Het ‘vergeten woord’ van donderdag 14 december is ‘Bûke’
Vertaling
Ned: jongetje
Eng: boy
Betekenis
jonkje, mantsje
Waar komt het vandaan?
It wurd ‘bûke’ kinne wy benammen út ‘e Wâlden. It komt fan oarsprong fan it Fryske wurd ‘boai’ of ‘boaike’ en dêr sjochst gelyk fansels al in oerienkomst mei it Ingelske ‘boy’ yn. Ek mei it Dútsk is der in link mei it wurd ‘Bube’, dat ek ‘jonge’ betsjut. It grappige is dat dêr bygelyks ek de efternamme ‘Poepjes’ weikomt. Dútske arbeidsmigranten út Westfalen dy’t earder in soad nei Fryslân ta kamen om op it lân of yn ‘e turf te wurkjen of hannel te dwaan, sprutsen inoar oan mei ‘Bube’. De Friezen ferstiene ‘Buben’ as ‘Poepen’. En sa is dy achternamme dus fan oarsprong ek ûntstien. It Dútske Bube hat no mear de betsjutting fan skurk of boef. En dy lêste is ek wer direkt ferbûn mei boai/boy/bûke.
Boy, boai, bube en bûke geane nei alle gedachten wer werom op de Germaanske namme Bodo, dy’t soks betsjut as ‘boadskipper’ of ‘oanbieder’. Jong personiel waard earder ek wol in ‘jonge’ of ‘boy’ neamd. In betsjinner of ‘bediende’ dus.
Ik fyn eins dat de Harkemase Boys no de Harkemase Bûkemantsjes hjitte moatte en dat kin dan ek moai foar al dy oare fuotbalteams (Friese Boys, Heerenveense Boys). En Foeke Booy moat fansels Foeke Bûke wurde…
Meer vergeten woorden?
Donderdag 25 januari is het weer tijd voor een nieuw ‘fergetten wurd’. Stem om plm. 15.10 uur af op Omrop Fryslân Radio en luister naar het programma ‘Goeiemiddei‘. Kijk hier voor meer ‘fergetten wurden’.