Fanút de Fryske Beweging wurdt yn 1928 de Algemiene Fryske Underrjochts Kommisje oprjochte, ôfkoarte ta AFUK en letter koartwei oantsjutten mei de eigennamme Afûk. De kommisje krijt twa taken: Frysk ûnderrjocht fersoargje foar de heechste klassen fan de legere skoallen en kursisten opliede ta de Fryske akte om dêrmei Fryske les jaan te kinnen.

Yn de jierren ’60 komme dêr de kursussen foar net-Frysktaligen by en as it fak Frysk yn it fuortset ûnderwiis wetlik mooglik makke wurdt, wurde dêr ek learmiddels foar ûntwikkele. Neist kursusynstitút wurdt de Afûk yn de santiger jierren dan ek útjouwer fan learmiddels en oare útjeften, en komt der in winkel foar dizze útjeften.

It kursusoanbod wurdt stadichoan grutter en as útjouwer makket de Afûk in grutte sprong troch de útjefte fan in grut tal printeboeken foar bern. De jierren ’90 stean yn it teken fan fierdere profesjonalisearing en in effisjintere organisaasje. Nei’t yn 1990 Utjouwerij Fryslân oernommen is, jout de Afûk ek literêre wurken út en soarget foar in mear eigen Fryske berneboekeskriuwerskultuer.

Om it draachflak foar it Frysk yn Fryslân te ferbreedzjen wurdt yn dy tiid ek it Stipepunt Frysk oan de Afûk taheakke. Ynearsten betsjut dat it fersoargjen fan de ‘F-side’ yn de Fryske deiblêden, mar ek projekten lykas Tomke en Datwiedoesa, it jaan fan advizen oer taalbelied en foarljochting oer it meartalich grutbringen fan bern hearre dêrby.

By gelegenheid fan it 90-jierrich bestean fan de Afûk ferskynde der yn 2018 in spesjale útjefte fan ‘de Moanne’: it jout in moai ‘inkijkje’ yn it wurk fan ferskate meiwurkers fan de Afûk. By Oer de Afûk kinst it beliedsplan fan de Afûk downloade en mear lêze oer ús doelen en plannen foar de kommende jierren.