Op it mbû wurkje studinten oan harren persoanlike en profesjonele ûntwikkeling. It grutste part fan de mbû studinten bliuwt nei de oplieding wurkjen en wenjen yn de provinsje. Ut de praktyk wei is de fraach nei wurknimmers dy’t de Fryske taal behearskje frij grut. Dêrom ûntwikkelje wy yn gearwurking mei de mbû-ynstellingen ROC Friese Poort, Friesland College en Aeres (foarhinne Nordwin College) programma’s foar taalbewustwêzen en taalhâlding. Dêrnjonken jouwe wy studinten de mooglikheid om te wurkjen oan taalfeardichheden; feardichheden dy’t sy brûke kinne yn it deistich libben en harren eigen beropspraktyk.

Boargerskip

Underwiis yn it mbû betsjut mear as studinten allinne mar tariede op harren professy. Ek de persoanlike ûntwikkeling fan de studinten is in wichtich part fan de oplieding. It fak boargerskip spilet hjir in rol by. Mear

Taalbewustwêzen yn de beropspraktyk

Ut ferskate ûndersiken docht bliken dat passend taalgebrûk op de wurkflier soarget foar sukses. It giet dêrby net allinne om de krekte wurdkar, mar benammen om it kiezen fan de taal dy’t it bêste oanslút by de gesprekspartner. Mear

Kardiel Frysk

Fansels kinne mbû-studinten ek wurkje oan harren taalfeardigens Frysk. Oan ‘e hân fan 40 generike lessen leare sy mear oer de stavering en grammatika en tagelyk wurkje sy oan oansprekkende praktykopdrachten. Mear

Taalplan Frysk 2030

Mei it Taalplan Frysk ynvestearje wy yn de kwaliteit fan Frysk ûnderwiis op alle skoallen en alle ûnderwiisnivo’s. Taalplan Frysk 2030 is in gearwurking fan Afûk, Cedin, Fers, Keunstwurk, NHL Stenden, Omrop Fryslân, Semko, SFBO en de provinsje Fryslân. Frysk, foar no en letter. Mear witte? Sjoch dan op www.taalplan.frl.