Foar de promoasje fan en ynformaasjefoarsjenning oer it Frysk makket de Afûk promoasjemateriaal en brosjueres. Fergees te krijen, op papier of digitaal.

Praat mar Frysk
Wolst sjen litte dat der Frysk tsjin dy praat wurde kin of datst it Frysk in waarm hert ta draachst, dan kinst fia de webshop fan Praat mar Frysk in ferskaat oan  promoasjemateriaal bestelle. Sa as bygelyks de Praat mar Frysk-buttons, stikkers en posters. Hielendal fergees!

Kursussen
In oersjoch fan alle kursussen Frysk fan de Afûk fynst fansels op de spesjale webside kursus.afuk.frl mar, der is ek in papieren brosjuere. Freegje him oan fia kursus@afuk.frl.

Workshops
Tinksto der by nei hokker taal ast brûkst yn kontakt mei oaren? Thús, mei freonen, op it wurk, by de dokter of oan de kassa? Makkest it yn in byienkomst wol ris mei dat ien dy freget om Nederlânsk te praten? Wat dochst dan en hoe fielt dat? Dat alles giet de workshop ‘Psychology fan dyn taal’ oer. Sjoch op praatmarfrysk.nl foar mear ynformaasje. Dizze workshop – al of net yn kombinaasje mei de workshop ‘Taal op it wurk‘ is ek hiel geskikt foar organisaasjes en bedriuwen, mar bygelyks ek foar soarchynstellings. 

Foar rekreatyf ûndernimmers of ûndernimmersferieningen yn it bysûnder biede wy de workshop ‘Gastfrij Frysk: Ambassadeur fan jo streek’. Mear ynformaasje is te finen op praatmarfrysk.nl.

Heit&mem
It heit&mem-magazine leit rûnom yn Fryslân by ferskillende bedriuwen en organisaasjes, lykas biblioteken, skoallen en de Poiesz en is ek online te bestellen en yn te sjen. Sjoch hjir foar mear ynformaasje.

Foarlêsgids
Yn de Foarlêsgids stean de moaiste Fryske boeken en apps, mei foarlêstips foar bern fan 0 oant 12 jier. Besjoch hjir de nijste ferzje of bestel fergees yn ús websjop.

Meartalich opfieden
Ynformaasje oer meartalich opfieden fynst yn de folder Talen kleuren je leven. Oer de ûntwikkeling fan de taal by bern dy’t twa- of meartalich opbrocht wurde, kinst ek mear lêze yn de Taalgroeimeter fan it SFBO. Besjoch hjir de animaasje ‘Meartalich opfiede: hoe dochst dat?’ en lês der mear oer op heitenmem.nl.

Tomke
Ek fan Tomke kinst fan alles downloade. Kleurplaten bygelyks, of tips foar âlden om te nifeljen mei de bern. Wolst graach wurkje mei Tomke? Materialen foar it wurkjen mei it Frysk op bernesintra (foar profesjonals – liedsters, gastâlden, studinten – dy’t wurkje mei jonge bern) fynst ek op de website fan Tomke. Mei ûnder oaren deiritmekaarten, ferhaaltsjes en rúttekeningen. Sjoch hjir foar in oersjoch fan materialen en de Tomketeek. In hiel soad is fergees beskikber.

Wat oars?
Sikest wat oars? Wy tinke graach mei dy mei. Nim kontakt op fia ynfo@afuk.frl.