou. Sa’n houten konstruksje wol ek noch wolris kreakje, dat miskien hat dy assosjaasje ek noch meiholpen.

It bynt sels wurdt ek wolris brûkt as oantsjutting fan it liif: ‘sy wie gjin geef bynt’ betsjut dan ‘sy hie in swak gestel’.

Rimpen
Hastich, abrupt, ympulsyf,  dryst, koart foar de kop.
Synonimen: hastich, gysten, opljeppend.

Ast rimpen bist, beweechst dy hastich, wyld of rûch, of do hannelest hastich, wyld of rûch. Makkest dy gau drok en wurdst gau lilk. It is dus in wize fan bewegen of dwaan – sa rimpen as in jong hynder – mar it kin ek wat sizze oer dyn karakter.

Wêr komt it wurd wei?
Rimpen is ferbûn mei it Nederlânske ‘overrompelen’ (yn âlder Nederlânsk ek wol ‘overrimpelen’) en it Dútske ‘überrumpeln’. Rumpeln betsjut ‘lawaai maken’, mei lawaai oerfalle. Yn it Grinslânsk en Drintsk hast ek ‘remp’ of ‘rempen’ mei sawat deselde betsjutting: troch in flugge beweging ferrasse. In oare ferbining is dy mei it Ingelske ‘to rumble’ en it Aldnoarske ‘rymja’.

Noch wer efkes werom nei it Dútsk. It mearkefiguer ‘Repelsteeltje’ hjit dêr Rumpelstilzchen (yn it Ingelsk ‘Rumpelstiltskin’). Ek in rimpen, driftich mantsje sa’t jim miskien wol witte. Doe’t syn namme ien kear rieden wie: ‘…stampte er sa fûl mei syn rjochterfoet op ‘e grûn, dat er der oant syn mul yn weisakke. Doe pakte er, baltend fan lilkens, syn linkerfuotsje mei beide hannen beet en… skuorde himsels midstwa.’ Yn it Frysk hjit Repelsteeltje ek wol Rûpelstâle, Lytse Pino, Oegemantsje of Heideskyn… Mar dêr is dan wer gjin ferbining mei ‘rimpen’ yn te finen…

Krôkje
Betsjutting: mei lytse, lichte flokjes snije. Ek wol: krôksnije.
Oare betsjuttingen binne: gassen mei in skraabjend lûd út de mage wei troch de kiel ûntsnappe litte; it natuerlike lûd hearre litte  (fan kikkerts, podden); kiellûden hearre litten (fan fûgels, benammen fan hinnen).

Wêr komt it wurd wei?
Hoe komt no dat sêfte fine snijen en dat boeren byinoar? Ik fyn dat dy kombinaasje de betsjutting fan it snijen wol wat deromantisearret. Lit ús earst ris nei oare talen sjen.

Dêr komt it wurd ntl. ek foar. Yn Noard-Hollân prate se ek fan krokken as it licht snijt en fan ‘kroksneeuw’ of ‘krok’ en ‘krokken’ betsjut dêr ek ‘hoorbaar opboeren’. Yn it Bildts praat men ek fan ‘krokke’. Yn it wurdboek stiet it allinnich yn de betsjutting fan licht snije. De Bilkerts hâlde de romantyk deryn. Yn it Ingelsk hast it wurd ‘to croak’. Dat betsjut ek in leech, skor lûd meitsje, fan kikkerts en fûgels bygelyks. Yn de betsjutting fan snije bin ik it dêr net tsjinkaam…

Yn it âld-Ingelsk komt it wurd foar as ‘cracian’ en dat klinkt fansels in hiel soad as ‘kreakje’. Yn it proto-germaans is it ‘krakojan’: in skerp lûd meitsje. It wurd ferwiist dus nei it lûd dat makke wurd. It krôk/krok is dan ek ferbûn mei kreakje/kraken/to crack. Krôksnije betsjut dus eins ‘kreaksnije’. En dat ferwiist nei it lûd dat de snie makket ast der oer hinne rinst. Letter is dat wurd ferkoarte yn ‘krôkje’ (kreakje).

Oates en toates
Betsjutting: hieltyd, faak, hieltyd wer; earne oates en toates wêze, earne hieltyd, wer wêze (kind aan huis zijn). Ek: hoater en toater, hoates en toates

Earne oates-en-toates wêze (earne tige thús wêze, vaak komme – kind aan huis)
Hja binne oates en toates (hja geane in soad meielkoar om)
It is dêr allegear oates en toates (het is daar koek en ei)

Wêr komt it wei?
Der is earder wol tocht dat it komt fan it âlde wurd foar beppe ‘oate’ of ‘ate’ dat yn Hylpen en op de Lemmer noch wol foarkomt. It wurdt ek wol yn ferbân brocht mei it wurd ‘hotemetoot’, in bargoens wurdt dat nei alle gedachten fan it Japanske hatamoto komt. (direkte lienman fan de shogun). Oates en toates (otus en totus yn it Ned.) soe dan de man wêze dy’t op alles tafersjoch hâldt, mar dy ferbining is letterlik en figuerlik dochs wat te fier socht en dy betsjutting komt yn it Frysk ek net foar.

Oates en toates komt nei alle gedachten fan it Aldfrysk: ôther(e)s ende ôther(e)s. en ek dat betsjut: hieltyd wer, op ‘e nij.  Ôther(e)s betsjut dan: oar of twadde. Lykas no it Fryske ‘oars’ of it Ingelske ‘other’. En tink ek oan bygelyks ‘oaremoarn’, dat is net samar in ‘oare moarn’, mar eins de twadde moarn. Yn it Nederlânsk komst dy betsjutting ek noch tsjin yn it ‘ander’ fan  ‘eenmaal, andermaal’.

It ‘ende’ is stadich oan feroare en de d-klank is in t-klank wurden  trochdat dy ferbûn waard oan de twadde ‘ôtheres’: ôtheres en tôtheres dus…en dat is úteinlik oates en toates wurden. Ek yn it Nederlânsk bart soks wol. Tink mar oan op-ende-op, wat letter op-en-top wurden is.

Hottefylje
Betsjutting: spul hawwe, ferbaal rûzje meitsje, Nederlânsk: kibbelen.
Synonimen: kibje, dwersbongelje. Ek wol: omhottefylje (ek yn de betsjutting datst hiel lang oan it ompielen bist).

Wêr komt it wei?
Om der efter te kommen wêr’t it wurd wei komt ha ik earst ris sjoen nei de opbou fan it wurd. Sa’tst wol sjen kinst bestiet it út twa dielen: ‘hotte’ en ‘fylje’.

Hotte, ek wol ‘hoatte’ betsjut ‘wetstien’. In stien dêr’tst dyn ark (messen ensfh.) skerper op slypje kinst of bramen fuort helje kinst. It tiidwurd ‘hotsje’ betsjut ek slypje. ‘Hotte’, ‘hotsje’ en ‘wetstien’ en it Nederlânske ‘wetten’ hawwe deselde oarsprong. Yn in hiel soad Germaanske talen komt it foar, bygelyks yn it Aldingelsk: ‘hwettan’ (yn it Ingelsk betsjut ‘to whet’ ek skerp meitsje) en it Aldnoarsk ‘hvetja’. Allegear mei de betsjutting ‘skerp meitsje’.

Ast yn it wurdboek by ‘hotte’ sjochst dan komst dêr ek al  in pear útdrukkingen tsjin dy’t ús op it spoar fan ‘hottefylje’ bringe. ‘De hotte mei de file’: twa persoanen/partijen dy’t oaninoar weage binne en ‘de hotte en de file reitsje inoar’:  twa finnige persoanen krije spul.

Dus as de ‘hotte’ en de ‘file’ inoar reitsje dan krijst wjerstân, fonken, skerpsliperij. Dy ferbining mei ‘skerp’ yn rûzjes en diskusjes komt faak foar. Ien kin skerp út ‘e hoeke komme. Ast in skerpsliper bist giest altyd oeral tsjinyn.

In ‘file’ is dan fansels in ‘vijl’. In raspich stik ark dêr’tst dingen glêd mei meitsje kinst. Net dy rige auto’s dêr’tst wolris yn terjochte komst. Al kin dat it hottefyljen wol befoarderje fansels.

Lêbich
Betsjutting: smeulsk, spitich, ûnfreonlik en sneu, haatlik, eamelich, seurderich, nei lêb smeitsjend.
Synonimen: eamelich , seurderich , smeulsk , haatlik, ferfelend, traach, sleau.
Utdrukkingen: lêbige tsiis, goare molke. Ek lêbje: haatlik prate, eamelich, seurderich prate.

Wêr komt it wei?
Lêbich seit men fan guod dat soer en ferkeard wurden is. Yn de bou wurdt ek wolris fan lêbich sân praat, dat is dan sêft sân dat yn de spesy net goed hurd wurdt. It ferwiist nei de 4e mage fan de ko. It maachsop fan noftere keallen waard eartiids brûkt om tsiis mei te meitsjen. As it by de molke dien wurdt stremmet it en ûntstiet der brok (wrongel). It begjin fan tsiis dus. Leb smakket soer, net oangenaam. Sa is it dus ek in wurd wurden om ‘soer’ en ûnoangenaam gedrach te beneamen. It giet om in hiele rige fan irritant gedrach: haatlik, seurderich, flau, ûnfreonlik, traach prate, klierich. Kinst lêbich wêze, mar ek lêbich prate, dan bist oan it lêbjen.

De útspraak fan it wurd past ek hiel goed by it gefoel dat it útdrukt. Dat komt fansels troch dy ‘ê’ klank, of ‘blèèèh’-klank. ‘Ik hâld hjir no mei op, want ik wurd lêbich fan it lêbjen…’

Daaie
Betsjutting: de hjitte fan eat ferdrage, útstean en ferneare, talitte, duldzje, (gjin) hjitte ferneare kinne benammen fan drinken, figuerlik (net) in soad hawwe kinne, útstean kinne. Synonimen: ferneare. Oersetting: gedogen, dulden.

Utdrukkingen: men kin gjin gleon izer mei hannen daaie.

 

Wêr komt it wei?
Doe’t ik lêsten in lange treinreis meitsje moast, traktearre myn reisgenoat op kofje. En dat wie flink hyt. Ik wie der wat mei oan. Ik koe de beker amper fêst hâlde. ‘Kinst it wat daaie?’, frege er. ‘No nee, eins net.’ Moai wurd, tocht ik der gelyk achteroan ‘en lang net heard’. Daaie betsjut de hjitte fan eat fan ferdrage of in soad hawwe kinne of immen duldzje. Ik ken it benammen yn de earste betsjutting. It wurdt meastal brûkt mei it wurdsje ‘net’ derby. Want meastal kinst saken of minsken earder ‘net daaie’ ynstee fan al. As Nederlânske oersetting wurdt ‘gedogen’ of ‘dulden’ jûn, mar foar myn gefoel dekt dat de lading dochs net hielendal. De koffie gedogen of dulden? Nee… yn it Frysk hat daaie yn dit gefal dochs wat in oare betsjutting dy’t yn it Nederlânsk fan no tink ik ferlern gien is. It Nederlânske ‘gedogen’ wurdt yn it Frysk yn de measte gefallen dan wer: ferneare, talitte, duldzje, tastean, net daaie. Een ‘gedoogconstructie’ is gjin ‘daaikonstruksje’. Gedogen, daaie en ek deugen binne fan oarsprong wol mei-inoar ferbûn en hawwe deselde oarsprong. ‘Daaie’ komt fan it Aldfryske ‘deya’ in foarm dy’t mei lytse fariaasjes ek yn oare Aldgermaanske talen foarkomt. lykas yn it Aldnoarsk en Aldingelsk.

Weit(en)
Weit: tarwe, moal fan tarwe. Oersetting: tarwe, gepeld, bleek, ziekelijk, halfzacht, verwijfd.
Weiten: fan weit (tarwe). Yn it gefal fan hinnen: mei kleure plakjes, spikkele.
Utdrukking: in weiten hin/mantsje wêze: in syklik, bleek, ferweakke persoan/man wêze.

Wêr komt it wei?
Ien fan de harkers fan Goeiemiddei kaam mei de fraach wat ‘weiten’ is en wêr’t ‘weiten koekje’ weikomt. Weiten koekje betsjut eins in koekje fan ‘tarwe’. Yn it Frysk is tarwe ‘weet’ of ‘weit’. Tink ek oan grouweiten bôle (volkorenbrood).  Yn it Nederlânsk waard ‘weit’ earder ek wol brûkt, mar komst it no eins allinnich noch mar tsjin yn ‘boekweit’. En dat ‘boek’ slacht dan net op it ding datst lêze kinst, mar op de beam de ‘beuk’, yn it Frysk in ‘bûk’, wylst ‘boekweit’ yn it Frysk dan frjemd genôch wer ‘boekweit’ is en gjin ‘bûkweit’. Yn it Ingelsk is tarwe ‘wheat’, dus sawat itselde as yn it Frysk. En yn it Dútsk is it Weizen, by ús benammen bekend fan it Weizen-bier. Dat is dus bier fan tarwe. Nei alle gedachten komme de beneamingen ‘wytbier’, ‘witbier’ en ‘Weißbier hjir ek wei en slacht it net op de kleur, mar is it in ferbastering fan ‘weit’. Mar… weit is dan wer ôfkomstich fan it wurd ‘wyt, Weiß, white, wit’, fanwege de kleur fan it moal, dus úteinlik komt it wol wer fan de kleur…

Sib/sibbe
Sib: ferwant, neiste famylje. (Sibbe famylje). Troch freonskip of leafde ferbûn. In sibbe freon is in hiele goeie freon. Sibbe: alle troch bloed ferbûne leden fan ien famylje mei-inoar; immen út ‘e selde famylje; neibesteande.

Oersetting: bloedverwant, familie, sibbe, familielid, nabestaande. ‘Besibbe wêze oan’ betsjut ‘verwant zijn met’.

Wêr komt it wei?
Sib en sibbe binne âldfryske wurden. De wurden komme ek yn oare Germaanske talen foar, lykas yn it Dútsk, Nederlânsk, Noarsk en Ingelsk. Tink dêrby benammen ek oan it Ingelske ‘sibling’. De oarsprong fan de betsjutting leit nei alle gedachten by ‘leaf’, ‘gelok’, ‘freonskip’, ‘leafde’. Ferbining fiele dus. Grappich is dat ek it Ingelske wurd ‘gossip’  hjir syn oarsprong fynt. Dat wie ynearsten ‘Godsib’, in ‘peetheit of -mem’. Letter is de betsjutting ferskood nei goeie kunde, freonen of buorlju yn it algemien en dan benammen yn de betsjutting fan froulju dy’t oanwêzich binne by in befalling. Fan dêrút is de betsjutting wer ferskood nei ‘rabje’ (roddelen).

Yn it Ingelsk wurdt ‘sibling’ gewoan brûkt, it is dêr yn 1903 op ‘e nij yntrodusearre, mar yn it Frysk en it Nederlânsk is it dochs wol fuortsakke. It soe moai wêze as it hjir ek wer nij libben yn blaast wurdt, want it is ek in moai neutraal wurd om dy bruorren en susters mei oan te tsjutten ek as dy bygelyks genderneutraal of genderfluide binne.

Goarre
Besmetlike sykte, benammen gryp, epidemy; eat dat tydlik yn ‘e moade is, raazje; in âld hynder; in gjirrige/sunich persoan; wetterich, sompich lân.

Oersetting
Epidemie, griep, rage, oud paard, gierigaard.

Wêr komt it wei?
Neist it wurd ‘goarre’ bestiet ek it tiidwurd ‘goarje’: ‘sukkelen’, ‘ziekelijk zijn’ en der is in ferbân mei ‘earmoede’ en ‘sunigens’. It waar kin ek ‘goarrich’ wêze. Kâld waar dêr’st siik fan wurdst. Ast nei de betsjutingen sjochst hat it allegear wat te krijen mei fizichheid, suterichheid, earmoede. It is foar it earst optekene yn de 19e iuw, mar dat betsjut fansels net dat it earder net bestie.

It is net dúdlik wêr’t it wurd syn oarsprong fynt. Ik ha ek net echt in link fûn mei oare talen, mar dat wol net sizze dat dy der net is. Is der in ferbân mei it wurd ‘goar’? Dat soe kinne. Is der in link mei ‘goart’ (yn it Nederlânsk gort of parelziekte, tbc by benammen fee)? Dat wie fansels ek tige besmetlik. It is allegear net hielendal dúdlik. Ik fyn it wol in moai Frysk wurd, dat ek wol it júste gefoel werjout. Ast it wurd ‘goarre’ hearst ropt dat net gelyk positive gefoelens op troch de klank en de assosjaasje mei goar. It is dúdlik in wurd dêrst it leafst sa min mooglik mei te krijen hawwe wolst.

Muoike
(skoan)suster fan mem of fan heit, âldere frou yn it algemien. Synonym: tante.

Oersetting
Nederlânsk: tante. Ingelsk: aunt.

Wêr komt it wei?
‘Muoike’, de measte Friezen sille it wurd wol kenne, mar wa brûkt it noch? Ik bin al fan de generaasje dy’t allinnich noch mar tantes hat en ik bin sels ek tante Mirjam. No komt ús famylje út de Súdwesthoeke en dêr skynt, lykas yn de Wâlden,  ‘tante’ earder yn algemien gebrûk rekke te wêzen, as yn de rest fan Fryslân. Us mem hie noch wol muoikes en ik brûk ‘muoike’ dan ek allinnich noch mar as oantsjutting foar de susters fan ús beppe. In rûntsje by de kollega’s jout itselde byld. Mar… in pear wike lyn hearde ik it jong famke sizzen tsjin in frou dy’t ek noch wer in stikje jonger wie as my. ‘Mei ik wol in pûdsje sjips muoike?’

‘Muoike’ of meu, moei, mome, muome kaam earder yn alle Germaanske talen foar, tink ek mar oan it wurd petemoei yn it Nederlânsk. En oan dy hiele ferneamde Fryske ‘tante’: Marijke Meu (Maria Louise van Hessen-Kassel). Muoi of meu waard ek gauris efter de eigennamme set. Gepke-muoi, Tryntsje-muoi.

It waard ek wol denigrearjend brûkt yn de foarm fan ‘eameltsjemuoi’ (eameltante), sjutsjemuoi (sleauwe tante) en tuttemuoi bygelyks.

Muoike is in ferlytsing fan muoi of meu en besibbe oan it wurd mem en fan dêrút oan it Aldfryske ‘moder’. Mem en muoike binne dêr ‘flaaifoarmen’ fan, ûntstien troch lytsebernetaal lykas mama,  mar bygelyks ek lykas de Fryske wurden pake en beppe.

Sawat oeral is dy foarm ‘muoike’ no ferdreaun troch ‘tante’ dat út it Frânsk hjirhinne kaam is. It Ingelske ‘aunt’ komt dêr ek fan. Wat dat oanbelanget hat it yn it Frysk noch aardich lang stân hâlden yn ferliking mei it Dútsk, Sweedsk, Nederlânsk en Ingelsk.

Douwe Tamminga hat oer muoike in stikje skreaun dat yn Op ‘e Taalhelling (diel II, 1971) stiet. Hy seit dêr û.o. dit oer: ‘As it wier sa is, dat foar it – faak ûnbewuste – taalbesef fan hast alle Frysktalige Friezen it wurd ‘muoi(ke)’ keppele wurdt oan it begryp âlderdom of sels âlderwetskens, wylst de foarm ‘tante’ assosjaasjes opropt oan jong, modern, heger yn oansjen, dan kriget yn ‘e striid tusken dy twa ‘muoike’ in swiere sile. Om it te rêden fan weiwurden sil dat hiele, jawis, faak ferkeard ynstelde taalbesef fan de measte Friezen omset wurde moatte….
Wy beskôgje ‘tante’ no noch as in evidint en hinderlik Hollânsk ynslûpsel. Mar hoefolle generaasjes fan Frysktaligen sil dat besef noch bybliuwe?’

Stro
Nederlânsk: struif.
Ingelsk: omelet, crumb

Betsjutting
Tinne, rûne koeke fan moal, aaien en molke, bakt yn in platte panne pankoek

Utdrukkingen
Moatst de stro net om in aai bedjerre  (by it fertellen in leagentsje net skromje)
Sa plat as in stro
In stro yn ‘e ûne hawwe  (yn ferwachting wêze)
As men witte wol hoe’t de stro smakket moat men se priuwe (yn ‘e praktyk learst it it bêste)

It wurd komt ek werom yn potstro, in gerjocht dat no net mear in soad iten wurdt, mar miskien noch wol in bytsje bekend is fan namme. It is in tsjokke brij fan moal, sean yn molke of sûpe en it wurdt meast iten mei sjerp en spek(fet). Utrdukkingen mei potstro: sa slûch/sa min as potstro. Hy is sa goed as bôle en sa sêft as potstro. Hy is it oanbaarnsel fan ‘e potstro net wurdich.

As bern ken ik it ‘stro’ fan in Sint Piterferske (ik kom fan Grou).

Sint-Pitersdei

Dan grienet de wei
Dan bakt mem stro
Dan keallet de ko,
Dan leit de hin
Dan hat de húsman it nei syn sin.

Lykas guon Sinteklaasferskes dy’t ek gauris ûnbegryplik binne foar bern, fûn ik dit ek altyd in geheimsinnich ferske dêr’t ik net in soad fan begrypte. Wêrom bakt mem yn de goedichheid strie? En wêrom wurdt dat hjir ‘stro’ neamd?

Wêr komt it wurd wei?
De oarspronklike betsjutting fan it wurd is ‘it stive, it starre’ en it ferwiist dus nei hoe’tst it makkest. Trochdatst beslach yn it panne mei hite bûter of fet jitst, ûntstiet der in stivere substânsje, in platte koek: de pankoek, omelet, of earder dus: stro. Tink dêrby ek oan it wurd ‘stroef’ of ‘stûf’. Stro komt yn min ofte mear deselde foarm ek foar yn it Dútsk ‘Straube’ en yn it Ned.: struif of struuf. It is in Germaansk wurd.

Bodzje
Nederlânsk: zwoegen, zwaar werk doen.
Ingelsk: to toil, to drudge.

Betsjutting
Swier (grûn)wurk dwaan, stront of grûn fynmeitsje oer de greide, fan swiere klaai: opskowe, opstrûpe foar it ploechizer of oar ark, mei muoite bewege, gean.

Oersetting/synonym
Bealgje , ezelje , ploegje , poddebûkje , wrame , wrotte.

Utdrukkingen
Better te bodzjen as te skoaien  (it is better dat men jins lean fertsjinnet mei hurd wurkjen as mei biddeljen)

Sân jier moat men bodzje om ien goed jier  (men moat lang en hurd wurkje om in behoarlik bestean te beskreppen)

In bodder: is in hurde wurker, ‘zwoeger’.

Wêr komt it wei?
It is net helder wêr’t it wurd no krekt weikomt. Der binne hjir en dêr wat oanknopingspunten, mar hiel fier komme wy dêr net mei.

Yn it tiidwurd ‘bodzje’ sit it wurd ‘bodde’. Bodde hat yn it Frysk ferskate betsjuttingen:
–          frachtslide, lânbou-ark dat oer in stik lân lutsen wurdt om kluten en dong fyn te meitsjen
–          earmoedich hûs

De earste betsjutting komt oerien mei wat wy ûnder bodzje fersteane. Slepe en wrotte en hurd wurkje om wat fan a nei b te krijen of om oer it lân te slepen. Dêr leit ek de direkte relaasje mei ‘bodzje’. Yn it Dútsk hast ek in wurd ‘Buddeln’ dat grave, wrotte en skeppe betsjut.

Yn it Nederlânsk hast dan ek noch it wurd ‘botte’, dat koer, koffer, draachkoer betsjut. Eat watst tille en slepe moatst. Botte hat yn dit gefal in direkte relaasje mei it Frânske bouteille en it Ingelske bottle, dat komt fan it Latyn ‘butta’ (fles, kûp, sek), mar mooglik hat it ek in Germaanske oarsprong. Yn it Frysk wurdt dat ek wol boat of boatte of buotte neamd (in meast houten reiskofferke). Hat dat wat mei de ‘bodde’ as stik ark te krijen?

De oare betsjutting hat fermoed ik ek net in direkte relaasje mei bodzjen, al bin ik dêr net 100% wis fan. In bodde is in earmoedich hûs, in skuorre, hutte, en ek bun/beun: plak om libbene fisk te bewarjen. Tink ek oan it Ingelske booth en it Dútske Bude en it Ned. boede (besibbe oan ‘boedel’/’boel’). Dat wurd hat wer in Germaanske oarsprong. En soest fansels sizze kinne dat in soad bodders yn in bodde wenje, om’t hurd fysyk wurkjen faak net it aldermeaste opsmyt… Tink mar oan dy 2e útdrukking: Sân jier bodzje om ien goed jier te hawwen.

Lins
Frije tiid, tiid dat net wurke wurdt.

Oersetting/synonym
Rêst, skoft. Nederlânsk: rust, pauze. Ingelsk: rest, break.

Wêr komt it foar?
Lins komt noch wolris foar yn de nammen fan húskes. Op Skiermûntseach is in fakânsjehúske dat Efkes Lins hjit en by Marknesse is in miny-kemping mei de namme Efkes-Lins. Op de website fan it fakânsjehúske stiet de útlis fan de namme derby: Fries voor ‘Even ontspannen’.

Wêr komt it wei?
‘Lins’ yn it Nederlânsk ‘lens’ hat as betsjutting ‘leech’ en ‘krachteleas’ of ‘slop’ en ek ‘kalm’, ‘rêstich’ of ‘sêft’. De útdrukking ‘iemand lens slaan’ komt hjir ek wei. Immen sa slaan dat er gjin krêften mear hat, leech is. Ek yn it Frysk betsjut ‘lins’ ‘leech’. De pomp is ‘lins’ (der sit gjin wetter mear yn).

Ast lins hast, hast dus ‘lege tiid’; tiid foar dysels dêrst neat yn hoechst. “Hè,hè, efkes lins.”
It hat in oare wearde as bygelyks ‘skoft’, wat ferwiist nei tiid dy’tst hast om te iten. Tink ek mar oan it Nederlânske ‘schaften’. Yn it skoft moatst dus wat, dy tiid hat in doel.

It is lykas sa faak net hielendal wis wêr’t it wurd syn oarsprong fynt. It soe fan it Aldfrânske lenz komme kinne (krachteleas, slop) en it Latyn lentus: buigzaam, soepel. Yn oare talen komt de foarm ek foar, tink bygelyks oan ‘lithe’ (sprek út as ‘lait’) yn it Ingelsk en linn yn it Noarsk, dat ‘kalm’, ‘myld’ (bygelyks fan it waar) en ‘soepel’ en ‘linich’ betsjut. Fia it Germaanske paad komst dan fia it Proto West Germaaansk, it Proto Germaansk, by it Prot Indo Europeeske ‘lentos’ út.

Hoe dan ek: wat mear lins is goed foar in mins.

Wjuk
Part fan it lichem fan fûgels of ynsekten of oar wêzens dêr’t se mei fleane; langwerpich, útstekkend ûnderdiel as draachflak fan in fleantúch; elk fan ‘e fjouwer draaibere earms fan in mole.

Oersetting/synonym
Nederlânsk: vleugel, wiek. Ingelsk: wing, wick. Synonimen: flerk, fleugel, ek wjok.

Wêr komt it foar?
Wjuk is in wurd dat (noch) net folslein fergetten is. It wurdt noch wol brûkt, mar ik woe him dochs besprekke om’t der hieltyd faker ‘fleugel’ brûkt wurdt of ‘wyk’ as it om de mole giet. Der is in strjtte yn Ternaard dy’t Wjuk hjit en yn Boarnburgum is der in pjutteboartersplak mei de namme ‘De earste wjuk’. En der binne ek skoallen mei ‘wjukslach’ yn de namme. By aaisikers en fûgelleafhawwers is fansels de útdrukking ‘oer de wjuk gean/slaan/draaie’ wol bekend.

Wêr komt it wei?
It wurd ‘wjuk’ hat deselde oarsprong as it Nederlânske ‘wiek’. Oarspronklik hie it de betsjutting fan pluksel of lont/pit foar in lampe (yn it Frysk ek ‘wyk’ neamd, en yn it Ingelsk ‘wick’). Dy betsjutting is yn de Aldgermaanske talen tige algemien. Letter is dy betsjutting eins hielendal ferlern gien en ferkrongen troch de betsjutting fan ‘earm of blêd fan in mûne’ en yn de 18e ieu is dêr de betsjutting fan fleugel fan in fûgel of ynsekt bykaam. It is in Germaansk wurd en it is fierder net bekend wêr’t it wei komt. Yn it Nederlânsk wurdt ‘wiek’ as betsjutting fan ‘fleugel’ net in soad mear brûkt, mar komt it noch wol foar yn gearstallingen as ‘klapwieken’ en ‘kortwieken’ en ‘in zijn wiek geschoten’ zijn.

By ús komt it, sa’t ik krekt al sei, benammen noch foar by ‘oer de wjuk gean/draaie/slaan’. Ek in minsk kin oer de wjuk draaie, bygelyks by it fierljeppen en kinst ek op ‘izeren wjukken’ gean. Dan bist oan it reedriden en ast dat net goed kinst, bist in ‘wjukkelder’ of oan it ‘wjukkeljen’. Wjukkelje betsjut dan ‘fladderje, mei earms en skonken bewege, muoite stean om stean te bliuwen’: wjukkelje as in oansketten einfûgel. En lykas yn it Nederlânsk kinst ‘Yn ‘e wjuk sketten’ wêze. En de tiid hat fansels ek ‘wjukken’. Fûgels kinne fansels ek ‘wjukwapperje’ (klapwieken) lykas de ljipkes yn it ferske ‘Wat bisto leaflik rizende simmermoarn’. En no’t wy it dochs oer muzyk hawwe: wa ken de band Wiegels Wjukkelmasine noch? En is wjukkelmasine dochs eins net in folle moaier wurd as helikopter?