Sykje nei:

Sintrum Frysktalige Berne-opfang

Meartalichheid befoarderet de talige, de sosjale en de yntellektuele ûntwikkeling fan bern. Dat is it útgongspunt fan it Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO). It SFBO helpt liedsters yn it pjuttewurk en de berne-opfang by it foarmjaan fan taalbelied en by it útfieren yn de praktyk. Persoanlik en saakkundich. Foar mear ynformaasje oer it SFBO sjochst op harren […]

Apps foar lytskes

Wolst mei dyn pjut ek Frysk boartsje op de tablet? Der binne prachtige Fryske apps fergees te downloaden yn de App Store of Google Playstore. Apps spesjaal foar pjutten binne bygelyks Tomke, Lytskes, Hantsjes yn ‘e Hichte en It Grutte Foarlêsboek. Besjoch hjir de folder ‘Apps foar lytskes’ of freegje in fergees eksimplaar oan fia ynfo@afuk.frl.

Hokker kursus past by dy?

Twivelsto oer hokker kursus by dy past? Sjoch dan ris by meast stelde fragen op de webside kursus.afuk.frl, meitsje in proefles (kies: fierder gean as gast) of folgje stap foar stap it skema ‘welke cursus Fries kan ik het beste volgen‘.

Afûk Fryske boek- en kadowinkel

Elkenien is fan herten wolkom yn ús moaie, romme boek- en kadowinkel yn it sintrum fan Ljouwert.

Utjouwerij

De útjouwerij fan de Afûk jout mei soarch en oandacht boeken út foar in elk dy’t niget hat oan de Fryske taal.