Muzyk wurdt oeral makke, ek yn Fryslân en yn it Frysk. Muzyk foar alle leeftiden en yn alle soarten en maten: koaren, korpsen, bands, singer/songwriters, (sjong)festivals, konserten, modern, tradisjoneel, eksperimenteel, snoeihurd ... Kinst yn Fryslân alle kanten op, ek wat muzyk oanbelanget.

By de Afûk meitsje wy by tal fan projekten tankber gebrûk fan dy muzikale rykdom. Frysk leare kin bygelyks hiel goed mei Fryske songteksten en de âldereinsoarch brûkt in soad muzyk en ferskes fan eartiids. Fansels is in soad (Fryske) muzyk online te finen, mar yn de Afûk boek- en kadowinkel fynst ek in karút oan Fryske muzyk op cd. Op syk nei Fryske berneferskes? Lês dan hjir fierder.

Op de Fryske regionale stjoerder Omrop  Fryslân hearst geregeld Frysktalige muzyk. Oan de ein fan it jier is der tradysjoneel de Fryske Top 100. Ek Frysk FM is in stjoerder dêr’t geregeldwei Frysktalige muzyk en muzyk fan Fryske boaiem op te hearren is.

Op startside.frl, in inisjatyf fan de Ried fan de Fryske Beweging, fynst njonken it lêste muzyknijs fan It Nijs ek in oersjoch fan sjongers, sjongeressen en bands.

Sjoch foar mear ynformaasje oer Frysktalige muzyk ek ûnder it kopke Deropút op dizze webside.

 

Berneferskes