Het ‘fergetten wurd’ van donderdag 23 februari is ‘lins’

Leren & onderwijs Op het werk Over het Fries Vrije tijd
23 februari 2023
Iedere maand bespreekt Mirjam Vellinga een bijzonder of vergeten Fries woord op Omrop Fryslân Radio in het programma 'Goeiemiddei' met Johan Terpstra en Diana de Groot. Vandaag ging het over het woord 'lins'.

Betsjutting
Frije tiid, tiid dat net wurke wurdt.

Oersetting/synonym
Rêst, skoft. Nederlânsk: rust, pauze. Ingelsk: rest, break.

Wêr komt it foar?
Lins komt noch wolris foar yn de nammen fan húskes. Op Skiermûntseach is in fakânsjehúske dat Efkes Lins hjit en by Marknesse is in miny-kemping mei de namme Efkes-Lins. Op de website fan it fakânsjehúske stiet de útlis fan de namme derby: Fries voor ‘Even ontspannen’.

Wêr komt it wei?
‘Lins’ yn it Nederlânsk ‘lens’ hat as betsjutting ‘leech’ en ‘krachteleas’ of ‘slop’ en ek ‘kalm’, ‘rêstich’ of ‘sêft’. De útdrukking ‘iemand lens slaan’ komt hjir ek wei. Immen sa slaan dat er gjin krêften mear hat, leech is. Ek yn it Frysk betsjut ‘lins’ ‘leech’. De pomp is ‘lins’ (der sit gjin wetter mear yn).

Ast lins hast, hast dus ‘lege tiid’; tiid foar dysels dêrst neat yn hoechst. “Hè,hè, efkes lins.”
It hat in oare wearde as bygelyks ‘skoft’, wat ferwiist nei tiid dy’tst hast om te iten. Tink ek mar oan it Nederlânske ‘schaften’. Yn it skoft moatst dus wat, dy tiid hat in doel.

It is lykas sa faak net hielendal wis wêr’t it wurd syn oarsprong fynt. It soe fan it Aldfrânske lenz komme kinne (krachteleas, slop) en it Latyn lentus: buigzaam, soepel. Yn oare talen komt de foarm ek foar, tink bygelyks oan ‘lithe’ (sprek út as ‘lait’) yn it Ingelsk en linn yn it Noarsk, dat ‘kalm’, ‘myld’ (bygelyks fan it waar) en ‘soepel’ en ‘linich’ betsjut. Fia it Germaanske paad komst dan fia it Proto West Germaaansk, it Proto Germaansk, by it Prot Indo Europeeske ‘lentos’ út.

Hoe dan ek: wat mear lins is goed foar in mins.

Meer vergeten woorden?
Donderdag 23 maart is het weer tijd voor een ‘fergetten wurd’. Stem om plm. 15.10 uur af op Omrop Fryslân en luister naar het programma ‘Goeiemiddei‘. Kijk hier voor meer ‘fergetten wurden’.