Frysk prate is hiel gewoan, ek op it wurk. De Afûk stimulearret dat en wurket oan in sterker imago foar it Frysk.

Mear as de helte fan de Friezen praat fan hûs út Frysk. Yn ’e plattelânsgemeenten leit dat persintaazje sels noch in stik heger: sa’n 70%. Boppedat kin sawat 80% fan de ynwenners fan Fryslân Frysk lêze en kin 98% fan de ynwenners Frysk ferstean. Sawat elkenien dus.

It is dus hiel gewoan om ek op it wurk Frysk te praten. Tsjin dyn klanten, pasjinten en kollega’s. De Afûk stipet op ferskate wizen it brûken fan it Frysk yn it bedriuwslibben, de soarch en by de oerheid.