Het ‘fergetten wurd’ van donderdag 16 mei is ‘Petiele’

Over het Fries
16 mei 2024
Iedere maand bespreekt Mirjam Vellinga een bijzonder of vergeten Fries woord op Omrop Fryslân Radio in het programma 'Goeiemiddei' met Johan Terpstra en Diana de Groot. Vandaag ging het over het woord: ‘petiele'.

Vertaling
Ned: schotel, plateel, platte schaal
Eng: plate, dish

Betekenis
plat board, plateel, skûtel

Waar komt het vandaan?

Mirjam: “Earst efkes wat oars. Ien fan de harkers kaam de foarige kear mei de fraach oft ik it wurd ‘hean’ wol koe. Ik ha der wolris fan heard, mar wat it no krekt betsjut wist ik ek net, dat ik ha it efkes opsocht.

Hean betsjut ‘meager’, ‘suterich’, ‘krap’. Yn it Nederlânsk: ‘schraal’. In hean persoan is in meager, skriel persoan, in hean jaske is in jaske dat krap sit en hean lân, lân dat net fruchtber is. Dêrneist betsjut it ek noch ‘bies’ of ‘waterbies’. Wêr’t it krekt weikomt is my net hielendal dúdlik. Etymologysk wurdt der ferwiisd nei it Nederlânske ‘heen’, mar dêr sjoch ik it ferbân net gelyk, dus dat ferget noch wat mear ûndersyk…

No nei ‘petiele’. Ik ken it wurd eins allinnich mar út de titels fan Fryske itensiedersboeken: de Fryske petiele en de Nije petiele. De Fryske petiele is in âld itensiedersboek fan Simke Kloosterman, en de Nije petiele is foar in part ynspirearre op dat boek en makke troch Wieke de Haan, út 1993. Petiele is in oar wurd foar plat board of skûtel. Yn it Nederlânsk ‘plateel’. It komt fan oarsprong út it Frânsk: platel (plaat, bord), tink ek oan it wurd ‘plateau’ en it Ingelske ‘plate’ en ‘platter’.
In Fryske petiele is in grutte platte skaal, mar de betsjutting giet fierder as de skaal sels, it giet der dan ek om wat der op leit. It iten dus. “De petielle wier in greate platte panne of skûtel, dy kaem op ‘e tafel mei trettsien of fjirtsien gerjuchten der op.” [W. Dykstra, Fr.V.Alm., 44, [1884].] It koe ek it folume of kwantiteit oanjaan: in petieltsje fleis (hoefolle der likernôch op in skaal/petiele past.)

Dêrneist hat it Nederlânske plateel him noch wer wat oars ûntwikkele. Dat betsjutte earst ek ‘platte skaal’ en dat koe fan allerhande materialen wêze. Yn de 17e iuw ûntstie der in yndustry om skalen en oare saken fan ierdewurk te meitsjen (neffens foarbyld fan it Sineesk porslein). Ek yn Fryslân. Dat waarden plateelbakkerijen neamd. En dêrby giet it dus spesifyk om guod dat fan ierdewurk makke is (lykas Delfts Blauw).”

Meer vergeten woorden?
Donderdag 13 juni is het weer tijd voor een nieuwe ‘fergetten wurd’. Stem om plm. 15.10 uur af op Omrop Fryslân Radio en luister naar ihet programma ‘Goeiemiddei‘. Sjoch hjir foar mear ‘fergetten wurden’.