Tegearre mei kollega’s fan oare taal- en ûnderwiisynstellingen, wurkje wy yn opdracht fan de Provinsje Fryslân yn it Taalplan Frysk 2030 oan de trochgeande learline. Wy ynvestearje mei Taalplan Frysk 2030 yn de kwaliteit fan Frysk ûnderwiis op alle ûnderwiisnivo’s. Sa komme bern en jongerein fan alle jierren yn oanrekking mei de Fryske taal, fan berne-opfang oant heger ûnderwiis.
Pjutten krije it Frysk mei fia Tomke. Foar it basisûnderwiis is der de digitale metoade Spoar 8.It fuortset ûnderwiis hat de digitale lesmetoade Searje 36 foar it Frysk, en foar it mbû is der in basisline Frysk en binne der foar ferskate sektoaren nije materialen yn ûntwikkeling. Fierder biede wy in breed kursusoanbod foar folwoeksenen en bedriuwen.