Het vergeten woord van donderdag 30 maart is ‘núnderje en reauntsje’
Oersetting: Ned: neuriën / Eng: to hum
Betsjutting
– mei de mûle ticht sjonge sûnder wurden (núnderje en reauntsje)
– fan blêd, see, wetter en reid: sêft rûzje (núnderje en reauntsje)
– sa prate dat it amper te hearren (reauntsje)
Synonimen: ljuentsje , njuentsje, gûnzje, lispelje, flústerje
Wêr komt it foar?
Beide wurden komme net in soad mear foar yn it deistich taalgebrûk. Núnderje wol krekt wat mear as reauntsje. Ik kaam it noch tsjin yn in berjocht fan de Omrop yn koroanatiid: “Der mei net mear songen wurde, omdat dat eventuele besmetting befoarderje kin. Pastoar Ietsje de Boer fynt dat net sa’n grut probleem. De oargelist soarget foar de muzyk en in bytsje meinúnderje mei de mûle ticht kin wol, tinkt De Boer.” En ik kaam sels op it wurd ‘núnderje’ troch in gedicht fan Theun de Vries: ‘Ik woe harren wat tanúnderje, sûnder dat se it fernamen.’ Núnderje is no dus benammen in ‘literêr wurd’ en ik tink datst dat ek fan ‘reauntsje’ sizze meist.
Wêr komt it wei?
Núnderje, ek wol njunderje of nûnje is in Germaansk wurd. Yn it Grinzersk komt it foar as nunen, nunern of nuundern. En yn it Noardfrysk is it nüne. Ek yn de Skandinavyske talen komt it foar: yn it Iislânsk nunna, it Deensk nyne, nynne en it Sweedsk nunna. It wurdt krekt as it Nederlânske ‘neuriën’ beskôge as in onomatopee: in wurd dat in klank neidocht.
By reauntsje leit dat wat oars. Ek dat is in Germaansk wurd. Yn it Nederlânsk is it ‘ruinen’ (ek in fergetten wurd) dat as betsjutting ‘ konkelen’ of ‘mompelen’ hat. Yn it Middelnederlânsk betsjutte it ‘in geheime besprekking hâlde’, ‘flústerje’. Yn it Dútsk komt it as ‘raunen’ foar en yn it Ingelsk as ‘to roun’. Al dy foarmen komme fan it Germaanske wurd ‘rῡnō’. En miskien hast it al yn de gaten, mar dat is itselde as it wurd ‘rune’ fan de runetekens. Dat betsjut ‘skriftteken’, mar ek ‘geheim’, ‘toverspreuk’ of ‘fertroulik petear’. De tekens sels en wat men mei dy tekens die wiene nau mei-inoar ferbûn en waarden gauris brûkt foar magyske boadskippen. Boadskippen dy’t flústere of binnenmûls útsprutsen waarden.
Meer vergeten woorden?
Donderdag 25 mei is het weer tijd voor een ‘fergetten wurd’. Stem om plm. 15.10 uur af op Omrop Fryslân en luister naar het programma ‘Goeiemiddei‘. Kijk hier voor meer ‘fergetten wurden’. Sjoch hjir foar mear ‘fergetten wurden’.