Het ‘fergetten wurd’ van donderdag 14 juli is ‘weit’
Betekenis
Weit: tarwe, moal fan tarwe
Weiten: fan weit (tarwe). Yn it gefal fan hinnen: mei kleure plakjes, spikkele
Vertaling
Tarwe, gepeld, bleek, ziekelijk, halfzacht, verwijfd.
Uitdrukkingen
In weiten hin/mantsje wêze: in syklik, bleek, ferweakke persoan/man wêze.
Ien fan de harkers fan ‘Goeiemiddei’ kaam mei de fraach wat ‘weiten’ is en wêr’t ‘weiten koekje’ weikomt.
Weiten koekje betsjut eins in koekje fan ‘tarwe’. Yn it Frysk is tarwe ‘weet’ of ‘weit’. Tink ek oan grouweiten bôle (volkorenbrood). Yn it Nederlânsk waard ‘weit’ earder ek wol brûkt, mar komst it no eins allinnich noch mar tsjin yn ‘boekweit’. En dat ‘boek’ slacht dan net op it ding datst lêze kinst, mar op de beam de ‘beuk’, yn it Frysk in ‘bûk’, wylst ‘boekweit’ yn it Frysk dan frjemd genôch wer ‘boekweit’ is en gjin ‘bûkweit’.
Yn it Ingelsk is tarwe ‘wheat’, dus sawat itselde as yn it Frysk. En yn it Dútsk is it Weizen, by ús benammen bekend fan it Weizen-bier.
Dat is dus bier fan tarwe. Nei alle gedachten komme de beneamingen ‘wytbier’, witbier’ en ‘Weißbier hjir ek wei en slacht it net op de kleur, mar is it in ferbastering fan ‘weit’. Mar… weit is dan wer ôfkomstich fan it wurd ‘wyt, Weiß, white, wit’, fanwege de kleur fan it moal, dus úteinlik komt it wol wer fan de kleur…
Meer ‘fergetten wurden’
Donderdag 22 september is er weer een ‘fergetten wurd’. Stem om plm. 15.10 uur af op Omrop Fryslân en luister naar het programma ‘Goeiemiddei‘. Kijk hier voor meer ‘fergetten wurden’.