In kursus Frysk folgje kin by de Afûk yn allerhande foarmen: fan Frysk ferstean oant Frysk skriuwen en fan selsstúdzje oant in kursus op maat. Der binne ek kursussen oer de skiednis en kultuer fan Fryslân en it is mooglik om in oplieding ta taaldosint Frysk te dwaan.

Foar in folslein oersjoch sjochst op kursus.afuk.frl. Kinst ek fergees in kursusbrosjuere oanfreegje. Mail dan dyn namme en folsleine adres nei kursus@afuk.frl.

 

Yn groepsferbân

De Afûk fersoarget in grut ferskaat oan kursussen Frysk yn groepsferbân: op lokaasje én online. Foar net-Frysktaligen binne der de modules Fries verstaan basis en Fries verstaan vervolg, om it Frysk te ferstean en te lêzen, en Fries spreken basis en vervolg om it praten te learen. It ferfolch dêrop is de konversaasjekursus. In kursus Frysk skriuwen basis is foar dejinge dy't it Frysk wol prate en lêze kin, mar it ek graach skriuwe kinne wol. Ferdjipping is te finen yn de kursussen Frysk skriuwen ferfolch en Taal, kultuer en skiednis. Mear

Selsstúdzje

Ast net yn de gelegenheid bist om in groepskursus te folgjen, is it ek mooglik om in selsstúdzje te dwaan. Kinst begjinne as it dy útkomt, en de lessen meitsje yn dyn eigen tempo. Mear

Workshops

Wolst leare wat taal mei dy docht, en hoe’tst taal ynsette kinst yn kontakt mei oarstaligen, of wolst mear witte oer it ynsetten fan de eigen taal yn soarchsituaasjes? Ynformearje dan nei ús workshops. Wy kinne bygelyks in workshop Frysk skriuwen foar de redaksje fan in doarpskrante organisearje, útlis jaan oer it belang fan taal yn de âldereinsoarch of ûndernimmers en ûndernimmersferienings tips jaan oer it ynsetten fan Gastfrij Frysk.

Nim foar mear ynformaasje kontakt mei ús op fia e-mail of belje 058-2343079