Der binne ferskillende middels dy't helpe kinne by it Frysk skriuwen. Fan papieren wurdboek oant online staveringshifker, en fan Fryske autokorreksje oant de Praat mar Frysk-app en Oersetter-app.

Platfoarm Fryske taalhelp-apps en games

Op www.taalhelp.frl kin elkenien terjochte foar in wiidweidich oersjoch fan Fryske taalhelp-apps, taalgames en oare digitale taalhelpmiddels. De webside jout in handich oersjoch fan fergeze digitale taalhelpmiddels foar elkenien dy’t flaterfrij Frysk skriuwe wol. Foar jong en âld!

Online wurdboeken en taalhelp

Frysker.nl
Op Frysker.nl fynst taalhelpmiddels foar elkenien dy’t (flaterfrij) Frysk skriuwe wol. Op dizze website, ûntwikkele troch de Fryske Akademy, wurdt jo in ferskaat oan fergees digitaal skriuwark oanbean, lykas in wurdboek, staveringshifker en oersetfunksje.

Google Translate
It Frysk is ek ûnderdiel fan Google Translate. Hjir kinne jo maklik Fryske wurden nei in hiel soad oare talen oersette en oarsom. Lykas by de oaren talen yn Google Translate is dit net in wetterticht systeem. It helpt jo om teksten en wurden te begripen  of te ynterpretearjen, mar it jout net altyd in flaterfrije oersetting.

Wurdboeken en grammatika’s

Der binne ferskillende wurdboeken en grammatika’s en oare taallearboeken te krijen, fan Fries in je pocket oant dielen fan it Wurdboek fan de Fryske taal en Prisma Taaltraining Fries. Kom del yn de winkel of  besjoch it oersjoch yn de webshop fan de Afûk. 

Apps

Fryske Staveringshifker
Op syk nei in staveringshifker foar it Frysk? Sjoch hjir foar útlis en downloads.

De Oersetter-app
Mei de Oersetter-app kinst losse wurden of langere stikken tekst oersette, stavering tsjekke én Fryske synonimen sykje! Hiel handich foar bygelyks in sollisitaasjebrief, in berjochtsje op Instagram of Facebook, in mailtsje, in kaartsje, in reklameboerd yn ‘e tún, in Fryske advertinsje, of gewoan in appke oan dyn freonen of famylje! De Oersetter-app is hielendal fergees en te downloaden yn de Apple appstore en Google Play store. Sjoch ek oersetter-app.nl.

Google Translate-app
It Frysk is ek ûnderdiel fan Google Translate. Fia de app kinne jo maklik Fryske wurden nei in hiel soad oare talen oersette en oarsom. Lykas by de oaren talen yn Google Translate is it net in wetterticht systeem. It helpt jo om teksten en wurden te begripen  of te ynterpretearjen, mar it jout net altyd in flaterfrije oersetting. Fergees te krijen by Google Play en iTunes.

Gboard
Flaters type yn it Frysk op de mobyl hoecht fan no ôf net mear. Google hat autokorreksje foar it Frysk tafoege oan har toetseboerd foar Android-telefoans. De app mei de namme Gboard is fergees te downloaden fia Google Play.

Swiftkey
SwiftKey is al jierren in tige populêre toetseboerdferfanger. Kinst Swiftkey ek brûke yn bygelyks Whatsapp. Swiftkey jout al in foarsizzing fan de wurden en leart ek fan dyn taalgebrûk. Fergees te krijen fia Google Play en iTunes.

Praat mar Frysk-app
Mei de wurdboekfunksje yn de Praat mar Frysk-app hast oeral en altyd in Frysk wurdboek by dy mei audio, Fryske GIFkes en de Blinder of Blunder-taalkwis. Hielendal fergees! Sykje nei ‘Praat mar Frysk’ yn de Apple App Store of de Google Play Store, update of download de Praat mar Frysk-app en do bist der hielendal klear foar!

Prisma wurdboek Frysk
It Prisma wurdboek Frysk is ek as app te krijen. Yn ien app fynst de wurdboeken Frysk-Nederlands en Nederlands-Frysk. It wurket offline en hat by elk trefwurd audio om hearre te kinnen hoe’t in wurd klinkt.
Yn Google Play kostet de Prisma wurdboek Frysk-app €9,99, yn iTunes €10,99

Ingelsk-Frysk wurdboek
De app English Western Frisian dictionary is in Ingelsk Frysk wurdboek, dat offline wurket. De app is fergees te krijen yn Google Play.

Mozilla add-ons
It Frysk Wurdboek bestiet ek as Mozilla add-on. Dy is der foar Firefox en foar Thunderbird.