Der binne in stik as wat organisaasjes dy't opkomme foar de belangen fan it Frysk, of der wittenskiplik ûndersyk nei dogge.

De Fryske Akademy set him yn foar it fûneminteel en tapast wittenskiplik ûndersyk nei de Fryske taal, skiednis en kultuer. Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen  makket diel út fan de Fryske Akademy, en ûndersiket meartalich ûnderwiis en taallearen yn Europa. Tresoar is it bewarplak fan de skiednis fan Fryslân.

DINGtiid advisearret de minister fan Ynlânske Saken en de deputearre fan Fryslân oer saken dy’t te krijen hawwe mei it Frysk. De Ried fan de Fryske Beweging is de belange-organisaasje foar minsken dy’t wiis binne mei Fryslân. De Ried set him yn foar mear romte foar it Frysk en de Fryske kultuer.

It Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) soarget foar de promoasje en beskerming fan it Frysk en Nedersaksysk yn de Europeeske Uny (EU), de Rie fan Europa, harren ynstellingen, en yn Nederlân.