Niet moeilijk, wel heel leuk: de workshop ‘Taalpsychology’
Tinksto der by nei hokker taal ast brûkst yn kontakt mei oaren? Thús, mei freonen, op it wurk, by de dokter of oan de kassa? Makkest it yn in byienkomst wol ris mei dat ien dy freget om Nederlânsk te praten? Wat dochst dan en hoe fielt dat?
De workshop ‘Psychology fan dyn taal’ biedt ynsjoch yn ‘taalgedrach en – gewoantes’ fan minsken yn it algemien en jout dy hanfetten om keuzes te meitsjen yn dyn eigen taalgedrach. Net omdat it moat, mar omdat it nijsgjirrich is. Fleurich, mei ynhâld en foar elkenien te folgjen. Enne, dielname is fergees!
Doch mei oan de workshop ‘Psychology fan dyn taal’ op ien fan ûndersteande data:
Desimber 2022
Woansdei 7 desimber, Dokkum, 19.30-22.00 oere
Tongersdei 15 desimber, Snits, 19.30-22.00 oere
Sneon 17 desimber, Hearrenfean, 10.00-12.30 oere
Febrewaris 2023
Woansdei 15 febrewaris, Bûtenpost, 19.30-22.00 oere
Sneon 18 febrewaris, Ljouwert, 10.00-12.30 oere
Tongersdei 23 febrewaris, Boalsert, 19.30-22.00 oere
April 2023
Woansdei 12 april, Balk, 19.30-22.00 oere
Woansdei 19 april, Drachten, 19.30-22.00 oere
Sneon 22 april, Frjentsjer, 10.00-12.30 oere
Opjaan dochst fia opjaan@afuk.frl ûnder fermelding fan: dyn namme, wenplak, telefoannûmer en fansels it kursusplak en datum.
Sjoch ek op www.praatmarfrysk.nl foar dizze en mear ynformaasje!