By de Afûk giet alles oer taal, de Fryske taal yn it bysûnder. Al mear as 90 jier jout de Fryske taal en kultuer ús besteansrjocht wêrby’t it ferskaat oan wurksumheden binnen de Afûk geandewei de jierren hieltyd grutter wurden is. Wy hawwe de winkel, de útjouwerij, de kursussen en de ûnderwiismetoaden, mar wy wurkje dêrnjonken ek oan in hiel soad wikseljende projekten en kampanjes.
Taalpromoasje, taaloerdracht en kultueroerdracht
De wurksumheden by de Afûk binne yndield yn trije ôfdielingen: taalpromoasje, taaloerdracht en kultuerpromoasje. Dy trije pylders steane lykwols net elk op himsels. Dêr’t dat moat of mooglik is, sykje wy ferbiningen. Net allinne yntern mar ek ekstern mei oare organisaasjes yn Fryslân en dêrbûten.
Mear
Tomke
Tomke is in foarlês- en taalstimulearringsprogramma yn it Frysk foar pjutten. It projekt wol âlders en profesjonele opfieders ynformearje oer it brûken fan taal yn ’e omgong mei jonge bern. Foarlêzen, ferskesjongen, (taal)spultsjes en oandacht foar de deistige saken binne wichtich foar alle talen, dus ek foar it Frysk.
Mear
Taalkado
Bern yn Fryslân skriuwe harren libbensferhaal yn in meartalige provinsje. Dat begjint by de berte. En mei in kado fol taal. In taalkado foar no en letter.
Mear
Frysk yn ’e soarch
Taal is bepalend foar it wolwêzen fan minsken dy't soarch nedich hawwe. Fiel ik my thús, fielt it fertroud, bin ik op myn gemak? Dat gefoel hinget gear mei de taal dy’t troch fersoargers sprutsen wurdt.
Mear
Frysk by de oerheid
It brûken fan it Frysk is by in soad gemeenten en oare oerheidsynstellingen yn Fryslân fanselssprekkend. Wêrom soe in gemeente dan taalbelied hawwe moatte en wat heakket in oardering dêroanta?
Mear
Frysk foar bedriuwen
De measte Fryske bedriuwen en organisaasjes stean posityf foar it brûken fan it Frysk oer. It brûken fan de taal fan de klant fergruttet de klanttefredenheid, fersterket de identiteit as Frysk bedriuw en is in goede klantebiner. Gastfrij Frysk neame we dat. Mar hoe stimulearrest it brûken fan it Frysk no? Watfoar helpmiddels binne der beskikber? Hoe dogge oare bedriuwen dat en wat kinst dêrfan leare?
Mear
Kursussen en Frysk yn it ûnderwiis
De Afûk is dé Fryske kursusorganisaasje. Mar, wy organisearje net allinne kursussen Frysk, wy ûntwikkelje ek ferskate (digitale) lesmetoades foar it ûnderwiis.
Mear
Praat mar Frysk
Mei de Praat mar Frysk-kampanje wolle wy Friezen bewust meitsje fan ús taal en identiteit en de mearwearde sjen litte fan ús meartaligens. Simpel sein: drompels fuortnimme om it Frysk te brûken. Praat mar Frysk by de bakker, bank, dokter, it gemeenteloket, yn de bus en op it sportfjild, omdat it kin!
Mear
Berneboekeambassadeur (BBA)
Skriuwster Lida Dykstra is de Berneboekeambassadeur (of koartwei BBA) fan Fryslân. Fan jannewaris 2020 ôf jout Dykstra twa jier lang in gesicht oan de promoasje fan Fryske berneboeken en de Fryske taal.
Mear
Ynternasjonale netwurken en projekten
De Afûk hat sterke ynternasjonale konneksjes mei oare minderheidstaleregio’s en – organisaasjes op it mêd fan taalpromoasje en edukaasje. Wy fine it tige weardefol om kennis en ekspertize út te wikseljen mei ús Europeeske partners en wurkje graach mei oan foar ús relevante ynternasjonale projekten. Dêrby rjochtsje wy ús op duorsume gearwurking. De Afûk wurket gear mei it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen en is lid fan it NPLD (Network to Promote Linguistic Diversity) en ELEN (European Language Equality Network).
Mear
Boeken fan Fryslân
Boeken fan Fryslân is in projekt fan de Afûk dat him rjochtet op de promoasje fan álle Fryske boeken. Mei bygelyks sutelaksjes en alternative ferkeappunten mar ek mei in Frysk boekewikegeskink, it fersoargjen fan optredens troch skriuwers en dichters, de berneboekeambassadeur en de dichter fan Fryslân.
Mear