Foto fan it artikel yn de LC d.d. 9 juny 2020

Anne-Goaitske Breteler en Sytze de Haan beginnen Fryske podcast

Over het Fries Vrije tijd
9 juni 2020
De vrienden Anne-Goaitske Breteler van Ternaard en Sytze de Haan van Holwerd beginnen een podcast om het Fries wat dichterbij te brengen. De podcast heet: Frysk Bloed, Tsjoch! Beide hebben ze heel wat afgereisd en gezien, maar bij beide komt de liefde voor Fryslân en het Fries altijd weer naar boven drijven.

“We freegje ússels lûdop ôf wat it betsjut om yn Fryslân te wenjen en wat dat mei it Frysk te meitsjen hat en yn hoefier’t we dat yn it deistich libben tsjinkomme. En we binne al hiel lang befreone en fine it leuk om mei elkoar te praten. Doe tochten we dan settte we der in mikrofoan ûnder en sjogge we wol wat wat derút komt”, ljochtet Anne-Goaitske Breteler ta.

Nei de pilot sille se no de earste echte ôflevering opnimme. “We dogge elke kear in tema en dat soe hjoed wêze hoe’t it is om op te groeien op it Fryske plattelân, mar fanwegen de aktualiteit prate we no oer Black Lives Matter en hoe’t we dêrmei te meitsjen hawwe”, fertelt Sytze de Haan. “En dat dogge we lekker ynformeel, soms mei in drankje derby”, follet Anne-Goaitske oan.

Mei de podcast foar en troch de Friezen wolle se har mear bewust wêze fan it brûken fan it Frysk. “Trochdat ik wit dat we dat ien kear yn de twa wiken de podcast opnimme, bin ik my der no al mear bewust fan: wat is der bard dat typysk Frysk is. Miskien fine harkers dat leuk, mar kinne sy ek neitinke oer wat Frysk foar har betsjut. We ha ek de kategory ‘it Fryske momint fan de wike’ en no al sjoch ik mear om my hinne”, seit Breteler.

De Haan brûkt it Frysk net safolle yn it deistich libben, no is er der mear bewust mei dwaande. “Myn Frysk is net perfekt, mar ik bin wol grutsk dat ik in Fries bin en dat wolle we sjen litte.”

“It measte dat makke wurdt, hat de ynstek fan korrekt Frysk, mar it is net de bedoeling dat Fryslân hast karikaturaal tentoansteld wurdt. Ik wol sjen litte hoe’t in 24-jierrige op it plattelân nei Fryslân sjocht”, beslút Breteler.

Beluister de podcast. Voor een perfect Friese taalcursus ga je natuurlijk naar de Afûk 😉