Nij ferskynd by de Afûk: Silke & Miss Dee

Berneboeke-ambassadeur Boeken fan Fryslan Vrije tijd
5 maart 2020
Silke & Miss Dee is een prachtig nieuw leesboek van schrijfster Baukje Wytsma (Reduzum) en illustratrice Carla van der Heijde (Leeuwarden). Uitgever Ernst Bruinsma over deze nieuwe uitgave: 'Het is geweldig om te zien hoe Baukje Wytsma na jaren weer met een nieuw kinderboek komt dat over een vertrouwd thema gaat, vriendschap en vertrouwen, maar tegelijkertijd helemaal van deze tijd is omdat het drietalig is geschreven. Een kinderboek dat alles in zich heeft om een klassieker te worden.'

De âlde Miss Dee dy’t yn Ingelân berne is, wennet mei hûn en kat in eintsje  bûten it doarp, ticht by de bushalte. De minsken fine har mar raar, want se sammelt fan alles en noch wat. Har hiele hûs leit fol. Bomfol. Sa is Miss Dee gek op kranten. Der lizze steapels troch it hiele hûs en der hingje selsmakke gerdinen fan krantepapier foar de finsters. De minsken sizze dat Miss Dee ûnder krantepapier sliept! Wa docht soks no?

As Silke, in famke dat in eintsje fierderop op in pleats wennet, op in kear yn it krantehûs skûlje mei foar de rein, ûnstiet der in bysûndere freonskip. It hûs fan Miss Dee ûnderoan ‘e dyk is foar Silke in oare wrâld, se komt dêr graach. Se leart in protte fan dy âld-learares dy’t har in bytsje iensum fielt op it Fryske plattelân. Sa komt Silke stadichoan mear te witten oer it libben fan Miss Dee yn Ingelân en fansels ek oer de Ingelske taal!

Silke hat it net altyd maklik op skoalle, se kin hiel goed leare, mar se wurdt ek faak pleage troch twa famkes út har klasse. Miss Dee leart Silke om sterk yn it libben te stean: to be strong! As Miss Dee no oan de ein fan har libben mar net wer ferhuzet nei Ingelân …

Het boekje is drietalig: Fries, Nederlands en Engels.

Boekgegevens
Silke & Miss Dee
Auteur: Baukje Wytsma
Illustraties: Carla van der Heijde
Verkoopprijs: € 14,95
Aantal pagina’s: 103
ISBN: 9789493159235
Uitvoering: hurd kaft
Leeftijd: 10+
Afûk, Leeuwarden 2020
www.websjop.afuk.frl