Het ‘fergetten wurd’ van donderdag 12 mei is ‘lêbich’
Betsjutting
Smeulsk, spitich, ûnfreonlik en sneu, haatlik, eamelich, seurderich, nei lêb smeitsjend.
Synonimen
Eamelich , seurderich , smeulsk , haatlik, ferfelend, traach, sleau
Utdrukkingen
Lêbige tsiis, goare molke. Ek lêbje: haatlik prate, eamelich, seurderich prate.
Wêr komt it wei?
Lêbich seit men fan guod dat soer en ferkeard wurden is. Yn de bou wurdt ek wolris fan lêbich sân praat, dat is dan sêft sân dat yn de spesy net goed hurd wurdt. It ferwiist nei de fierde mage fan de ko. It maachsop fan noftere keallen waard eartiids brûkt om tsiis mei te meitsjen. As it by de molke dien wurdt stremmet it en ûntstiet der brok (wrongel). It begjin fan tsiis dus. Leb smakket soer, net oangenaam. Sa is it dus ek in wurd wurden om ‘soer’ en ûnoangenaam gedrach te beneamen. It giet om in hiele rige fan irritant gedrach: haatlik, seurderich, flau, ûnfreonlik, traach prate, klierich. Kinst lêbich wêze, mar ek lêbich prate, dan bist oan it lêbjen.
De útspraak fan it wurd past ek hiel goed by it gefoel dat it útdrukt. Dat komt fansels troch dy ‘ê’ klank, of ‘blèèèh’-klank. ‘Ik hâld hjir no mei op, want ik wurd lêbich fan it lêbjen…’
Meer ‘fergetten wurden’
Donderdag 16 juni is er weer een ‘fergetten wurd’. Stem om plm. 15.10 uur af op Omrop Fryslân en luister naar het programma ‘Goeiemiddei‘. Kijk hier voor meer ‘fergetten wurden’.