It Frysk wurdt benammen sprutsen op de fêstewâl fan 'e Nederlânske provinsje Fryslân.

Yn de Stellingwerven yn it súdeasten, eastlik Kollumerlân yn it noardeasten en it Bilt, de âlde mûning fan ‘e Middelsee, yn it noarden, prate se in streektaal. Op ‘e Waadeilannen wurdt Frysk sprutsen op Skiermûntseach en op de westlike en eastlike úteinen fan Skylge, mar net op it Amelân of Flylân, en likemin yn ‘e omkriten fan it doarp Midslân, midden op Skylge. Fierders prate se ek Frysk yn in lyts part fan ‘e provinsje Grinslân dat tsjin Fryslân oanleit, yn ‘e trijehoeke dy’t bestiet út ‘e plakken Mearum, De Wylp en De Grinzer Pein.

Dêrneist binne der sa’n 150.000 Frysktaligen dy’t net yn Fryslân wenje.

Neffens skattingen yn it meast resinte wittenskiplik ûndersyk kin 95% fan de ynwenners fan Fryslân it Frysk goed of aardich ferstean. De tabel hjirûnder is makke op basis fan sifers út de fluchhifking fan de Fryske Taalatlas (2015) en de taalsosjologyske survey: ‘Taal yn Fryslân, de folgjende generaasje’ (2018) fan de Fryske Akademy.

Ferstean

Prate

Lêze

Skriuwe

Hiel maklik/goed

85%

65%

55%

15%

Frij goed/aardich

10%

10%

20%

15%