Aginda oersjoch

25 maart 25 juny

Skuorre- en Tsjerketoer ZEA en Tsead Bruinja

Muzikant Arnold de Boer – ZEA – en dichter Tsead Bruinja slaan de hannen ynien en meitsje dit foarjier tegearre in toer troch Fryslân en Amsterdam. Beide makkers presintearje nije ferskes en gedichten yn harren Skuorre- en Tsjerketoer.  ZEA spilet muzyk fan syn yn novimber útbrochte album Witst noch dat d’r neat wie en âld-Dichter des Vaderlands Tsead Bruinja bringt wurk út syn nije bondel Ynbêde/Ingebed. Neist ferskes en foardrachten spylje De Boer en Bruinja tidens de toer, by ferskate pittoreske tsjerkjes, poadia en in skuorre del, ek mei-inoar op poëzy en muzyk op it poadium. Toeroersjoch en tickets fia explore-the-north.nl.

7 maaie 14 augustus

Arcadia

De organisaasje fan Ljouwert-Fryslân 2018 (Kulturele Haadstêd 2018) bringt yn 2022 de earste edysje fan de triënnale Arcadia. Dat ferfolch op LF2018 bestiet út in 100 dagen duorjend kultureel programma, wêrmei’t de organisaasje omtinken freget foar de takomst fan de mienskip, lânskip en erfguod. In kuierjend BOSK yn de strjitten fan Ljouwert, in ynternasjonale, byldzjende keunsttentoanstelling PARADYS yn it grien fan Oranjewâld en in provinsjebreed mienskipsprogramma oer IISbanen, sels en meielkoar dwaan, en klimaatferoaring. Sjoch www.arcadia.frl foar mear ynformaasje.

7 maaie 14 augustus

Utsteld gelok: 100 dagen, 100 ferhalen, 100 lokaasjes

Alle dagen fan it 100 dagen duorjend kultureel programma Arcadia, bringt Utsteld gelok fan Ljouwert UNESCO City of Literature in nij ferhaal op hieltyd in oar, paradyslik plak yn Fryslân. De reade tried: de syktocht nei skientme yn en nei de hjoeddeiske pandemy. Wat jout ús moed, hokker siedsjes plantsje wy foar de takomst? 100 skriuwers út binnen- en bûtenlân giene oan de slach. Sa’n 15 fertellers/foarlêzers bringe de ferhalen, 100 dagen op in rige, foar jim oer it fuotljocht. Tagong fergees! Foar mear (praktyske) ynformaasje sjochst hjir.

19 maaie

Praat mar Frysk taalpraatsje

Stim ôf op Omrop Fryslân Radio en harkje om plusminus 15.10 oere nei it Taalpraatsje fan Praat mar Frysk. Yn it programma ‘Goeiemiddei’ hearst dan de leukste nijtsjes en nijsgjirrige tips oer it Frysk. Bygelyks oer projekten, aktiviteiten en aksjes, oer nije boeken en apps, oer optredens fan skriuwers en dichters, oer nijs út oare lytse taleregio’s en noch in hiel soad oare ûnderwerpen. Harkje mar! Hjoed stiet der in bedriuw sintraal.

20 maaie

Utrikking Simke Kloostermanpriis 2022

Om 15:00 oere yn de Petrustsjerke yn Twizel. Simke Kloosterman is benammen bekend wurden mei har romans foar folwoeksen lêzers, mar ek op it mêd fan de berneliteratuer hat se har sterk profilearre. Fan har hân ferskynden likegoed ferhalen as mearkes, dy’t thús en op skoalle lêzen en foarlêzen waarden. Hanneljend yn de geast fan de auteur, hat it bestjoer fan de Simke Kloostermanstichting yn 1982 besletten om in priis beskikber te stellen foar de bêste Frysktalige berneboekeskriuwer en dêr de namme fan ‘harren’ Simke Kloosterman oan te ferbinen. Lês ek Simke Kloostermanpriis foar ‘It neidiel fan de twivel’ fan I.E. Bloem. – yfm persoanlike omstannichheden is de útrikking útsteld!

1 juny 30 juny

#zomerlezen; wat lêsto dizze simmer?

Yn de moannen juny, july en augustus is it wer tiid foar ‘Zomerlezen’, in (lês)kampanje fan de CPNB. Earder rjochte de kampanje him op it spannende boek mar dizze simmer hat de kampanje in nije foarm en dêrom ek in nij geskink: wa’t yn juny foar minimaal € 15,00 oan boeken keapet, kriget fan de boekhannel in bondel koarte ferhalen kado, gearstald troch ien fan de bekendste boeke-ambassadeurs fan Nederlân: Matthijs van Nieuwkerk. Ek by de Fryske boek- en kadowinkel fan de Afûk!

1 juny

Sutelaksje Spannum

Toanielferiening De Nijlrjochters komt hjoed yn Spannum lâns de doarren mei kroaden fol Fryske boeken. Mei de oankeap fan sa’n moai Frysk boek dochst net allinne dysels in plezier mar sponsorst der ek noch de feriening mei. Mar leafst 25% fan de opbringst giet nei de kas fan de organisearjende klup! Lês der alles oer op www.sutelaksje.nl. De sutelaksje is ien fan de projekten fan Boeken fan Fryslân.

2 juny

Praat mar Frysk taalpraatsje

Stim ôf op Omrop Fryslân Radio en harkje om plusminus 15.10 oere nei it Taalpraatsje fan Praat mar Frysk. Yn it programma ‘Goeiemiddei’ hearst dan de leukste nijtsjes en nijsgjirrige tips oer it Frysk. Bygelyks oer projekten, aktiviteiten en aksjes, oer nije boeken en apps, oer optredens fan skriuwers en dichters, oer nijs út oare lytse taleregio’s en noch in hiel soad oare ûnderwerpen. Harkje mar! Hjoed is Sito yn de útstjoering.

9 juny

Praat mar Frysk taalpraatsje

Stim ôf op Omrop Fryslân Radio en harkje om plusminus 15.10 oere nei it Taalpraatsje fan Praat mar Frysk. Yn it programma ‘Goeiemiddei’ hearst dan de leukste nijtsjes en nijsgjirrige tips oer it Frysk. Bygelyks oer projekten, aktiviteiten en aksjes, oer nije boeken en apps, oer optredens fan skriuwers en dichters, oer nijs út oare lytse taleregio’s en noch in hiel soad oare ûnderwerpen. Harkje mar! Hjoed is Fokke yn de útstjoering.

10 juny

Finale SjONG junior 2022

In superspannende dei foar de 8 finalisten fan SjONG junior, want hjoed is de finale yn skouboarch De Lawei yn Drachten! De presintaasje is yn hannen fan Raynaud Ritsma. De sjuery bestiet út sjonglearares Simone de Witte en dirigint Theo Brouwer. It tredde sjuerylid is noch in ferrassing. De ôfrûnne tiid hawwe de 8 skoallen dy’t har pleatst hawwe, ûnder lieding fan Raynaud Ritsma en oare profesjonele muzikanten, in eigen liet makke. Tsjek ek tsjil.omropfryslan.nl!

13 juny

Sutelaksje Weidum

Muzykferiening De Harmonie komt hjoed yn Weidum lâns de doarren mei kroaden fol Fryske boeken. Mei de oankeap fan sa’n moai Frysk boek dochst net allinne dysels in plezier mar sponsorst der ek noch de feriening mei. Mar leafst 25% fan de opbringst giet nei de kas fan de organisearjende klup! Lês der alles oer op www.sutelaksje.nl. De sutelaksje is ien fan de projekten fan Boeken fan Fryslân.

16 juny

Praat mar Frysk taalpraatsje: fergetten wurden

Yn it programma ‘Goeiemiddei’ op Omrop Fryslân Radio besprekt Mirjam Vellinga alle moannen in bysûnder of fergetten Frysk wurd. Wat bestjut it wurd? Hoe waard of wurdt it brûkt? Wêr komt it wei? Brûke wy no oare wurden en kinne wy dit wurd miskien wer op ‘e nij yntrodusearje? Hjoed is it om plm. 15.10 oere wer tiid foar in nij fergetten Frysk wurd! Nijsgjirrich nei de wurden dy’t al behannele binne? Sjoch dan op ús side ‘fergetten wurden‘.

19 juny

Heitedei

Foar de allerleukste Fryske heitedei-kadootsjes giest fansels nei de Fryske boek- en kadowinkel fan de Afûk. Of shop yn ús websjop, dêr kinst ek te kust en te keur. In selsmakke presintsje fine heiten trouwens ek hiel moai! Doch ynspiraasje op op de Pinterest side fan Tomke. Wolst it hiele jier troch op ‘e hichte bliuwe fan ús produktoanbod en oar nijs fan en oer de Afûk? Meld dy dan oan foar ús nijsbrief.

20 juny

Berneboeke-ambassadeur op besite by De Fûgelsang, Berltsum

De groepen 3, 5 en 6 fan CBS De Fûgelsang yn Berltsum krije hjoed de Berneboeke-ambassadeur (BBA) op besite. Lida sil foarlêze en fragen oer it skriuwersfak beäntwurdzje, mar ek oan it kreatyf skriuwen mei de âldere bern. Wolle jim de BBA ek útnûgje? Allinnich yn de moannen maaie en juny binne noch in pear plakken frij. Opjaan kin fia www.berneboekeambassadeur.frl.

23 juny

Praat mar Frysk taalpraatsje

Stim ôf op Omrop Fryslân Radio en harkje om plusminus 15.10 oere nei it Taalpraatsje fan Praat mar Frysk. Yn it programma ‘Goeiemiddei’ hearst dan de leukste nijtsjes en nijsgjirrige tips oer it Frysk. Bygelyks oer projekten, aktiviteiten en aksjes, oer nije boeken en apps, oer optredens fan skriuwers en dichters, oer nijs út oare lytse taleregio’s en noch in hiel soad oare ûnderwerpen. Harkje mar! Hjoed stiet der in bedriuw sintraal.

24 juny

Sutelaksje Ingelum

Muzykferiening Looft den Heer komt fannejûn yn Ingelum lâns de doarren mei kroaden fol Fryske boeken. Mei de oankeap fan sa’n moai Frysk boek dochst net allinne dysels in plezier mar sponsorst der ek noch de feriening mei. Mar leafst 25% fan de opbringst giet nei de kas fan de organisearjende klup! Lês der alles oer op www.sutelaksje.nl. De sutelaksje is ien fan de projekten fan Boeken fan Fryslân.

25 juny

Sutelaksje Bitgum en Bitgummole

Muzykferiening Looft den Heer komt hjoed yn Bitgum en Bitgummole lâns de doarren mei kroaden fol Fryske boeken. Mei de oankeap fan sa’n moai Frysk boek dochst net allinne dysels in plezier mar sponsorst der ek noch de feriening mei. Mar leafst 25% fan de opbringst giet nei de kas fan de organisearjende klup! Lês der alles oer op www.sutelaksje.nl. De sutelaksje is ien fan de projekten fan Boeken fan Fryslân.

30 juny

Praat mar Frysk taalpraatsje

Stim ôf op Omrop Fryslân Radio en harkje om plusminus 15.10 oere nei it Taalpraatsje fan Praat mar Frysk. Yn it programma ‘Goeiemiddei’ hearst dan de leukste nijtsjes en nijsgjirrige tips oer it Frysk. Bygelyks oer projekten, aktiviteiten en aksjes, oer nije boeken en apps, oer optredens fan skriuwers en dichters, oer nijs út oare lytse taleregio’s en noch in hiel soad oare ûnderwerpen. Harkje mar! Hjoed is Sito yn de útstjoering.

30 juny

Berneboeke-ambassadeur op besite by PCBO De Spreng, Drachten

Hjoed giet de Berneboeke-ambassadeur (BBA) nei PCBO De Spreng yn Drachten om de bern fan de groepen 1, 2 en 3 út Fryske printeboeken foar te lêzen, mar ek bewegingsspultsjes te dwaan oan de hân fan dy boeken. De BBA kin útnûge wurde op skoallen, yn biblioteken en boekhannels. Allinnich yn ’e moannen maaie en juny binne noch in pear plakken frij. Foar mear ynformaasje en opjaan sjochst op www.berneboekeambassadeur.frl.

7 july

Praat mar Frysk taalpraatsje

Stim ôf op Omrop Fryslân Radio en harkje om plusminus 15.10 oere nei it Taalpraatsje fan Praat mar Frysk. Yn it programma ‘Goeiemiddei’ hearst dan de leukste nijtsjes en nijsgjirrige tips oer it Frysk. Bygelyks oer projekten, aktiviteiten en aksjes, oer nije boeken en apps, oer optredens fan skriuwers en dichters, oer nijs út oare lytse taleregio’s en noch in hiel soad oare ûnderwerpen. Harkje mar! Hjoed is Fokke yn de útstjoering.

8 july

BoekmoardBoek

Feest foar lêzers en skriuwers mei de bekendmakking fan de winner fan de moardferhalewedstryd fan Boeken fan Fryslân. Jûn om 20.00 oere yn Café Het Grauwe Paard yn Marsum, tagong fergees. Mei live-optredens fan Sipke de Schiffart, Johan Veenstra, Jetske Bilker, Sjoerd Bottema, Erik Betten én de winner fan de ferhalewedstryd. Muzyk is der fan Reinout Weima en Bokke Rypma.

14 july

Praat mar Frysk taalpraatsje: fergetten wurden

Yn it programma ‘Goeiemiddei’ op Omrop Fryslân Radio besprekt Mirjam Vellinga alle moannen in bysûnder of fergetten Frysk wurd. Wat bestjut it wurd? Hoe waard of wurdt it brûkt? Wêr komt it wei? Brûke wy no oare wurden en kinne wy dit wurd miskien wer op ‘e nij yntrodusearje? Hjoed is it om plm. 15.10 oere wer tiid foar in nij fergetten Frysk wurd! Nijsgjirrich nei de wurden dy’t al behannele binne? Sjoch dan op ús side ‘fergetten wurden‘.

1 septimber

Praat mar Frysk taalpraatsje

Stim ôf op Omrop Fryslân Radio en harkje om plusminus 15.10 oere nei it Taalpraatsje fan Praat mar Frysk. Yn it programma ‘Goeiemiddei’ hearst dan de leukste nijtsjes en nijsgjirrige tips oer it Frysk. Bygelyks oer projekten, aktiviteiten en aksjes, oer nije boeken en apps, oer optredens fan skriuwers en dichters, oer nijs út oare lytse taleregio’s en noch in hiel soad oare ûnderwerpen. Harkje mar! Hjoed stiet der in bedriuw sintraal.

8 septimber

Praat mar Frysk taalpraatsje

Stim ôf op Omrop Fryslân Radio en harkje om plusminus 15.10 oere nei it Taalpraatsje fan Praat mar Frysk. Yn it programma ‘Goeiemiddei’ hearst dan de leukste nijtsjes en nijsgjirrige tips oer it Frysk. Bygelyks oer projekten, aktiviteiten en aksjes, oer nije boeken en apps, oer optredens fan skriuwers en dichters, oer nijs út oare lytse taleregio’s en noch in hiel soad oare ûnderwerpen. Harkje mar! Hjoed is Sito yn de útstjoering.

15 septimber

Praat mar Frysk taalpraatsje

Stim ôf op Omrop Fryslân Radio en harkje om plusminus 15.10 oere nei it Taalpraatsje fan Praat mar Frysk. Yn it programma ‘Goeiemiddei’ hearst dan de leukste nijtsjes en nijsgjirrige tips oer it Frysk. Bygelyks oer projekten, aktiviteiten en aksjes, oer nije boeken en apps, oer optredens fan skriuwers en dichters, oer nijs út oare lytse taleregio’s en noch in hiel soad oare ûnderwerpen. Harkje mar! Hjoed is Fokke yn de útstjoering.

22 septimber

Praat mar Frysk taalpraatsje: fergetten wurden

Yn it programma ‘Goeiemiddei’ op Omrop Fryslân Radio besprekt Mirjam Vellinga alle moannen in bysûnder of fergetten Frysk wurd. Wat bestjut it wurd? Hoe waard of wurdt it brûkt? Wêr komt it wei? Brûke wy no oare wurden en kinne wy dit wurd miskien wer op ‘e nij yntrodusearje? Hjoed is it om plm. 15.10 oere wer tiid foar in nij fergetten Frysk wurd! Nijsgjirrich nei de wurden dy’t al behannele binne? Sjoch dan op ús side ‘fergetten wurden‘.

5 oktober

Sutelaksje Jorwert

Iisklup Jorwert komt hjoed lâns de doarren mei kroaden fol Fryske boeken. Mei de oankeap fan sa’n moai Frysk boek dochst net allinne dysels in plezier mar sponsorst der ek noch de feriening mei. Mar leafst 25% fan de opbringst giet nei de kas fan de organisearjende klup! Lês der alles oer op www.sutelaksje.nl. De sutelaksje is ien fan de projekten fan Boeken fan Fryslân.

5 oktober 16 oktober

Nasjonale Berneboekewike

Dizze wike is it ‘Kinderboekenweek’ yn Nederlân. Fan ‘t jier is it tema ‘Gi-ga-groen’. Fansels is der ek dit jier wer in berneboekewikegeskink. Dizze kear is dat is dat in ferhaal út de rige De waanzinnige boomhut fan de populêre bestsellerauteurs Andy Griffiths en Terry Denton. Bysûnder is dat it geskink fan ‘t jier ek yn in Fryske oersetting te krijen is! By besteging fan op syn minst € 15,00 oan berneboeken krigest it boekewikegeskink kado fan de boekhannel. De Berneboekewike/Kinderboekenweek is in kampanje fan de CPNB.

8 oktober

Sutelaksje Wergea

Filmkafee Bagdad komt dizze sneon yn Wergea lâns de doarren mei kroaden fol Fryske boeken. Mei de oankeap fan sa’n moai Frysk boek dochst net allinne dysels in plezier mar sponsorst der ek noch de feriening mei. Mar leafst 25% fan de opbringst giet nei de kas fan de organisearjende klup! Lês der alles oer op www.sutelaksje.nl. De sutelaksje is ien fan de projekten fan Boeken fan Fryslân.

14 oktober

Sutelaksje Holwert

Muzykferiening Crescendo komt hjoed fan 17.30 oere ôf yn Holwert lâns de doarren mei kroaden fol Fryske boeken. Mei de oankeap fan sa’n moai Frysk boek dochst net allinne dysels in plezier mar sponsorst der ek noch de feriening mei. Mar leafst 25% fan de opbringst giet nei de kas fan de organisearjende klup! Lês der alles oer op www.sutelaksje.nl. De sutelaksje is ien fan de projekten fan Boeken fan Fryslân.

28 oktober 6 novimber

Boekefeest en Fryske Boekewike

Freed 28 oktober traapje wy de Fryske Boekewike feestlik ôf mei it Boekefeest op It Hearrenfean! Spesjale gast is fansels nimmen minder as de skriuwer fan it Frysk Kadoboek: Ferdinand de Jong. Yn de Fryske Boekewike dêrnei, krigest by oankeap fan in boek yn dyn boekhannel it Frysk Kadoboek der fergees op ta. Mear ynformaasje folget. De Fryske Boekewike en it Kadoboek binne in inisjatyf fan Boeken fan Fryslân.

5 novimber

Sutelaksje Gersleat

Toanielferiening Rjocht en Sljucht komt dizze sneontemoarn yn Gersleat lâns de doarren mei kroaden fol Fryske boeken. Mei de oankeap fan sa’n moai Frysk boek dochst net allinne dysels in plezier mar sponsorst der ek noch de feriening mei. Mar leafst 25% fan de opbringst giet nei de kas fan de organisearjende klup! Lês der alles oer op www.sutelaksje.nl. De sutelaksje is ien fan de projekten fan Boeken fan Fryslân.