It ‘fergetten wurd’ fan tongersdei 14 july is ‘weit’
Betsjutting
Weit: tarwe, moal fan tarwe
Weiten: fan weit (tarwe). Yn it gefal fan hinnen: mei kleure plakjes, spikkele
Oersetting
Tarwe, gepeld, bleek, ziekelijk, halfzacht, verwijfd.
Utdrukkingen
In weiten hin/mantsje wêze: in syklik, bleek, ferweakke persoan/man wêze.
Ien fan de harkers fan ‘Goeiemiddei’ kaam mei de fraach wat ‘weiten’ is en wêr’t ‘weiten koekje’ weikomt.
Weiten koekje betsjut eins in koekje fan ‘tarwe’. Yn it Frysk is tarwe ‘weet’ of ‘weit’. Tink ek oan grouweiten bôle (volkorenbrood). Yn it Nederlânsk waard ‘weit’ earder ek wol brûkt, mar komst it no eins allinnich noch mar tsjin yn ‘boekweit’. En dat ‘boek’ slacht dan net op it ding datst lêze kinst, mar op de beam de ‘beuk’, yn it Frysk in ‘bûk’, wylst ‘boekweit’ yn it Frysk dan frjemd genôch wer ‘boekweit’ is en gjin ‘bûkweit’.
Yn it Ingelsk is tarwe ‘wheat’, dus sawat itselde as yn it Frysk. En yn it Dútsk is it Weizen, by ús benammen bekend fan it Weizen-bier.
Dat is dus bier fan tarwe. Nei alle gedachten komme de beneamingen ‘wytbier’, witbier’ en ‘Weißbier hjir ek wei en slacht it net op de kleur, mar is it in ferbastering fan ‘weit’. Mar… weit is dan wer ôfkomstich fan it wurd ‘wyt, Weiß, white, wit’, fanwege de kleur fan it moal, dus úteinlik komt it wol wer fan de kleur…
Mear fergetten wurden
Tongersdei 22 septimber is der wer in ‘fergetten wurd’. Stim om plm. 15.10 oere ôf op Omrop Fryslân en harkje nei it programma ‘Goeiemiddei‘. Sjoch hjir foar mear ‘fergetten wurden’.