Oer it Frysk is in protte te fertellen. Sa wurdt der ûndersyk dien nei de behearsking en de skiednis fan it Frysk. Boppedat wurde der yn de provinsje in protte streektalen sprutsen, en libbet it Frysk ek yn Dútslân. Der binne ferskillende organisaasjes en ynstituten dy’t ûndersyk dogge nei en har ynsette foar it Frysk.
In moai filmke as ynlieding op de Fryske taal is makke foar de Kanon fan Fryslân.