Het ‘fergetten wurd’ van donderdag 21 maart is ‘Manneboet’

Over het Fries
21 maart 2024
Iedere maand bespreekt Mirjam Vellinga een bijzonder of vergeten Fries woord op Omrop Fryslân Radio in het programma 'Goeiemiddei' met Johan Terpstra en Diana de Groot. Vandaag ging het over het woord: ‘manneboet'.

Vertaling
Ned: verantwoordelijkheid
Eng: responsibility

Betekenis
Op eigen manneboet – op eigen inisjatyf, op eigen ferantwurding. Synonym: op eigen houtsje.

Waar komt het vandaan?
Manneboet komme wy eins allinnich mar tsjin yn de fêste útdrukking ‘op eigen manneboet’, eat op eigen manneboet dwaan, op eigen houtsje, op eigen ferantwurding.

No is neist ‘manneboet’ ek ‘banneboet’ bekend en dêr sit de kaai fan it komôf fan dizze útdrukking. It komt fan oarsprong fan ‘ban en bod’ of ‘ban en boed’ en giet werom op de rjochtspraak. Beide wurden ‘ban’ en ‘bod’ wize werom op in ferbod. In ‘ban’ is in straf, ferfolging (tink ek oan ferbanning), en in ‘bod’ is in bekendmakking, befel, daging. It gie dêrby fan oarsprong dan om ‘ban en bod’ fan de kening. De útdrukking betsjut dus datst it risiko nimst om wat te dwaan wylst witst dat der in straf op stiet. Dat nimst dus foar eigen rekken.

Yn it Aldfrysk en ek yn oare Germaanske talen komt de kombinaasje fan ban en bod in soad foar. Troch ynfloed fan de ‘n’ yn it wurd ‘eigen’ is de ‘b’ feroare yn in ‘m’. En om’t de koarte ‘o’ klank feroare is yn ‘oe’ hat dat der foar soarge dat gauris tocht wurdt dat ‘boet’ werom giet op ‘boete’, mar dat is net sa. Eins soe ‘manneboet’ ek mei in ‘d’ op ’e ein skreaun wurde moatte yn stee fan mei in ‘t’.

It grappige is, dat de útdrukking ek yn it Nedersaksysk yn allerhande foarmen foarkomt. Dêr is ‘op iegen bandevoet (of bandevout)’ it meast gongber, al komt ‘man en voet’ bygelyks ek foar. Hjir is de útdrukking ek feroare om’t men net mear wit wêr’t er fan oarsprong weikomt en is ‘boed/bod’ feroare yn ‘voet’ om it foar de brûker begryplik te meitsjen.

Om’t it gebrûk fan ‘ban en bod’ net mear bekend wie en trochdat er benammen foarkomt yn de útdrukking ‘op eigen…’ is dy stadichoan hieltyd mear feroare.

(Boarne: Teake Hoekema, Us Wurk, 1961 en 1962.)

Meer vergeten woorden?
Tongersdei 18 april is it wer tiid foar in nij ‘fergetten wurd’. Stim om plm. 15.10 oere ôf op Omrop Fryslân Radio en harkje nei it programma ‘Goeiemiddei‘. Sjoch hjir foar mear ‘fergetten wurden’.