Het ‘fergetten wurd’ van donderdag 17 november is ‘muoike’

Leren & onderwijs Op het werk Over het Fries Vrije tijd
17 november 2022
Iedere maand bespreekt Mirjam Vellinga een bijzonder of vergeten Fries woord op Omrop Fryslân Radio in het programma 'Goeiemiddei' met Johan Terpstra en Diana de Groot. Vandaag ging het over het woord  'muoike'.

Nederlands: tante. Engels: aunt.

Betekenis
(skoan)suster fan mem of fan heit, âldere frou yn it algemien

Vertaling/synoniem
Tante.

Oorsprong
‘Muoike’, de measte Friezen sille it wurd wol kenne, mar wa brûkt it noch? Ik bin al fan de generaasje dy’t allinnich noch mar tantes hat en ik bin sels ek tante Mirjam. No komt ús famylje út de Súdwesthoeke en dêr skynt, lykas yn de Wâlden, ‘tante’ earder yn algemien gebrûk rekke te wêzen, as yn de rest fan Fryslân. Us mem hie noch wol muoikes en ik brûk ‘muoike’ dan ek allinnich noch mar as oantsjutting foar de susters fan ús beppe. In rûntsje by de kollega’s jout itselde byld. Mar… in pear wike lyn hearde ik it jong famke sizzen tsjin in frou dy’t ek noch wer in stikje jonger wie as my. ‘Mei ik wol in pûdsje sjips muoike?’

‘Muoike’ of meu, moei, mome, muome kaam earder yn alle Germaanske talen foar, tink ek mar oan it wurd petemoei yn it Nederlânsk. En oan dy hiele ferneamde Fryske ‘tante’: Marijke Meu (Maria Louise van Hessen-Kassel). Muoi of meu waard ek gauris efter de eigennamme set. Gepke-muoi, Tryntsje-muoi.

It waard ek wol denigrearjend brûkt yn de foarm fan ‘eameltsjemuoi’ (eameltante), sjutsjemuoi (sleauwe tante) en tuttemuoi bygelyks.

Muoike is in ferlytsing fan muoi of meu en besibbe oan it wurd mem en fan dêrút oan it Aldfryske ‘moder’. Mem en muoike binne dêr ‘flaaifoarmen’ fan, ûntstien troch lytsebernetaal lykas mama,  mar bygelyks ek lykas de Fryske wurden pake en beppe.

Sawat oeral is dy foarm ‘muoike’ no ferdreaun troch ‘tante’ dat út it Frânsk hjirhinne kaam is. It Ingelske ‘aunt’ komt dêr ek fan. Wat dat oanbelanget hat it yn it Frysk noch aardich lang stân hâlden yn ferliking mei it Dútsk, Sweedsk, Nederlânsk en Ingelsk.

Douwe Tamminga hat oer muoike in stikje skreaun dat yn Op ‘e Taalhelling (diel II, 1971) stiet. Hy seit dêr û.o. dit oer: ‘As it wier sa is, dat foar it – faak ûnbewuste – taalbesef fan hast alle Frysktalige Friezen it wurd ‘muoi(ke)’ keppele wurdt oan it begryp âlderdom of sels âlderwetskens, wylst de foarm ‘tante’ assosjaasjes opropt oan jong, modern, heger yn oansjen, dan kriget yn ‘e striid tusken dy twa ‘muoike’ in swiere sile. Om it te rêden fan weiwurden sil dat hiele, jawis, faak ferkeard ynstelde taalbesef fan de measte Friezen omset wurde moatte….
Wy beskôgje ‘tante’ no noch as in evidint en hinderlik Hollânsk ynslûpsel. Mar hoefolle generaasjes fan Frysktaligen sil dat besef noch bybliuwe?’

Mear fergetten wurden
Donderdag 15 december is het weer tijd voor een ‘fergetten wurd’. Stem om plm. 15.10 uur af op Omrop Fryslân en luister naar het programma ‘Goeiemiddei‘. Kijk hier voor de ‘fergetten wurden’ die inmiddels de revue zijn gepasseerd.