Oprop fotoshoot
Foar bygelyks ús kursusbrosjuere, ús website en ús social mediakanalen binne wy altyd op syk nei goed byldmateriaal. Dêrom organisearje wy op freed 17 maaie de middeis in fotoshoot. Hast alle yngrediïnten foar in searje goede foto’s binne oanwêzich: ideeën, in moaie lokaasje en in profesjonele fotograaf. Wy sykje allinne noch entûsjaste minsken dy’t model wêze wolle. Dus, bisto:
- Tusken de 18 en 80 jier âld?
- Hâldst fan Fryslân en it Frysk?
- Wolst de Afûk in gesicht jaan? En bist op freed 17 maaie tusken 12.00 en 17.00 oere beskikber?
Jou dy dan gau op!
Stjoer foar uterlik 1 maaie o.s. in mailtsje mei dyn kontaktgegevens, leeftiid en twa skerpe foto’s fan dysels (portret- en totaalbyld) nei: j.stienstra@afuk.nl. Do hearst dan sa gau as mooglik fan ús, mar yn alle gefallen foar woansdei 8 maaie, oftsto selektearre bist foar de shoot.
Fan ús krigest
- in reiskostefergoeding
- en fansels ivige rom!