In goed kontakt en in goede relaasje mei de soarchfreger hingje nau gear mei de kwaliteit fan de soarch dy’t jûn wurdt. It taalgebrûk bepaalt de ôfstân tusken fersoargjende en soarchfreger. It brûken fan de memmetaal makket dy ôfstân lytser, wylst it prate moatten fan de standerttaal dy ôfstân krekt grutter makket.
De Afûk biedt mei it projekt Frysk yn ‘e soarch ynformaasje, foarljochting en advys oan soarch- en wolwêzensprofesjonals (yn oplieding) dy’t wurkje yn in meartalige regio. Yn gearwurking mei soarchorganisaasjes wurdt wurke oan ynformaasjemateriaal yn de eigen taal en meartalige helpmiddels foar de soarch. Sjoch www.friesindezorg.frl.