Voor de fans: het ‘bûsboekje’ 2022 ligt in de winkel!

Boeken fan Fryslan Op het werk Vrije tijd
6 augustus 2021
Het nieuwe 'Fryske bûsboekje' (2022), dé Friestalige zakagenda, ligt in de winkel! Dit jaar is het thema: 'diel de romte'. De redactie koos dat thema met een knipoog naar de anderhalve meter (corona), maar ook met het oog op het Friese platteland waar we zuinig op moeten zijn. Het eerste exemplaar werd onlangs aangeboden aan Jantien de Boer, bekend van haar verhalen over 'landschapspijn'.

Yn it nije Bûsboekje jout de redaksje ûnderskate perspektiven op ‘romte’. Sa is der in bydrage oer it Frijlân, dêr’t in lytse mienskip de romte dielt. Mar ek oer it hâlden fan in petear mei immen dêr’t men it folslein net mei iens is.

Der wurdt ek nei it ferkear sjoen: guon plakken yn Fryslân binne ‘shared space’. Dêr moatte auto’s, fytsers en kuierders de romte diele.

Ek binne gedichten opnommen dy’t passe by it tema: fan Tjits Peanstra (‘hûs fan stilte’) en fan Obe Postma (‘de stêd’). It boekje jout omtinken oan Arcadia, in grut program mei poadiumkeunsten fan 7 maaie oant 14 augustus 2022. Fierders stiet it Bûsboekje wer fol mei siswizen, in puzel en adressen fan Fryske organisaasjes.

Fynst it bûsboekje fansels by de Afûk Fryske boek- en kadowinkel oan de Bûterhoeke 3 yn Ljouwert of keapest it yn ús websjop. Leuk foar dysels mar ek as kadootsje. Mear ynformaasje oer it bûsboekje fynst hjir.