Foto: argyf FLMD, priiswinners 2018

Rely-priisfraach foar 65ste kear iepensteld

Over het Fries Vrije tijd
24 januari 2019
LJOUWERT – De Rely Jorritsmapriisfraach foar Fryske ferhalen en gedichten is wer iepensteld. It is de 65ste kear dat de priisfraach útskreaun wurdt. Wa’t gading meitsje wol, kin in ferhaal en/of fers ynstjoere. In ûnôfhinklike sjuery hifket de ynstjoeringen anonym en kin maksimaal fiif ferhalen en fiif fersen bekroane. Elk bekroand ferhaal of gedicht wurdt honorearre mei €1000. De ynstjoertermyn slút 13 maaie o.s.

Rely Jorritsma (Jellum 1905 – Nijmegen 1952) hie yn syn testamint bepaald dat der alle jierren in priisfraach útskreaun wurde moat foar de bêste fiif gedichten en de bêste fiif ferhalen yn de Fryske taal. Al sûnt 1954 wurdt syn winsk útfierd. Sûnt 2018 wurdt it bestjoer fan it Rely Jorritsma Fûns foarme troch b. en w. fan Ljouwert, de gemeente fan Rely’s bertedoarp Jellum; de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD) rêdt mei de organisaasje.

De ynstjoeringen moatte digitaal as bylage ferstjoerd wurde oan ynfo@stiftingflmd.frl. Namme, adres en telefoannûmer fan de ynstjoerders moatte yn de e-mail fermeld wurde, mar bliuwe geheim foar de sjuery. Foar mear ynformaasje sjoch de webside www.stiftingflmd.frl.

Foto
De priiswinners fan 2018 mei boppe: Koos Tiemersma (lofts) en Lomme Schokker. Under, f.l.n.r.: Paul van Dijk, Edwin de Groot en Sipke de Schiffart. Koos Tiemersma wûn in Rely mei it ferhaal De ereksje fan in oar, Lomme Schokker mei it ferhaal It weagjen fan de see, Sipke de Schiffart mei it  ferhaal In bysûndere moeting. Paul van Dijk krige de priis foar it gedicht Kintsugi foar in diggelbast, Edwin de Groot foar it gedicht Sa as di wynd fan  dae vlekenum wayde. Foar de priisfraach wiene 63 ynstjoeringen ynkommen, t.w. 36 gedichten en 27 ferhalen. De sjuery, besteande út Tryntsje van der Steege (foars.),  Karen Bies en Douwe Kootstra, bekroande 2 fersen en 3 ferhalen. De bekroande ferhalen en gedichten binne publisearre yn Ensafh, jiergong 10, nr. 4r.