It ‘fergetten wurd’ fan 12 maaie is ‘lêbich’

Frije tiid Leare & ûnderwiis Oer it Frysk Op it wurk
12 maaie 2022
Alle moannen besprekt Mirjam Vellinga in bysûnder of fergetten Frysk wurd op Omrop Fryslân Radio yn it programma 'Goeiemiddei' mei Johan Terpstra en Diana de Groot. Hjoed gie it oer it wurd 'lêbich'.

Betsjutting
Smeulsk, spitich, ûnfreonlik en sneu, haatlik, eamelich, seurderich, nei lêb smeitsjend.

Synonimen
Eamelich , seurderich , smeulsk , haatlik, ferfelend, traach, sleau

Utdrukkingen
Lêbige tsiis, goare molke. Ek lêbje: haatlik prate, eamelich, seurderich prate.

Wêr komt it wei?
Lêbich seit men fan guod dat soer en ferkeard wurden is. Yn de bou wurdt ek wolris fan lêbich sân praat, dat is dan sêft sân dat yn de spesy net goed hurd wurdt. It ferwiist nei de fierde mage fan de ko. It maachsop fan noftere keallen waard eartiids brûkt om tsiis mei te meitsjen. As it by de molke dien wurdt stremmet it en ûntstiet der brok (wrongel). It begjin fan tsiis dus. Leb smakket soer, net oangenaam. Sa is it dus ek in wurd wurden om ‘soer’ en ûnoangenaam gedrach te beneamen. It giet om in hiele rige fan irritant gedrach: haatlik, seurderich, flau, ûnfreonlik, traach prate, klierich. Kinst lêbich wêze, mar ek lêbich prate, dan bist oan it lêbjen.

De útspraak fan it wurd past ek hiel goed by it gefoel dat it útdrukt. Dat komt fansels troch dy ‘ê’ klank, of ‘blèèèh’-klank. ‘Ik hâld hjir no mei op, want ik wurd lêbich fan it lêbjen…’

Mear fergetten wurden
Tongersdei 16 juny is der wer in ‘fergetten wurd’. Stim om plm. 15.10 oere ôf op Omrop Fryslân en harkje nei it programma ‘Goeiemiddei‘. Sjoch hjir foar mear ‘fergetten wurden’.