It ‘fergetten wurd’ fan tongersdei 23 febrewaris is ‘lins’
Betsjutting
Frije tiid, tiid dat net wurke wurdt.
Oersetting/synonym
Rêst, skoft. Nederlânsk: rust, pauze. Ingelsk: rest, break.
Wêr komt it foar?
Lins komt noch wolris foar yn de nammen fan húskes. Op Skiermûntseach is in fakânsjehúske dat Efkes Lins hjit en by Marknesse is in miny-kemping mei de namme Efkes-Lins. Op de website fan it fakânsjehúske stiet de útlis fan de namme derby: Fries voor ‘Even ontspannen’.
Wêr komt it wei?
‘Lins’ yn it Nederlânsk ‘lens’ hat as betsjutting ‘leech’ en ‘krachteleas’ of ‘slop’ en ek ‘kalm’, ‘rêstich’ of ‘sêft’. De útdrukking ‘iemand lens slaan’ komt hjir ek wei. Immen sa slaan dat er gjin krêften mear hat, leech is. Ek yn it Frysk betsjut ‘lins’ ‘leech’. De pomp is ‘lins’ (der sit gjin wetter mear yn).
Ast lins hast, hast dus ‘lege tiid’; tiid foar dysels dêrst neat yn hoechst. “Hè,hè, efkes lins.”
It hat in oare wearde as bygelyks ‘skoft’, wat ferwiist nei tiid dy’tst hast om te iten. Tink ek mar oan it Nederlânske ‘schaften’. Yn it skoft moatst dus wat, dy tiid hat in doel.
It is lykas sa faak net hielendal wis wêr’t it wurd syn oarsprong fynt. It soe fan it Aldfrânske lenz komme kinne (krachteleas, slop) en it Latyn lentus: buigzaam, soepel. Yn oare talen komt de foarm ek foar, tink bygelyks oan ‘lithe’ (sprek út as ‘lait’) yn it Ingelsk en linn yn it Noarsk, dat ‘kalm’, ‘myld’ (bygelyks fan it waar) en ‘soepel’ en ‘linich’ betsjut. Fia it Germaanske paad komst dan fia it Proto West Germaaansk, it Proto Germaansk, by it Prot Indo Europeeske ‘lentos’ út.
Hoe dan ek: wat mear lins is goed foar in mins.
Mear fergetten wurden?
Tongersdei 23 maart is it wer tiid foar in ‘fergetten wurd’. Stim om plm. 15.10 oere ôf op Omrop Fryslân en harkje nei it programma ‘Goeiemiddei‘. Sjoch hjir foar mear ‘fergetten wurden’.