Tomke
Taalkado
Alle bern dy’t yn Fryslân berne wurde krije fan de provinsje Fryslân in ‘Taalkado’. Yn dit Taalkado kinne nije âlden mear lêze oer it meartalich grutbringen fan bern en ek sitte der in tal brûkbere kadootsjes yn lykas boekjes, in cd en in knuffel. De gedachte efter it Taalkado is dat alle bern dy’t yn Fryslân opgroeie te krijen ha sille mei ferskate talen en dat soks kânsen biedt foar de taalûntwikkeling. Lês mear oer it Taalkado op de website fan heit&mem of op dy fan de provinsje Fryslân.
Tomke foar thús
Op www.tomke.nl kinst ek terjochte foar spultsjes, ferhaaltsjes, filmkes, ferskes en printmateriaal foar thús. Ast dy ynskriuwst foar de nijsbrief fia dy webside, dan krijst tenei al it Tomke-nijs yn dyn mailbox. Sjoch ek ris op Facebook en Pinterest foar ferhaaltsjes, foto’s, printables en ideeën foar aktiviteiten.
Tomke foar professionals
Wurkesto mei pjutten? En wolst it Frysk ek in plakje jaan? Dan is de ‘Doch mear mei Tomke’-aktiviteitemap wat foar dy. De fergese aktiviteitemap jout suggestjes foar aktiviteiten oan liedsters, sadat sy op ienfâldige wize mei de bern mei it Frysk oan ’e slach kinne. Ek is der in digitaal platfoarm, de ‘Tomketeek’, dêr’t spesjaal foar professionals al it Fryske materiaal foar pjutten sammele is. Mear witte oer Tomke foar professionals? Sjoch op www.tomke.nl.
Sintrum Frysktalige Berne-opfang
Meartalichheid befoarderet de talige, de sosjale en de yntellektuele ûntwikkeling fan bern. Dat is it útgongspunt fan it Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO). It SFBO helpt liedsters yn it pjuttewurk en de berne-opfang by it foarmjaan fan taalbelied en by it útfieren yn de praktyk. Persoanlik en saakkundich. Foar mear ynformaasje oer it SFBO sjochst op harren webside.
Apps foar lytskes
Wolst mei dyn pjut ek Frysk boartsje op de tablet? Der binne prachtige Fryske apps fergees te downloaden yn de App Store of Google Playstore. Apps spesjaal foar pjutten binne bygelyks Tomke, Lytskes, Hantsjes yn ‘e Hichte en It Grutte Foarlêsboek. Der komme iderkear mear Fryske apps, ek foar lytskes. Bestel de flyer ‘Apps foar lytskes’ fergees fia de Afûkwebsjop. Op de website fan heit&mem fynst ek in moai oersjoch fan apps foar bern fan 1 jier ôf.
Fryske Foarlêswike
Alle jierren yn de earste folle wike fan juny wurdt de Fryske Foarlêswike organisearre troch de ‘Kommisje Foarlêzen’ fan it Selskip foar Fryske Tael en Skriftekennisse yn gearwurking mei de Tomke-wurkgroep. Hûnderten foarlêzers gean yn dy wike op besite by pjutteplakken, deiferbliuwen en gastâlden om dêr foar te lêzen.
Spesjaal foar de Fryske Foarlêswike wurdt alle jierren in nij Tomke-boekje makke, dat de pjutten fergees mei nei hûs krije as der in foarlêzer by har op de opfang west hat. Sa kinne bern en âlden thús ek noch genietsje fan de aventoeren fan Tomke en syn freontsjes.
Mear ynformaasje oer de Fryske foarlêswike stiet op Tomke.nl.
Foarlêsgids
Foarlêzen fersterket de bân mei dyn bern en is goed foar de opbou fan de wurdskat en fierdere taalûntwikkeling. Foar it twatalich grutbringen fan bern is it aktyf stimulearjen fan de Fryske taal fan de berte ôf belangryk. Yn de Foarlêsgids stiet ynformaasje oer meartaligens en wurde tips jûn foar moaie Fryske berneboeken en it foarlêzen oan bern yn alle leeftiden. Ek stiet der in oersjoch yn fan alle Fryske apps foar bern. DeFoarlêsgids wurdt elk jier aktueel makke en aktyf ferspraat troch ûnder oaren bibleteken. Bestel de Foarlêsgids fergees yn de Afûk-websjop.