It ‘fergetten wurd’ fan tongersdei 22 febrewaris is: pûlemûlkje

Geen onderdeel van een categorie Over het Fries Vrije tijd
22 februari 2024
Iedere maand bespreekt Mirjam Vellinga een bijzonder of vergeten Fries woord op Omrop Fryslân Radio in het programma 'Goeiemiddei' met Johan Terpstra en Diana de Groot. Vandaag ging het over het woord: ‘pûlemûlekje'.

Vertaling
Ned: mompelen
Eng: to mumble

Betekenis
Amper of net fersteanbere lûden meitsje, wat foar jin út prate. Synonym: mompelje, eamelje, jeuzelje, mommelje, mûlkje, prommelje, wauwelje.

Waar komt het vandaan?
Pûlemûlkje, ek wol puollemuolkje of puollemûlkje, is in wurd dat net in soad brûkt wurdt, mar wol in hiel moai Frysk is. Mirjam kaam it wurd tsjin yn in kollum fan Pieter de Groot twa wike lyn dy’t oer de kwestje fan de ING gie: “En it Frysk komt dan oer as ûnfersteanber pûlemûlkjen.”

Pûlemûlkje betsjut ‘mompelen’, ‘wat yn dysels prate’. Dêr hat it Frysk ek nochal wat oare wurden foar: eamelje, jeuzelje, prommelje, wauwelje, mûlkje en mommelje bygelyks.
It wurd pûlemûlkje, bestiet út 2 dielen: pûle en mûlkje. It lêste part leit frijwat foar de hân. Dêr werkenst it wurd ‘mûle’ yn. Dus ‘mûlkje’ is yts watst mei de mûle dochst. Mûle en it Nederlânske ‘muil’ hawwe deselde komôf. It hie as oarspronklike betsjutting: ‘bek van een dier’, mar hat him yn oare Germaanske talen ek ûntwikkele ta ‘bek van een mens’ sis mar, en dat is yn it Frysk dus ek sa. Ek de wurden ‘smoel’ en ‘mokken’ falle ûnder dy wurdgroep.

Dan ‘pûle’, yn it Nederlânsk: ‘puilen’. Pûle soe dan te krijen hawwe mei de foarm dy’t de mûle gauris oannimt ast oan it mompeljen bist. Hast de mûle dan faak wat ticht en dyn lippen en mûle bewege dan foarút of it blaast wat op. Wurden as ‘peul’, ‘buil’ en ‘buidel’, yn it Ingelsk ‘bulge’ binne hjir ek mei ferbûn. Yn it Aldfrânsk is it ‘boulga’ en yn it Latyn ‘bulga’. Dêrneist klinkt it fansels ek gewoan lekker: pûlemûlkje. It klinkt yn himsels al wat mompelich.

Meer fergetten wurden?
Tongersdei 21 maart is it wer tiid foar in nij ‘fergetten wurd’. Stim om plm. 15.10 oere ôf op Omrop Fryslân Radio en harkje nei it programma ‘Goeiemiddei‘. Sjoch hjir foar mear ‘fergetten wurden’.