Het vergeten woord van donderdag 23 maart is ‘wjuk’

Leren & onderwijs Op het werk Over het Fries Vrije tijd
23 maart 2023
Iedere maand bespreekt Mirjam Vellinga een bijzonder of vergeten Fries woord op Omrop Fryslân Radio in het programma 'Goeiemiddei' met Johan Terpstra en Diana de Groot. Vandaag ging het over het woord 'wjuk'.

Betsjutting
– part fan it lichem fan fûgels of ynsekten of oar wêzens dêr’t se mei fleane
– langwerpich, útstekkend ûnderdiel as draachflak fan in fleantúch
– elk fan ‘e fjouwer draaibere earms fan in mole

Oersetting/synonym 
Nederlânsk: vleugel, wiek. Ingelsk: wing, wick. Synonimen: flerk, fleugel, ek wjok.

Wêr komt it foar?
Wjuk is in wurd dat (noch) net folslein fergetten is. It wurdt noch wol brûkt, mar ik woe him dochs besprekke om’t der hieltyd faker ‘fleugel’ brûkt wurdt of ‘wyk’ as it om de mole giet. Der is in strjtte yn Ternaard dy’t Wjuk hjit en yn Boarnburgum is der in pjutteboartersplak mei de namme ‘De earste wjuk’. En der binne ek skoallen mei ‘wjukslach’ yn de namme. By aaisikers en fûgelleafhawwers is fansels de útdrukking ‘oer de wjuk gean/slaan/draaie’ wol bekend.

Wêr komt it wei?
It wurd ‘wjuk’ hat deselde oarsprong as it Nederlânske ‘wiek’. Oarspronklik hie it de betsjutting fan pluksel of lont/pit foar in lampe (yn it Frysk ek ‘wyk’ neamd, en yn it Ingelsk ‘wick’). Dy betsjutting is yn de Aldgermaanske talen tige algemien. Letter is dy betsjutting eins hielendal ferlern gien en ferkrongen troch de betsjutting fan ‘earm of blêd fan in mûne’ en yn de 18e ieu is dêr de betsjutting fan fleugel fan in fûgel of ynsekt bykaam. It is in Germaansk wurd en it is fierder net bekend wêr’t it wei komt. Yn it Nederlânsk wurdt ‘wiek’ as betsjutting fan ‘fleugel’ net in soad mear brûkt, mar komt it noch wol foar yn gearstallingen as ‘klapwieken’ en ‘kortwieken’ en ‘in zijn wiek geschoten’ zijn.

By ús komt it, sa’t ik krekt al sei, benammen noch foar by ‘oer de wjuk gean/draaie/slaan’. Ek in minsk kin oer de wjuk draaie, bygelyks by it fierljeppen en kinst ek op ‘izeren wjukken’ gean. Dan bist oan it reedriden en ast dat net goed kinst, bist in ‘wjukkelder’ of oan it ‘wjukkeljen’. Wjukkelje betsjut dan ‘fladderje, mei earms en skonken bewege, muoite stean om stean te bliuwen’: wjukkelje as in oansketten einfûgel. En lykas yn it Nederlânsk kinst ‘Yn ‘e wjuk sketten’ wêze. En de tiid hat fansels ek ‘wjukken’. Fûgels kinne fansels ek ‘wjukwapperje’ (klapwieken) lykas de ljipkes yn it ferske ‘Wat bisto leaflik rizende simmermoarn’. En no’t wy it dochs oer muzyk hawwe: wa ken de band Wiegels Wjukkelmasine noch? En is wjukkelmasine dochs eins net in folle moaier wurd as helikopter?

Meer vergeten woorden?
Donderdag 20 april is het weer tijd voor een ‘fergetten wurd’. Stem om plm. 15.10 uur af op Omrop Fryslân en luister naar het programma ‘Goeiemiddei‘. Kijk hier voor meer ‘fergetten wurden’.