Het ‘fergetten wurd’ van 2 september

Over het Fries Vrije tijd
3 september 2021
Iedere maand bespreekt Mirjam Vellinga een bijzonder of vergeten Fries woord op Omrop Fryslân Radio in het programma 'Goeiemiddei' met Johan Terpstra en Diana de Groot. Donderdag 2 september ging het over het woord 'tsiere'.

Tsiere ek wol tsjiere
Betsjutting: lûd rûzje meitsje, spul meitsje. In tsierbalke is ien dy’t graach bekfjochtet, spul makket. As tsiederich bist dan meist ek graach hakketakje. Tsiederij is ûnienichheid of rûzje mei in soad skellerij en rumoer: tsiere as hingers, as hoantsen, as hûnen en katten, as mosken, as murden, as wyn en wetter.

Synonimen
bekfjochtsje, haffelje, hakketakje, heibelje, hoarnje, kreauwe, tsjanterje.

Wêr komt it wurd wei?
Is der in ferbining mei it Ingelske to cheer (lûd oanmoedigje)? Dat komt fan oarsprong fan it Latynske cara, dat gesicht betsjut en waard yn oarsprong brûkt foar de stimming dêrst yn wiest. Dy koe goed of min wêze. Letter is dat yn it Ingelsk stadichoan mear ferskood nei de positive kant. Wat klank oanbelanget lykje tsiere en cheer fansels bot opinoar, mar it liket my dochs wat te fier socht…

Is der dan in ferbân mei ‘kijven’, dêr’t ‘kibbelen’ ek fanôf komt (yn it Frysk ‘kibje’)? Yn it Frysk hast ek noch it folle ûnbekendere ‘tsifje’, dat ek ‘kijven’ betsjut. Der binne aardich wat wurden dy’t yn it Frysk mei tj of tsj begjinne en yn it Nederlânsk mei in ‘k’ (palatalisearring). Tink mar oan: tsiis-kaas, tsjettel-ketel, tsjerke-kerk, tsjeak-kaak.
Kijven is yn it âldfrysk zîvia, tzîvia. It ferbân mei kijven liket dus it meast logysk. It is fierder net bekend wêr’t it Aldfryske zîvia/tzîvia weikomt.

Mear fergetten wurden
Tongersdei 7 oktober is der wer ín ‘fergetten wurd’. Stim om plm. 15.10 oere ôf op Omrop Fryslân en harkje nei it programma ‘Goeiemiddei‘. Sjoch hjir foar mear ‘fergetten wurden’.