De Afûk is in aktive, ûndernimmende organisaasje, dy’t as doel hat om de Fryske taal oeral yn ús Fryske mienskip in folweardich plak te jaan. Wy hawwe in Fryske boek- en kadowinkel en in útjouwerij, wy jouwe Fryske kursussen en workshops en wy ûntwikkelje ûnderwiismetoaden foar pjutteplakken en skoallen. Dêrneist wurkje wy oan in hiel soad wikseljende projekten en kampanjes foar alle leeftiden om de Fryske taal en literatuer te promoatsjen. Der wurkje sa’n 35 minsken by de Afûk.

Op dit stuit is der 1 fakatuere by de Afûk:

Twa kear yn it jier wurde kursussen Frysk jûn fan tsien lessen, sawol jûns as oerdeis en op ferskate plakken yn Fryslân. Omdat it tal kursussen tanimt, sykje wy nije lesjouwers Frysk!
Wolsto as dosint de Fryske taal en kultuer oan folwoeksenen oerbringe en minsken entûsjast meitsje foar it Frysk? Dan komme wy graach mei dy yn kontakt!

Wy sykje in: LESJOUWER FRYSK
Hasto it foech Frysk (fû of Afûk-akte) of hasto de ambysje om dat te heljen? Stjoer dan foar 1 febrewaris in mailtsje nei: kursus@afuk.frl of belje mei 058-2343070.

Neidat wy mei inoar yn ’e kunde kommen binne en wy beide entûsjast binne, folget in oerienkomst foar it tal oeren fan de kursus dy’tst jaan silst. Dy oerienkomst kin útwreide wurde mei de oeren fan meardere kursussen, dat kinst hielendal sels beslute.

Mear ynformaasje fynst op: kursus.afuk.frl/taaldosint-wurde