Het ‘fergetten wurd’ van 20 januari is ‘oates en toates’
Oates en toates
Betsjutting: hieltyd, faak, hieltyd wer; earne oates en toates wêze, earne hieltyd, wer wêze (kind aan huis zijn). Ek: hoater en toater, hoates en toates
Utdrukkingen
Earne oates-en-toates wêze (earne tige thús wêze, vaak komme – kind aan huis)
Hja binne oates en toates (hja geane in soad meielkoar om)
It is dêr allegear oates en toates (het is daar koek en ei)
Wêr komt it wei?
Der is earder wol tocht dat it komt fan it âlde wurd foar beppe ‘oate’ of ‘ate’ dat yn Hylpen en op de Lemmer noch wol foarkomt. It wurdt ek wol yn ferbân brocht mei it wurd ‘hotemetoot’, in bargoens wurdt dat nei alle gedachten fan it Japanske hatamoto komt. (direkte lienman fan de shogun). Oates en toates (otus en totus yn it Ned.) soe dan de man wêze dy’t op alles tafersjoch hâldt, mar dy ferbining is letterlik en figuerlik dochs wat te fier socht en dy betsjutting komt yn it Frysk ek net foar.
Oates en toates komt nei alle gedachten fan it Aldfrysk: ôther(e)s ende ôther(e)s. en ek dat betsjut: hieltyd wer, op ‘e nij. Ôther(e)s betsjut dan: oar of twadde. Lykas no it Fryske ‘oars’ of it Ingelske ‘other’. En tink ek oan bygelyks ‘oaremoarn’, dat is net samar in ‘oare moarn’, mar eins de twadde moarn. Yn it Nederlânsk komst dy betsjutting ek noch tsjin yn it ‘ander’ fan ‘eenmaal, andermaal’.
It ‘ende’ is stadich oan feroare en de d-klank is in t-klank wurden trochdat dy ferbûn waard oan de twadde ‘ôtheres’: ôtheres en tôtheres dus…en dat is úteinlik oates en toates wurden. Ek yn it Nederlânsk bart soks wol. Tink mar oan op-ende-op, wat letter op-en-top wurden is.
Meer vergeten woorden
Donderdag 17 februari is er weer een ‘fergetten wurd’. Stem om ongeveer 15.10 uur af op Omrop Fryslân Radio en luister naar het programma ‘Goeiemiddei‘. Kijk hier voor meer ‘fergetten wurden’.